De Kristus-Keningtsjerke is in parochytsjerke yn 'e wyk Kiel fan 'e Belgyske stêd Antwerpen. De monumintale tsjerke stiet oan 'e Louis Straussstrjitte yn it sintrum fan 'e wrâldútstalling fan 1930.

Skiednis De tsjerke tsjinne by de wrâldútstalling as museum foar de Flaamske keunst. Dêrnei waard it gebou in parochytsjerke. It gebou waard ûntwurpen troch Jos Smolderen yn in moderne romaansk-byzantynske styl en waard tusken 1928-1930 boud. thumb|left|Ynterieur. Yn 'e Twadde Wrâldkriich hat de tsjerke slim te lijen hân, sadat de oarspronklike ramen fan it gebou net mear oanwêzich binne. De hjoeddeiske ramen binne fan Armand Calders en fan nei de oarloch.

De toer is yn 1975 ynkoarte mei't de oarspronklike bekroaning brekfallich waard.

Sûnt 1988 is it gebou in beskerme gebou.

Oargels It oargel waard yn 1930 troch Klais út Bonn boud. Dêrnjonken hat de tsjerke ek in koeroargel fan 'e Dútske oargelbouwer Stevens. Keppeling om utens Ynformaasje oargel

Kategory:Bouwurk yn Antwerpen Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Belgje Kategory:Bouwurk út 1930 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Antwerpen