Joseph Noyon (Snits, 9 jannewaris 1737 Doopt 11 jannewaris 1737 (doopboek Sneek) – dêre, 18 novimber 1796) wie in keapman, lid fan de froedskip en boargemaster fan de stêd Snits. Hy stamde ôf út de hugenoatefamylje Noyon.
Libben en wurk Noyon wie de âldste soan fan Petrus (ek Pytter) Noyon en Antie Thomas Gonggrijp. Hy boaske op 19 augustus 1759 op De Jouwer oan Geertruida Bernardus Munniks (1732 -1806). Nei it ferstjerren fan syn heit yn 1760 ferhuzen se nei syn âlderlik hûs "De Swaen" oan it Grutsân yn Snits.
Noyon wie keapman en ferfolle yn Snits inkelde regintefunksjes. Sa waard er yn 1769 lid fan de froedskip fan Snits. Yn 1773 en yn 1779 wie er boumaster, in soarte fan wethâlder iepenbiere wurken (sjoch Noyon 2001:85) yn 1786 skippen en yn 1794 boargemaster fan Snits. Nei de ynfal fan de Frânsen waard er ôfsetten as boargemaster.
Noyon stoar yn 1796 oan in kielsykte nei fiif dagen koarts.Famyljeberjochten - deaberjocht Joseph Noyon yn de Oprechte Haarlemse Courant, d.d. 26 novimber 1796 Syn soan, de lettere notaris en belestingûntfanger Petrus Simeon Noyon soe yn 1815 ek lid wurde fan de froedskip fan Snits.
Kategory:Frysk keapman Kategory:Boargemaster fan Snits Kategory:Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1737 Kategory:Persoan stoarn yn 1796