Charly Gaul (Lúksemboarch, 8 desimber 1932 - dêre 6 desimber 2005) wie Lúksemboarchsk hurdfytser, hy wie yn 1958 de winner fan de Omgong fan Frankryk en yn 1956 en 1959 wûn hy de Omgong fan Itaalje.
Gaul waard berne yn Lúksemboarch-Pfaffenthal, in wyk fan de haadstêd. Tusken 1953 en 1965 wie er berops hurdfytser. Neist syn einoerwinning yn 1958 wist Gaul yn 1955 en 1961 in tredde plak yn it einklassemint fan de Tour te beheljen. Yn 1956 en 1959 wûn er it berchklassemint. Ek yn de Omgong fan Itaalje wie er suksesfol. Yn 1956 en 1959 wûn er de Giro en it berchklassmint.
Charly Gaul hie twa bynammen: De Ingel fan it Geberchte, referearjend oan syn klimkapasiteiten, en Monsieur Pipi. De lêste tanke er oan it feit dat er yn 1957 de oerwinning yn'e Giro ferspile troch in plaspauze dy't te lang duorre hie.
Gaul wie seis kear kampioen fan Lúksemboarch op de dyk en boppedat twa kear nasjonaal kampioen fjildriden. Nei syn twadde skieding wied er tige op himsels. Charly Gaul waard keazen ta de Lúksemboarchske Sportman fan de tweintichste iuw.
Charly Gaul ferstoar op 6 desimber 2005, yn 'e âldens fan 72 jier, oan de gefolgen fan in longemboly.
Dielnimming oan grutte omgongen 200px|thumb|right|200px|Charly Gaul om en de by 1962 Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1953 - Net finisht 1954 - Net finisht 1955 - 15px 3e; winner 8ste en de 17e etappe. 1956 - 15px 13e; winner 4e en de 18e etappe. 1957 - Net finisht 1958 - 15px 1e; winner 8ste, 18e, 21ste en de 23ste etappe. 1959 - 12e; winner 17e etappe. 1961 - 3e; winner 9e etappe. 1962 - 9e; 1963 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1960 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1956 - 15px 15px 1e; winner 7e, 14e en de 19e etappe. 1957 - 4e; winner 2e en de 19e etappe 1958 - 3e; winner 14e etappe 1959 - 15px 15px 1e; winner 3e, 7e en de 21ste etappe. 1960 - 3e; winner 20ste etappe. 1961 - 4e; winner 20ste etappe.
Ploegen 1953-1955 - Terro 1956-1958 - Faema 1959-1960 - Emi 1961-1962 - Gazzola 1963 - Peugeot 1965 - Lamot-Libertas
Kategory:Lúksemboarchsk hurdfytser Kategory:Lúksemboarchsk fjildrider Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2005