Planet of the Apes is in Amerikaanske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm út 1968 ûnder rezjy fan Franklin J. Schaffner, mei yn 'e haadrollen Charlton Heston, Kim Hunter en Roddy McDowall. De titel betsjut eins "Planeet fan 'e Minskapen", mar wurdt yn 'e regel oerset as "Planeet fan 'e Apen". De film waard basearre op 'e roman La Planète des singes fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle.

It ferhaal folget de astronaut George Taylor, dy't yn 'e fiere takomst delstoart op in ûnbekende planeet. Dêr ûntdekt er in beskaving wêryn't apen evoluëarre binne ta wêzens mei yntelliginsje, spraak en in hegere kultuer, wylst minsken har spraak en yntelliginsje misse en as bisten yn 'e wyldernis libje. Taylor wurdt fongen troch de apen en falt yn 'e hannen fan apewittenskippers, dy't him as in mutant beskôgje. Hy wrakselet om wer frij te kommen, mar ûntdekt dan in freeslik geheim.

Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Dêrtroch ûntstie der om 'e film hinne in mediafranchise dy't ek Planet of the Apes kaam te hjitten. Sa ferskynden der fjouwer ferfolchfilms, in remake, fjouwer rebootfilms, in tillefyzjesearje, in tekenfilmsearje en ferskate fideospultsjes, strips en ferboekings. It direkte ferfolch op Planet of the Apes wie Beneath the Planet of the Apes út 1970. Yn 2001 waard der in remake fan Planet of the Apes makke, dy't ek Planet of the Apes hiet. Datselde jiers waard Planet of the Apes opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot De Amerikaanske manlike astronauten Taylor, Landon en Dodge en harren froulike kollega Stewart sette yn 1972 fan 'e Ierde ôf yn in romteskip dat de faasje fan it ljocht benei komme sil. Sels meitsje se de reis yn stasis yn sliepkokons. De trije manlju komme wer by besleur as it romteskip delstoart yn in mar op in ûnbekende planeet. Wannear't se nei de sliepkokon fan Stewart sjogge, blykt dy in mummy te befetsjen: troch in lek yn 'e kokon is hja yn har sliep ferstoarn. De mannen hawwe it net oan tiid om dêr lang by stil te stean, want it romteskip begjint te sinken en rint fol mei wetter. Mei in wapen, wat fiktaalje en inkele wittenskiplike ynstruminten witte se de igge te berikken wylst it romteskip mei it stoflik omskot fan Stewart ûnder wetter ferdwynt.

Taylor, de lieder fan 'e romtemisje, hat foar it ferlitten fan it skip op 'e gronometer sjoen, dy't de datum fan 25 novimber 3978 oanjoech, wat betsjut dat se 2.006 Ierdske jierren ûnderweis west hawwe. Troch it ferskynsels fan tiidsdilataasje yn 'e romte binne de astronauten sels net mear as krapoan ien jier ferâldere. Taylor ornearret dat de planeet dêr't se har op befine nei alle gedachten ien út it planetestelsel Bellatrix is, yn it stjerrebyld Orion, op likernôch 300 ljochtjier ôfstân fan 'e Ierde.

De trije astronauten tsjogge geandefoets troch in desolate woastenije, dêr't se pas nei inkele dagen it earste teken fan libben tsjinkomme: in lyts grien plantsje. Letter passearje se in stikmannich grizelich oandwaande fûgelferskrikkereftige figueren op 'e râne fan in heech klif. Se klimme nei boppen ta om dat te ûndersykjen en ûntdekke oarekant de rotsrâne in fruchtbere delling, dêr't planten wielderich groeie. By in marke geane se dom genôch alle trije tagelyk te swimmen, en litte se alle klean en bepakking op 'e igge efter. Wylst se yn it wetter binne, wurde de klean en harren foarrieden stellen troch wrâldseigen wêzens. De mannen sette neaken de efterfolging yn, mar fine inkeld de stikken sleine ynstruminten en oan fodden skuorde restanten fan 'e klean werom, dêr't se har likegoed yn klaaie om't se neat betters hawwe.

