Guardians of the Galaxy Vol. 2 ("Vol." is koart foar "Volume") is in Amerikaanske science fiction-superheldefilm út 2017 ûnder rezjy fan James Gunn. De haadrollen waarden fertolke troch Chris Pratt, Zoe Saldaña, Bradley Cooper, Dave Bautista en Vin Diesel, mei Karen Gillan, Michael Rooker en Kurt Russell yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Beskermers fan it Stjerrestelsel Diel 2". De film is basearre op it team fan superhelden mei deselde namme. De plot folget in groepke bûtenierdske kriminelen dy't freonen wurden binne by harren aventoeren yn it Stjerrestelsel. Peter Quill moetet foar it earst fan syn libben syn biologyske heit, dy't in god blykt te wêzen. De grienhûdige Gamora wrakselet mei har groeiende leafde foar Quill. De genetysk manipulearre waskbear Rocket komt yn 'e swierrichheden troch in ûnnedich staaltsje dieverij. En Quill syn eardere mentor Yondu Udonta kriget te meitsjen mei rebûlje ûnder syn bemanning.

Guardians of the Galaxy Vol. 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Oscar, in Grammy en trije Saturn Awards, en wûn ien Saturn. Guardians of the Galaxy Vol. 2 makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje en folget dêryn op Doctor Strange, út 2016. Sels wurdt de film folge troch Spider-Man: Homecoming, út 2017. Yn syn eigen ferhaalline is Guardians of the Galaxy Vol. 2 lykwols it direkte ferfolch op Guardians of the Galaxy, út 2014. In twadde ferfolchfilm, Guardians of the Galaxy Vol. 3, kaam út yn 2023.

Plot Nei't se it Novaryk fan 'e genoside troch Ronan de Beskuldiger rêden hawwe (sjoch: Guardians of the Galaxy), steane de Ierdling Peter Quill, de grienhûdige Gamora, de genetysk manipulearre waskbear Rocket, Drax de Ferneatiger en de stek fan it beameftige bûtenierdske wêzen Groot rûnom bekend as de Guardians of the Galaxy. Se wurde ynhierd troch Ayesha, de hegepreesteresse fan 'e Soevereinen, in ras fan genetysk manipulearre humanoïde wêzens dy't goudkleurich en perfekt binne en dêrom harren eigen libbens net weagje kinne. Sadwaande moatte Quill-en-dy dat dwaan om weardefolle batterijen te beskermjen tsjin 'e Abilisk, in ynterdiminsjonaal bûtenierdsk meunster. Wannear't se it meunster deade hawwe, krije se de beleanning dy't se yn 't foar oerienkommen wiene: Gamora har fan har ferfrjemde pleechsuster Nebula, dy't earder troch de Soevereinen finzen nommen wie doe't se de batterijen besocht te stellen. It is Gamora har bedoeling (seit se) om 'e preemje te ynkassearjen dy't op Nebula har holle stiet.

Nei't Rocket yn in ûnnedige die fan klearebare baldiedigens sels in stikmannich fan 'e batterijen stelt, krije de Guardians de hiele Soevereine romtemacht efter harren oan. Dy bestiet folslein út ûnbemanne, fan op ôfstân bestjoerde drones, mei't de Soevereinen harsels ek no te wichtich achtsje om harren libben te weagjen. Troch rûzje tusken Quill en Rocket rekket de Milano, it romteskip fan 'e Guardians, slim skansearre by it trochkrusen fan in asteroïdefjild, mei as gefolch dat se troch de Soevereine float ynsletten wurde. Rêding komt lykwols fan in ûnbekende, mysterieuze persoan yn aaifoarmich wyt romteskip, dy't sûnder swierrichheden de hiele Soevereine float ferneatiget. De Guardians ûntkomme fia de hyperromte nei de ûnbewenne planeet Berhart, dêr't se in needlâning meitsje moatte dy't de Milano noch fierder skansearret. It aaifoarmige romteskip folget harren dêrhinne, en harren rêder makket himsels bekend as Ego, de biologyske heit fan Quill. Hy nûget syn soan en dy syn freonen út om syn thúsplaneet te besykjen, dat Quill, Gamora en Drax sette mei him ôf, wylst Rocket mei de jonge Groot efterbliuwt om 'e Milano te reparearjen en Nebula te bewekjen.

