The Da Vinci Code is in Amerikaansk-Malteesk-Frânsk-Britske detektiveskriller út 2006 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks en Audrey Tautou. De titel betsjut "De Da Vinci-koade". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Dan Brown. It ferhaal folget Robert Langdon, in Amerikaanske professor yn 'e symbology, dy't yn Parys de haadfertochte wurdt fan 'e aaklike moard op Jacques Saunière, in konservator fan it Louvre. Plysjefrou Sophie Neveu, de pakesizzer fan Saunière, leaut net dat Langdon de moardner is en tegearre naaie se út om 'e saak sels te ûndersykjen. It docht bliken dat Saunière behelle wie yn djip geheime saken binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke, en it ûndersyk mûnet út yn in syktocht nei de Hillige Graal.
The Da Vinci Code krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Krekt as it boek earder oerkommen wie, stie de film bleat oan tige hurde krityk fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. The Da Vinci Code waard yn in relatyf grut tal lannen en territoaria ferbean, mar wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen yn oare lannen en groeide út ta de op ien nei meast opbringende film fan 2006. It súkses late ta de ferfilming fan twa oare romans fan Dan Brown oer deselde haadpersoan yn wat de Robert Langdon-filmsearje kaam te hjitten. It direkte ferfolch op The Da Vinci Code wie Angels & Demons út 2009.
Plot Jacques Saunière, in konservator fan it Louvre, it ferneamde museum yn Parys, wurdt efterfolge troch de Grutte Galery troch in mei albinisme oanhelle roomske mûnts dy't bewapene is mei in pistoal. De mûnts wol fan Saunière de lokaasje witte fan 'e "slútstien fan 'e Priorij". Under bedriging mei de dea seit Saunière dat dy ferburgen leit ûnder de Roazeline yn 'e Sint-Sulpisiustsjerke. Dêrop sjit de mûnts him lykwols yn 'e búk, sadat er deadlik ferwûne rekket. Neitiid keart de mûnts, dy't Silas hjit, werom nei syn ûnderdûkadres, dêr't er immen opskillet dy't er "de Learaar" neamt. Hy meldt dat er deunby de ûntdekking is en dat de trije seneskalken en de grutmaster dea binne. Neitiid begjint er himsels mei in gisel te hoffenjen wylst er nei in ikoan fan Jezus Kristus stoarret.
Underwilens jout Robert Langdon, in Amerikaanske professor yn 'e symbology oan 'e Universiteit fan Harvard, earne yn Parys in lêzing oer religieuze symbolyk. As er neitiid by in sinjearsesje foar fans hantekenings set yn eksimplaren fan syn boek oer itselde ûnderwerp, wurdt er oansprutsen troch in ynspekteur Collet fan 'e Paryske plysje, dy't syn meiwurking freget by in moard yn it Louvre. Langdon is skokt as er foar it ferstân kriget dat it giet om Jacques Saunière, mei wa't er earder dy deis in ôfspraak hie wêrby't de man net opdaagjen kaam. Hy giet mei nei it museum, dêr't er opwachte wurdt troch haadynspekteur Bezu Fache, dy't de lieding hat oer it ûndersyk nei de moard.
It stoflik omskot fan Saunière is neaken en leit yn 'e hâlding fan 'e Vitruviusman, in wrâldfeneamde tekening fan Leonardo da Vinci. De plysje is derfan oertsjûge dat Saunière dat sels dien hat. Deunby hat de deade is boppedat in boadskip op 'e flier skreaun, dat inkeld sichtber wurdt as it beskynd wurdt mei ultrafiolet ljocht. It boadskip omfettet in trochinoar hutsele Fibonacci-rige fan sifers en in twaregelige ûnbegryplike tekst. De ûnfreonlik befreging fan Langdon troch Fache wurdt ûnderbrutsen troch de oankomst fan Sophie Neveu, in kryptografe fan 'e plysje, dy't seit dat se in wichtich boadskip foar Langdon hat fan 'e Amerikaanske ambassade. It tillefoannûmer dat se him jout, is lykwols har eigen priveenûmer, en as er de koade yntoetst dy't se him oerlange hat, kriget er in boadskip op har antwurdapparaat te hearren wêryn't se him útleit dat Fache derfan oertsjûge is dat Langdon de moardner fan Saunière is en dat er alles dwaan sil om Langdon efter de traaljes te krijen.
Langdon ekskusearret him om himsels eefkes op te frissen, en by de húskes jout Sophie har by him. Se leit him út dat sy de pakesizzer fan Saunière is, en dat se fan 'e âldman ferfrjemde rekke wie. Se lit him in foto sjen fan 'e fjirde regel fan it boadskip fan 'e deade, dy't troch Fache útwiske is foar't Langdon yn it Louvre arrivearre. Dêr stie: "P.S.: Fyn Robert Langdon". Fache beskôget dat as it oanwizen fan 'e moardner troch Saunière yn in postskriptum (P.S.). Mar Sophie, dy't as bern nei it deadlik ferkearsûngemak fan har âlden troch har pake grutbrocht waard, wit dat it oan har rjochte is, mei't er har doe "Prinsesse Sophie" neamde. Sy leaut dat it betsjut dat sy ferlet hawwe sil fan 'e help fan Langdon om 'e wiere moardner te finen, dat se stiet der by him bot op oan om mei har út te naaien foar't Fache him arrestearje kin. Langdon lit him dêrta beprate.
Se liede Fache-en-dy op in dwaalspoar troch it stjoerderke, dat Collet temûk by Langdon yn 'e bûse stoppe hie om him weromfine te kinnen as er útnaaid wie, út it finster yn 'e laadbak fan passearjende frachtwein te goaien. Wylst de plysje de efterfolging ynset yn 'e oertsjûging dat Langdon sels út it finster sprongen is, glûpe Langdon en Sophie werom nei it plak delikt, dêr't se in oanwizing fine dy't harren nei de Mona Lisa stjoert, it ferneamde skilderij fan Leonardo da Vinci. Dêr fine se in oare oanwizing dy't har nei in oar keunstwurk fan Da Vinci stjoert, dêr't se de krusifiks fan Saunière ûntdekke. Oan 'e foarm sjocht Langdon dat Saunière behelle wie yn 'e Priorij fan Sion, in ferbean en ferfolge geheim genoatskip binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke dêr't de Timpeliers oarspronklik de militêre tûke fan wiene.
Underwilens docht bliken dat Silas en syn anonime "Learaar" yn opdracht wurkje fan in it "Konsylje yn it Skaad", in geheim genoatskip fan roomske religieuze ekstremisten binnen Opus Dei, in aartskonservative prelatuer fan 'e Hillige Sit. Harren kontaktpersoan binnen it Konsylje is biskop Aringarosa, dy't, doe't er noch pastoar wie, in bân foarme hat mei de gewelddiedige jonge albino Silas en de geastlik ynstabile jonge yndoktrinearre hat mei syn ekstremistyske, frouljushaatsjende ferzje fan it roomsk-katolisisme. Silas besiket de Sint-Sulpisiustsjerke, dêr't er de flier iepenbrekt ûnder de Roazeline (de line fan 'e earste meridiaan, dy't dwers troch Parys rint). Fertrouwend op 'e wurden fan Saunière hopet er dêr te finen wat er siket, mar hy dobbet der inkeld in stiennen tablet op mei de tekst "Job 39:11", ferwizend nei haadstik 38, fers 11 fan it bibelboek Job, dêr't stiet: "Safier meistû komme en net fierder." Yn frustraasje en razernij slacht er dêrop suster Sandrine dea, de non dy't soarchdraacht foar de tsjerke.
Sophie en Langdon ûntdekke dat op 'e krusifiks fan Saunière in adres ferburgen stiet, dêr't in Parysk filiaal fan in Switserske bank fêstige is. Se geane dêrhinne en witte in bankklúske op namme fan Saunière te iepenjen troch de Fibonacci-koade yn te toetsen dy't Saunière op 'e flier fan it Louvre efterlitten hie. Yn it klúske blykt in krypteks te sitten, in silinderfoarmich doaske mei in boadskip skreaun op papyrus bewuolle om in fleske mei jittik. As it iepenbrutsen wurdt, ferneatiget de jittik de tekst foar't dy lêzen wurde kin, dus de iennichste manear om it boadskip yn 'e hannen te krijen is troch it juste wurd te foarmjen mei de fiif skiven mei elts alle 26 letters fan it Latynske alfabet, wat krapoan 12 miljoen mooglike kombinaasjes opleveret. Ear't Langdon en Sophie dêrmei oan 'e gong kinne, wurde se ûnderbrutsen troch André Vernet, de nachtmanager fan 'e bank, dy't harren fertelt dat haadynspekteur Fache en syn mannen foar de doar stean. De portier dy't har beiden earder ynliet, hat harren foto's nammentlik werkend hat op in list fan fuortflechtige kriminelen. Om't de bankrekken fan Saunière ek in klausule befettet dy't frije trochtocht garandearret, smokkelet Vernet har beiden efteryn in weardetransportauto ta de bank út.
Op in stil plakje yn in bosk bûten Parys hâldt Vernet ho. Hy iepenet de efterkant fan it weardetransport en besiket Langdon en Sophie ûnder bedriging mei in pistoal fan 'e krypteks te berôvjen. Se binne him lykwols te fluch ôf en litte him heal bewusteleas efter wylst se har út 'e fuotten meitsje yn 'e weardetranstportauto. Langdon hat ûnderwilens wol foar it ferstân krigen dat se hjir mei mear te krijen hawwe as in ienfâldige moard. Hy ornearret dat Saunière de grutmaster fan 'e Priorij fan Sion wie, in organisaasje dy't sûnt de Fal fan 'e Timpeliers yn 1307 ferbean is en dêrom inkeld yn it djipste geheim fuortbestiet. Mei't de Priorij fan Sion en de Timpeliers har besteansrjocht ûntlienden oan 'e beskerming fan 'e Hillige Graal, mient Langdon dat de moardner fan Saunière efter dat legindaryske foarwerp oan sit. Langdon moat tajaan dat de Hillige Graal net syn gebiet fan ekspertize is, mar hy ken wol ien dy't syn libben oan 'e stúdzje nei dat ûnderwerp wijd hat: de Ingelsman om utens Leigh Teabing, dy't in Frânsk château bewennet net fier fan Parys ôf. Dat, dêr sette se hinne.
Teabing blykt in smoarrike ynfalide âldman te wêzen dy't mei krukken rint en boppedat frijwat eksintryk is. Hy beweart dat de Hillige Graal net in drinkbeker is, sa't rûnom tocht wurdt, mar dat soks op in misferstân berêst op basis fan it Aldfrânske wurd Sangreal, fan sant ("hillich") en greal ("graal" of "drinkbeker"). Neffens Teabing is it wurd eins lykwols in gearlûking fan sang ("bloed") en real ("keninklik"). Hy wol hawwe, de term ferwiist nei it biente fan Marije Magdalena, dy't gjin prostituee wie dy't troch Jezus rêden waard, sa't de kanonike evangeeljes skriuwe, mar de frou fan Jezus. Teabing ûnderbout syn teory troch it fresko It Lêste Jûnsmiel fan Leonardo da Vinci te ûntleedzjen, dêr't neffens him in geheim boadskip yn ferwurke sit dat inkeld foar ynwijden nei te kommen is, de saneamde 'Da Vinci-koade'. Teabing wol hawwe dat Marije Magdalena swier wie doe't Jezus krusige waard en dat se letter mei har poppe nei Galje, oan 'e oare kant fan it Romeinske Ryk flechte om oan ferfolging te ûntkommen.
Har ferfolgers soene net inkeld de Romeinske autoriteiten en de foaroanmannen fan 'e Joaden west hawwe, mar ek beskate dissipels fan Jezus dy't it der net mei iens wiene dat Jezus de lieding oer syn folgelingen by syn dea oan Marije oerdroegen hie. Op it Earste Konsylje fan Niséa, yn 325, waarden troch de iere Roomsk-Katolike Tsjerke alle lûden dy't net it offisjele boadskip fan 'e tsjerke ferkundigen ta ketterij ferklearre en waarden alle kristlike geskriften mei in ôfwikende ynhâld, lykas it Evangeelje fan Filippus en it Evangeelje fan Marije Magdalena, út 'e kanon fan 'e Bibel skrast. Neitiid kamen de oanhingers fan Marije gear om 'e Priorij fan Sion te foarmjen, dy't har neiteam beskermje moast tsjin 'e wraak fan 'e Tsjerke. Har stoflik omskot, dat nei har dea werombrocht wie nei Jeruzalim, waard dêr ûnder de Krústochten weromfûn troch de Timpeliers, de militêre earm fan 'e Priorij. Neitiid wiene de Timpeliers in pear hûndert jier lang tige machtich en ynfloedryk binnen de Tsjerke, oant se yn 1307 troch harren fijannen by in koördinearre aksje yn hiel Jeropa tagelyk oanfallen en fierhinne ferneatige waarden. Neffens Teabing makke dat diel út fan in hillige oarloch fan roomske ekstremisten tsjin 'e oanhingers fan Marije Magdalena, dy't oant hjoed de dei fuortduorret. De moardner fan Saunière en syn opdrachtjouwers wolle de Hillige Graal ferneatigje om 'e lear en it prestiizje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke te beskermjen.