De dieders blike primitive minsken te wêzen, dy't skynber net it fermogen ta spraak hawwe en harsels yn fodden klaaie, krekt sa't de astronauten no fan needs dien hawwe. Se lykje net botte yntelligint te wêzen, mar binne yn elts gefal ûngefaarlik, en se negearje de trije mannen. Taylor, Landon en Dodge folgje de minsken nei in fjild dat beplante is mei in lânbougewaaks dat sterk op stynske weet liket. De primitive minsken plôkje dêr maïskolven en frette dy rau op. Ynienen ferskine der hynsteridende gorilla's, bewapene mei swipen en gewearen, dy't de minsken oanfalle. De minsken naaie út en de trije astronauten liket it mar it bêste om dat foarbyld te folgjen. De pas wurdt harren lykwols ôfsnien troch in oare groep gorilla's en de minsken spatte alle kanten út. Yn 'e gaos knoffelet Landon by in hege wâl del en rekket bewusteleas, wylst Dodge troch ien fan 'e gorilla's deasketten wurdt. Taylor wurdt troch in kûgel yn 'e kiel rekke en mei in groep fan 'e primitive minsken fongen foar't er it bewustwêzen ferliest.

Wannear't Taylor wer bykomt, blykt syn kielwûne him tydlik fan syn stimlûd berôve te hawwen, sadat er likemin as de primitive minsken prate kin. Hy befynt him yn in koai yn in laboratoarium, dêr't twa sjimpansees, dokter Galen, in sjirurch, en bistepsychologe Zira, wittenskiplike eksperiminten op 'e fongen minsken útfiere. Zira hat belangstelling foar Taylor krigen troch de ûngewoane stof fan 'e fodden dêr't er yn klaaid wie en rêdt him fan Galen, dy't him oan 'e harsens operearje wol om te sjen hoe't dy wurkje.

Op inisjatyf fan Zira wurdt der in fongen jonge frou fan 'e primitive minsken by Taylor yn 'e koai pleatst. Hoewol't sy net prate kin en de yntelliginsje fan in minskaap hat, foarmet Taylor op 'en doer in bân mei har, om't er nimmen oars hat. Hy neamt har 'Nova'. Under syn oanhâldende finzenskip kriget Taylor foar it ferstân dat er him middenmank in beskaving fan minskapen befynt mei de foarm fan in teokrasy, dy't it nivo hat fan 'e minsklike maatskippij op 'e Ierde omtrint 1500. Der bestiet in strang oanholden kastestelsel, mei gorilla's as de krigers en arbeiders, sjimpansees as dokters en wittenskippers en orang-oetans as politisy en religieuze lieders. De apen sjogge de primitive minsken as ûngedierte dat harren rispinge oanfret en dat útrûge wurde moat.

Troch har har notysjeblok en pinne ôf te pakken en op te skriuwen dat syn namme Taylor is, wit Taylor Zira der lang om let fan te oetsjûgjen dat er like yntelligint is as sy. Zira belûkt har ferloofde, de argeolooch Cornelius, by it ûndersyk nei Taylor. Dyselde is dreger te oertsjûgjen, mar giet om wannear't Taylor in blêd papier ta in fleantúchje teart. Dr. Zaius, in orang-oetan dy't de oerhearrige fan Zira en Cornelius is, wol lykwols neat fan in yntelliginte minske witte en jout opdracht om Taylor te kastrearjen. Taylor komt syn bewekker oer it mad en brekt út. Efterfolge troch gorilla's ferdwaalt er yn 'e apestêd en bedarret op 't lêst yn in soarte fan natoerhistoarysk museum, dêr't opsette minsken tentoansteld wurde. Hy is skokt om dêr in opsette Dodge tsjin it liif te rinnen. Wannear't er dêrnei it museum wer út flechtet, wurdt er fongen troch de wachtsjende gorilla's. Syn kielwûne is lykwols safierhinne opbettere dat er wer prate kin, en as de gorilla's him beetpakke, byt er harren ta dat se har smoarge poaten thúshâlde moatte. Dat liedt ta grutte konsternaasje mank de apen.

Der wurdt in harksitting foar trije orang-oetanrjochters holden om te beslissen wat der mei Taylor dien wurde moat. Taylor, dy't it net tastien wurdt om sels de rjochtbank ta te sprekken, stelt in ferklearring op dy't er troch Cornelius foarlêze lit. Dêryn neamt er syn beide maten Landon en Dodge en dat Dodge deasketten is by de jacht fan 'e gorilla's. Wat der fan Landon wurden is, wit er net. Zaius, dy't ien fan 'e trije rjochters is, lit alle minsken dy't by de jacht fongen binne, gearbringe. Yndie is Landon der ek by, mar hy ken Taylor net mear. As er him omdraait, wurdt troch in groede op syn holle dúdlik dat er operearre is oan 'e harsens. Dêrtroch hat er no itselde nivo fan yntelliginsje as de primitive minsken. As er dat sjocht, wurdt Taylor poerrazen en beskuldiget er Zaius derfan dat dy soks mei opsetsin dwaan litten hat. De harksitting einiget mei in feroardieling fan Zira en Cornelius foar "boasaardige stokerij" en "wittenskiplike ketterij", dêr't twa jier finzenisstraf op stiet. Wat dermei Taylor barre sil, wurdt foarearst blau-blau litten.

