It lyts reidimerke (Locustella lanceolata) is in fûgel út 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1840 troch Coenraad Jacob Temminck publisearre.
Skaaimerken It lyts reidimerke is 11,5 oant 12,5 sm lang en hat gielbrune poatsjes. It fûgeltsje hat in koart halske en in koarte sturt mei brune fearren, dat oan 'e boppekant swarte streekjes en oan 'e ûnderkant lytse swarte streekjes hat. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.
Fersprieding en biotoop thumb|left|Aaikes. De fûgel briedt fan it noardeasten fan Finlân oer de taiga oant op it Japanske eilân Hokkaidō. It lyts reidimerke oerwinteret yn Súdeast-Aazje oant yn it west fan Java en Bangladesj. De trek begjint healwei augustus en healwei maaie/begjin juny komme se werom yn harren briedgebiet. De fûgel is yn Nederlân in dwaalgast.
It fûgeltsje libbet yn strewellen en op gerslân yn 'e buert fan wetter. Faker as de Sibearyske imerkesjonger libbet er ek op drûch terrein. De fûgel is yn it oerwinteringsgebiet regelmjittich op rysfjilden te sjen.
Undersoarten De fûgel hat twa ûndersoarten Locustella lanceolata lanceolata - briedt fan Finlân oant East-Sibearje en Kamtsjatka oant it noardeasten fan Sina. Locustella lanceolata hendersonii - briedt op Sachalin, de súdlike Koerilen en it noarden fan Japan.
De nominaatfoarm Locustella lanceolata lanceolata komt fan it noardeasten fan Europa oant efter Kamtsjatka foar. De ûndersoarte L. l. hendersonii libben fan Sachalin oant Japan.
Status De Europeeske briedpopulaasjes wurdt tusken de 50.000 en 100.000 pearkes rûsd. Dat soe wat minder as 5% fan 'e wrâldpopulaasje wêze. De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûksjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren