Drachtster Boys is in fuotbalferiening út Drachten dy't yn de Earste klasse spilet.

De Drachtster Boys promovearren yn 2005 nei de haadklasse nei twa jier ôfwêzichheid op dit nivo troch kampioen te wurden fan de earste klasse E. Yn 2005 pleatste de Drachtster Boys him ek foar de KNVB-beker troch yn de distriktsbeker noard by de earste fjouwer te einigjen. Yn 2006 degradearre Drachtster Boys nei de earste klasse.

De feriening hat mear as 1100 leden (2006).

De feriening hat ek in team yn de haadklasse sealfuotbal foar froulju.

Gegevens Namme VV Drachtster Boys Oprjochte 29 maart 1948 Tenu wyt shirt swarte broek swarte sokken Fjilden Drachtster Bosk Earste team 1e Klasse H Trainer Carlo Rietdijk

Keppeling om utens Webstee fan Drachtster Boys.

Sjoch ek List fan Fryske fuotbalferienings

Kategory:Fryske fuotbalklup Kategory:Organisaasje yn Drachten Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1948