Letter lit Zaius Taylor by him bringe yn syn kantoar. De orang-oetan leaut alhiel neat fan Taylor syn ferhaal dat er in romtefarder is fan in fiere planeet, mar is der ynstee fan oertsjûge rekke dat Taylor en Landon leden binne fan in noch ûnbekende stamme fan yntelliginte minsken, dy't er as in bedriging foar de apebeskaving sjocht. Mei't Taylor ferteld hat dat syn romteskip delstoart wie yn in mar yn 'e woastyn beëasten de apestêd, dy't bekend stiet as de Ferbeane Sône, fermoedet Zaius dat der oarekant de woastyn wâlden lizzen dêr't de stamme fan Taylor en Landon libbet. Hy wol fan Taylor witte wêr't dat krekt is, mar Taylor wegeret syn ferhaal te feroarjen, ek as er mei kastraasje en it lot fan Landon bedrige wurdt.

Nei't er werombrocht is nei syn koai yn it laboratoarium, wurdt Taylor befrijd troch in jonge sjimpansee dy't Lucius hjit en de muoikesizzer fan Zira is. Hy fertelt Taylor dat Cornelius en Zira in útbraak op tou set hawwe en dat se fan doel binne om nei de Ferbeane Sône te reizgjen. Dêr hat Cornelius earder yn in grot, tsjin alle taboes fan syn folk yn, argeologyske opgravings dien fan in beskaving dy't âlder is as dy fan 'e apen (wat neffens de religieuze lear fan 'e apen net kinne moatte soe). Cornelius en Zira binne fan doel syn ûndersyk dêr fuort te setten en syn gelyk te bewizen foar de apelieders oer. Sa hoopje se frijsprutsen te wurden fan 'e oanklacht fan ketterij. Taylor stiet derop om Nova mei te nimmen. Fiifresom sette se mei hynders en foarrieden ôf dêrhinne. De opgravings kinne Taylor it measte net skele; hy wol werom nei it plak dêr't syn romteskip delstoart is om te bewizen dat er fan in oare planeet komt.

De bestimming fan 'e flechtlingen is net sa dreech te rieden, en net lang nei't se by de grot fan Cornelius syn opgravings oankommen binne, dy't yn in heech klif oan it strân leit, arrivearret Zaius dêr ek mei kloft gorillasoldaten. Taylor, dy't himsels bewapene hat mei ien fan 'e gewearen fan Cornelius en Zira, twingt de gorilla's om har werom te lûken troch Zaius ûnder skot te hâlden. De orang-oetan stimt deryn ta om mei Cornelius en Zira de grot yn te gean, sadat se him harren bewiismateriaal foar it bestean fan in eardere beskaving foarlizze kinne.

Taylor giet mei yn 'e grot, dêr't Cornelius orearret oer de paradoks dat wat djipper oft er dobbe, wat heger ûntwikkele de beskaving wie dêr't er bewizen fan oantrof. It docht bliken dat de beskaving dy't yn dit diel fan 'e planeet bestie foar't de apen der de macht oernamen, in minsklike kultuer wie. Taylor identifisearret in bril, in keunstgebit en in keunsthert. In pop yn it stal fan in minsklik famke hoecht net útlein te wurden, mar Zaius leit der tsjinyn dat er fan 'e ûnbekende objekten sels ek wol fantasearje kin oer de bedoeling, wylst apebern gauris mei minsklike poppen boartsje. As er yn 'e pop knypt, seit de pop lykwols "Mama", ta alteraasje fan alle apen. Zaius wit net hoe't er dat bewiis fuortwiuwe moat, mar Taylor is ûnderwilens ta de konklúzje kommen dat de orang-oetan al lang ôfwist fan it bestean fan in minsklike beskaving dy't foarôfgie oan dy fan 'e apen. Zaius befêstiget dat en seit dat it ien fan 'e djipste geheimen is, dat tsjin eltse priis ferburgen holden wurde moat foar de apemaatskippij yn it algemien.