Underwilens bejout hegepreesteresse Ayesha fan 'e Soevereinen, dy't op wraak sint, har nei de planeet Contraxia, dêr't se Quill syn âlde mentor Yondu Udonta en syn bemanning fan Teheisterders ynhiert om 'e Guardians te finen, te fangen en oan har oer te leverjen. Udonta-en-dy binne fjirtich jier lyn of dêromtrint troch Stakar Ogord, de heechste lieder fan 'e Teheisterders, út 'e bredere mienskip fan 'e Teheisterders ferballe om't se har skuldich makke hiene oan bernehannel. Wannear't Udonta (dy't Quill grutbrocht hat) syn plan bekendmakket om 'e Soevereinen te ferrieden en Quill gewurde te litten, liedt dat ta ûntefredenens ûnder in diel fan syn bemanning. Udonta-en-dy bejouwe har nei Berhart, dêr't se, mei grutte muoite, Rocket en Groot finzen nimme. Udonta hâldt fêst oan it plan dat er earder op 't aljemint brocht hat, mar syn trouste ûnderbefelfierder, Kraglin Obfonteri, stelt de objektiviteit fan Udonta yn ferhâlding ta Quill yn 'e kiif. Dat jout Taserface, de foaroanman fan 'e malkontinten, de iepening dêr't er ferlet fan hat om in rebûlje tsjin Udonta te begjinnen, dêrby holpen troch de frijkommen Nebula. Nei't de 'hollefin' fan Udonta fernield is, it ymplantaat op syn holle dêr't er syn selsbewegende pylk mei bestjoerd, wurde Rocket, Groot en Udonta finzen set yn Udonta syn romteskip, de Eclector. Taserface-en-dy fermoardzje de loyalisten ûnder de bemanning troch se út in luchtslûs it fakuum fan 'e romte yn te smiten.

Nei't Nebula Taserface goed yndruid hat dat er Rocket en Groot net fermoardzje mei om't sy 10% ferwachtet fan 'e preemjes dy't hegepreesteresse Ayesha harren op 'e holle pleatst hat, set se ôf om Gamora te sykjen. Se hatet har pleechsuster en wol har fermoardzje om't se har der de skuld fan jout dat sysels troch harren pleechheit Thanos martele is en stadichoan feroare yn in cyborg om't se de gefjochten mei Gamora altyd ferlear doe't se allebeide noch famkes wiene. Rocket en Udonta beslute de lapen gear te smiten en besykje de lytse Groot, dy't yn 'e Eclector frij omrinne kin om't er as ûnskealik beskôge wurdt, safier te krijen dat dy harren helpt om te ûntsnappen. Dat giet muoisum, mar lang om let wurde se befrijd troch Kraglin, dy't wroeging hat om't er nea de bedoeling hie om in rebûlje te begjinnen, dêr't boppedat al syn freonen by fermoarde binne. Mei in reserve-hollefin, dy't Udonta de kontrôle oer syn selsbewegende pylk weromjout, weve Rocket-en-dy handich ôf mei de rebellen. It slagget Taserface lykwols om, foar't er stjert, kontakt op te nimmen mei Ayesha, oan wa't er de posysje fan Udonta syn skip trochjout. Rocket, Udonta, Groot en Kraglin sette ôf nei de planeet fan Ego om Quill en de oaren te rêden, mei't Udonta wit dat Ego sljochtsinnich is.

Oankommen op 'e planeet fan Ego docht bliken dat Ego in "himelling" is, in god-eftich wêzen, dy't nei eigen sizzen oer in perioade fan miljoenen jierren leard hat en manipulearje de matearje om syn bewustwêzen hinne ta de foarming fan syn "thúsplaneet". Mei oare wurden: hy is de planeet, en it humanoïde wêzen dêr't Quill en de oaren kontakt mei hawwe, is mar in soarte fan avataar dêr't Ego tydlik syn bewustwêzen yn pleatst hat. Gamora, dy't blyk jout fan gefoelens foar Quill, kriget al rillegau it idee dat der wat mis is mei de hiele boel, mar Quill hat der syn hiele libben nei lange om in heit te hawwen en wol net harkje nei har warskôgings. Ego leit oan Quill út dat er yn syn humanoïde foarm it hiele hielal bereizge hat om in doel foar syn bestean te finen en dat er by in besyk oan 'e Ierde fereale rekke op Quill syn mem Meredith. Nei't Meredith kommen wie te ferstjerren oan in harsentumor, hierde Ego Udonta en syn Teheisterders yn om Quill fan 'e Ierde te ûntfieren en by him te bringen. Udonta ferrette him lykwols troch Quill ynstee by him te hâlden. Ego hat al dy jierren nei him op 'e siik west. Fan Ego leart Quill om syn oanberne krêften as himeling te brûken troch matearje en enerzjy te manipulearjen.

Underwilens arrivearret Nebula op 'e planeet fan Ego, dêr't se fuortendaliks úteinset mei har besykjen om Gamora te fermoardzjen. Gamora flechtet in grot yn en Nebula lit har romteskip yn 'e grot delstoarte om har út 'e ljochten te helpen. Gamora oerlibbet dat lykwols, wylst Nebula fêst komt te sitten yn it wrak fan it tastel. Gamora nimt it wrak ûnder fjoer, dat it yn 'e brân fljocht, mar as se sjocht dat Nebula der net út kin, weaget se har eigen libben om har suster te rêden. Neitiid falt Nebula har fannijs oan, mar as se Gamora yn it nau hat en har deadzje kin, blykt dat se it net trochsette kin. De susters berikke in ûnnoflike wapenstilstân. Wannear't se it har einlings oan tiid dogge en sjoch om har hinne, docht bliken dat de grot fol leit mei de skeletten fan ûntelbere wêzens fan alderhanne rassen. As se wer by Drax komme, docht bliken dat Mantis, de assistinte fan Ego en it iennichste oare libbene wêzen op Ego syn planeet, ûnderwilens oan him opbychte hat wat der geande is: de skeletten dy't Gamora en Nebula fûn hawwe, binne fan 'e bern fan Ego.

Ego fertelt Quill dat er op syn reizen kymplantsjes fan himsels op withoefolle planeten oanplante hat. Hy hat nammentlik beseft dat syn libbensdoel, dêr't er sa lang nei socht hat, is om alle wrâlden yn it hielal te terrafoarmjen sadat se mear fan himsels wurde. Dat dêrfoar alle oare libben yn it hielal stjerre moat, fynt er gjin inkeld beswier. Hy hat Quill wilens al sa yn syn macht krigen dat dy dêr ek neat tsjin ynleit. Ego is lykwols by syn plan in probleem tsjinkommen: de macht fan ien himeling is te min om alle kymplantsjes te aktivearjen, mar twa gearwurkjende himelingen soene it oprêde kinne. Dêrom hied er seksuele omgong mei froulike wêzens fan alderhanne rassen op withoefolle wrâlden om bern oan te setten, yn 'e hope dat ien dêrfan syn macht as himeling oerervje soe. Hy naam Udonta yn 'e earm om al dy bern nei syn thúsplaneet te bringen, dêr't er harren fermoarde sadree't er fêststelde dat se net oer syn krêften beskikten.

Hoewol't Quill alhiel ûnder de ynfloed fan Ego is, sit ien ding him noch altyd dwers: wêrom hat Ego syn mem Meredith yn 'e steek litten as er sa fereale op har wie? Ego antwurdet dat er alle oare wrâlden mar ien kear besocht hat, mar de Ierde trije kear om't er sa fan Meredith hold. Hy wist dat er, as er noch in fjirde kear gean soe, syn libbensdoel ferjitte en by har bliuwe soe. Dêrom plante er mei pine yn it hert de turmor yn har harsens om har te deadzjen foar't dat barre koe. Wannear't Quill dat heart en beseft dat Ego syn mem fermoarde hat, wurdt er troch alles hinne mâl. Hy ûntlûkt him oan 'e ynfloed fan Ego en falt him oan, mar Ego weeft handich mei him ôf. Hy seit dat er wol op parasitêre wize fan Quill syn krêften gebrûk meitsje sil as Quill net meiwurkje wol. Hy begjint de kymplantsjes te aktivearjen, dy't dêrop eltse wrâld dêr't se op plante binne, begjinne te ferwoastgjen.

Rocket-en-dy arrivearje by de planeet fan Ego, dêr't se Ego ferpletterje troch boppe op him te lânjen. Dat keart in skoftke tsjin dat er syn 'libbensdoel' fierder útfiere kin, mar Mantis warskôget dat it net lang duorje sil foar't er in nije avataar skepen hat. De weriene Guardians beslute dat se Ego deadzje moatte om him tsjin te hâlden, en Mantis fertelt harren dat se dat dwaan kinne troch syn harsens te ferneatigjen, dy't de kearn fan syn planeet foarmje. Dat, de Guardians reizgje mei Mantis, Nebula en Udonta yn in âld mynwurkersfartúch nei it binnenste fan 'e planeet. Underweis leit Udonta oan Quill út dat er him as jonge by him holden hat om't er ûntdutsen hie hoe't it ôftriedde wie mei Ego syn oare bern. Underwilens arrivearret der in nije Soevereinske dronefloat by de planeet fan Ego, dy't it mynwurkersfartúch fan Udonta nei it binnenste fan 'e planeet folget. Wylst Mantis mei har empatyske krêften Ego yn 'e sliep hâldt en Quill, Gamora, Nebula, Drax en Udonta it opnimme tsjin 'e Soevereinen, bout Rocket in bom fan 'e stellen Soevereinske batterijen, wêrmei't er de lytse Groot troch de minuskule iepenings stjoert dy't nei de planeetkearn liede.