Dit is in list fan Legindaryske hearskers yn Fryslân

Legindaryske lieders Frya (???-2194 f.Kr.)

Fryske folksmemmen Fasta (2194 f.Kr.-????) Medea Thiania Hellenia (????-2145 f.Kr.) ... Minna (om 2013 f.Kr. hinne) ... Rosamond (1631 f.Kr. -????) Hellicht (om 1621 f.Kr. hinne) ... Frana (??? - 590 f.Kr.) Adela (590 f.Kr.-559 f.Kr.), de fakto [perioade fan ferskillende riken sûnder dúdlike lieder] (590 f.Kr.-306 f. Chr.) Gosa (306 f.Kr.-± 270 f.Kr.), úteinlik tegearre mei earste kening fan Fryslân

Keningen fan Frisii (Friso) thumb|Adel II Atharik ??? Adel I Friso (304 f.Kr.-264 f.Kr.), de fakto Adel II Atharik (264 f.Kr.-???) ... Adel III Ubbo (?? - 70 f.Kr.) Adel IV Asinga Ascon (70 f.Kr.-11) Prontlik (om 60 f.Kr.), folksmem oansteld troch Adel IV Diocarus Segon (11-15) Dibbald Segon (15-28) Tabbo of Maloriks (28-47 of 66-11)

Yn 47 wurdt Fryslân in fazalsteat fan it Romeinske Ryk.

Hûs Askonius Askonius (47-58 of 111-154), fazal Adelbold (47-58 of 154-168), fazal Titus Boiocalus (58 of 168-221), anty-Romeinske usurpator Yn 58 wurdt Fryslân allieard oan it Romeinske Ryk. Ubbo (58-70 of 221-280) Haron Ubbo (70-?? of 280-316) Odilbald (316-341) Udolph Haron (341-373)

Hûs Offo Yn 373 waard Haron omfiersmiten. Richold besocht syn nije hearskippij te legitimisearjen troch it oannimmen fan de titel folcwalda (folkslieder) as fuortsetting fan de 'folksmemmen'. Richold I Offo, Richardus Uffo of Folwalda (373-416) Finn Folcwalding of Finn (416-442), de fakto (net altyd opnommen yn listen) Odilbald II of Odilbold (416-477), pas yn 422 werklik oan 'e macht Richold II (477-540) Beroald (540-597) Audulf (597-628), de fakto (net altyd opnommen yn listen) Adgillis I of Eadgils (597-679) Radbod I of Redbad (668-719), earste jierren tegearre mei syn heit Fan 689 oant 719 wurdt Fryslân ferovere troch it Merovingyske Ryk en ûnderferdield yn East-, Midden, en West-Fryslân Poppo, Hrodbad, Rodbad, Eadgils II, Bubo of Bobba (719-734), de fakto (net altyd opnommen yn listen) Yn 734 wurdt it hiele Fryske Ryk definityf ferovere troch it Merovingyske Ryk Adgillis II (719-748) Gundebold, Gondebold of Poppo (748-760 of 734-777) Radbold II (760-786) Durk fan Fryslân (786-806), de fakto (net altyd opnommen yn listen; allinich op it Amelân)

De 17 Potestaten (troch it folk keazen)

Magnus Forteman (809) Taco Ludigman, dy't it lân tsjin de seerôvers beskerme Adelbrik Adelen (830), dy't by Kollum de oerwinning behelle op in Sweedske hartoch Hessel Hermana (869), in fûleindich strider tsjin de Noarmannen Igo Galema († 886) Gosse Ludigman (989) Sako Reinalda († 1167), ûnder waens bestjoer in soad Friezen nei it Hillige Lân teagen Sikko Sjaerdema (1237), dy't de oanbieding fan greve Willem II, om him de hearskippij oer Fryslân te besoargjen, grutsk ôfwiisde Reinier Kamminga († 1306), dy't yn de striid tsjin de Noarmannen sneuvele Hessel Martena († 1313), dy't Fryslân tsjin de oanfallen fan 'e greven fan Hollân beskerme Juw Juwinga († 29 augustus 1396), yn de slach by Skoattersyl tsjin Albrecht III fan Saksen sneuvele Sytse Dekama Gale Hania Odo Botnia (1399) Sjoerd Wiarda, allinnich foar Eastergoa, by de Skieringers Haring Haringsma (1404), allinnich foar Westergoa, by de Fetkeapers Juw Dekama (1494), de Skieringer Julius Dekama fan Baard koe syn gesach net hanthavenje troch de tanimmende ferbittering fan de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers, en droech de macht oer oan de Hartoch fan Saksen.