De kuorhinnen of bjirkhinnen (wittenskiplike namme: Lyrurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini).
Beskriuwing Dit skaai omfettet twa soarten, dy't fan Skotlân oant Sina foarkomme en benammentlik yn iepen romten libje, lykas op steppes, heiden, greiden en berchgreiden. It skaai waard yn 1832 yn 'e taksonomy yntrodusearre troch de Ingelske biolooch William John Swainson. De wittenskiplike namme Lyrurus kombinearret twa Aldgrykske eleminten: lura, dat "lier" (yn 'e sin fan muzykynstrumint) betsjut, en -ouros, dat "sturt" betsjut. Earder wiene de kuorhinnen yndield by it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao).
Soarten
skaai kuorhinnen of bjirkhinnen (Lyrurus) Kaukazyske kuorhin of Kaukazyske bjirkhin (Lyrurus mlokosiewiczi) kuorhin of bjirkhin (Lyrurus tetrix)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fazanteftige