De Tsjerke fan 'e Berte fan de Hear (Russysk: Церковь Рождества Христова на Песках; Tserkov Rozjdestva Christova Na Peskach) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn 'e Russyske stêd Sint-Petersburch. De tsjerke waard yn 'e jierren 1781-1789 yn 'e histoaryske wyk Peski boud en yn 1934 ôfbrutsen.
Tusken 2017 en 2020 waard de tsjerke rekonstruearre.
Skiednis De arsjitekt Pjotr E. Egorov (1731-1789) boude de tsjerke yn 'e jierren 1781-1789 yn 'e styl fan it klassisisme. It gebou ferfong in houten tsjerke út 1753, dy't te lyts waard fanwegen it groeiende ynwennertal. De nije tsjerke wie yn 1787 foltôge, mar de lêste kapel waard pas yn 1798 ynwijd. thumb|left|De tsjerke foar 1917. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard de tsjerke in belangryk karitatyf sintrum. Yn'e jierren 1886-1887 waard de tsjerke neffens in ûntwerp fan Ivan Ropet ferboud en waarden in sakristy en in narteks tafoege.
It tsjerkegebou waard al yn in pear moanne nei de sluting troch de anty-religieuze autoriteiten yn 1934 ferneatige. De lêste rektor fan 'e tsjerke, Grigori Serbarnov, waard oppakt en yn 1938 deasketten. Op it plak fan 'e tsjerke waard dêrnei in plein oanlein.
Werbou Yn 2011 foel it beslút om de tsjerke wer op te bouwen. Ein 2014 waard de tastimming krige om op itselde plak de tsjerke te bouwen. Op 17 febrewaris 2018 waard de segening fan 'e earste stien fierd. Al op 1 juny 2019 waarden de krusen wer op de koepels fan 'e rekonstruearre tsjerke set. De offisjele iepening fan 'e foltôge tsjerke fûn yn july 2020 plak.
De tsjerke fertoant in soad oerienkomsten mei de Trije-ienheidskatedraal fan it Aleksander Nevski-kleaster.
Kategory:Tsjerkegebou yn Sint-Petersburch Kategory:Bouwurk út 1899 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1934 Kategory:Bouwurk út 2020 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou