The Life and Death of Colonel Blimp is in Britske romantyske oarlochsfilm út 1943 ûnder rezjy fan it duo Michael Powell en Emeric Pressburger. De haadrollen waarden spile troch Roger Livesey en Deborah Kerr. De titel betsjut "Libben en Dea fan Kolonel Blimp" (Colonel Blimp is in steande útdrukking yn it Ingelsk dy't ferwiist nei in stive, stege konservatyf en ûntliend is oan 'e satiryske krantestrip mei deselde namme). De plot fan 'e film folget generaal-majoar Clive Wynne-Candy, in trochkonservative Ingelske ofsier en hear, dy't nettsjinsteande syn libbenslange tsjinst yn it Britske Leger, fan 'e Twadde Boere-oarloch oant de Twadde Wrâldoarloch, dochs nea syn naïviteit ferliest oer hoe't oarloggen útfochten hearre te wurden.
The Life and Death of Colonel Blimp waard by syn premiêre ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch it Britske regear en guon filmkritisy ferhune omreden fan it foarkommen fan ien sympatyk Dútsk personaazje. Mar yn 'e bioskopen die de film it poerbêst. Letter krige The Life and Death of Colonel Blimp erkenning as ien fan 'e grutte klassikers fan 'e Britske sinema, en guon filmkritisy beskôgje it tsjintwurdich as de bêste Britske film aller tiden. The Life and Death of Colonel Blimp is ferneamd om 'e ferfining fan it ferhaal, de briljante rezjy en de baanbrekkende kamerarezjy yn Technicolor.
Plot De Twadde Wrâldoarloch is yn folle gong en generaal-majoar Clive Wynne-Candy is ien fan 'e wichtichste kommandanten fan 'e Britske Home Guard. Dat is in leger fan parttime frijwilligers dat doedestiden opset is om wjerstân te bieden oan in eventuele ynvaazje fan Ingelân troch nazy-Dútslân, mei't it profesjonele Britske Leger foar it oergrutte part yn Noard-Afrika en Birma fjochtet. Wannear't der in grutskalige oefening fan 'e Home Guard holden wurdt, docht Wynne-Candy it him foarôf oan tiid om yn syn heareklub in Turksk bad te nimmen, want der is ôfsprutsen dat de 'oarloch' pas om midsnacht begjint.
Luitenant "Spud" Wilson, dy't by de oefening de tsjinpartij oanfiert, hat lykwols de opdracht krigen om it sa reälistysk mooglik te meitsjen. Om't de nazys har oan gjin inkele regel hâlde, beslút hy dat de oarloch no fuortendaliks begjint. Hy en syn mannen kinne sûnder swierrichheden oant yn it hert fan it gebiet fan 'e fijân trochkringe, want om't de oarloch pas om midsnacht begjint, meie se by de dykôfsettings fan 'e troepen fan Wynne-Candy gewoan trochride. Se bejouwe har nei de heareklub ta, dêr't se it Turkske bad binnenfalle en Wynne-Candy en syn hiele stêf yn ien kear kriichsfinzen nimme. Wilson negearret dêrby de skandalisearre útrop fan 'e generaal dat de oarloch pas om midsnacht begjinne soe. Ynstee makket er wat ûngelokkige opmerkings oer de grouwe búk en de grutte snor fan syn oerhearrige, en fan gefolgen rint de konfrontaasje út op slaanderij, wêrby't beide mannen yn it bad rûgelje. Wynne-Candy boalderet: "Smoarge bloarre! Hast gjin idee wêrom't ik dy snor groeie litten haw!"
Dêrop folget in lange flashback, dy't it meastepart fan 'e film omfettet.
Twadde Boere-oarloch Fjirtich jier earder, yn 1902, keart in folle jongere luitenant Clive Candy werom út Súd-Afrika fan it front fan 'e Twadde Boere-oarloch. Omtrint dyselde tiid ferstjoert in Edith Hunter, in Ingelse dy't as gûvernante wurket yn Berlyn, de haadstêd fan it Keizerryk Dútslân, in brief nei hûs. Dêryn beklaget hja har oer it feit dat in Dútser dy't fan Kaunitz hjit yn Berlyn anty-Britske propaganda oer de striid yn Súd-Afrika ferspriedt. Se hat heard oer in oarlochsheld dy't fan Clive Candy hjit, en se soe wol wolle dat dyselde nei Berlyn kaam om regaad te meitsjen, mei't er perfoarst fluch ôfweve soe mei Kaunitz. It brief is rjochte oan har suster Martha, dy't kunde hat oan in maat fan Candy, dat sadwaande kriget Candy it brief fia-fia ûnder eagen. Hy stiet daliks ree om nei Berlyn, mei't er Kaunitz noch ken út 'e tiid dat dy as spion yn in Britsk finzenekamp yn Súd-Afrika fêstholden waard. As er de saak lykwols ûnder de oandacht bringt by syn oerhearrigen, wurdt him oansein dat soks wat is foar diplomaten om op te lossen en dat er him der net mei bemuoie moat.
Candy negearret dat en reizget dochs ôf nei Berlyn, dêr't er juffer Hunter moetet en mei har nei in Bierhaus giet dêr't Kaunitz en syn maten in stamtafel hawwe. Hoewol't er juffer Hunter dúdlik makke hat dat er inkeld as waarnimmer kommen is om't er fan syn oerhearrigen neat dwaan mei, kin er it net litte om mei Kaunitz in grap út te heljen. Yn it finzenekamp dêr't de man yn Súd-Afrika fêstholden waard, hie men mar ien grammofoanplaat, dy't dêrom griis draaid waard. Candy freget it orkest yn it Bierhaus om dat ferske te spyljen, en wannear't Kaunitz harren freget om dermei op te hâlden, keapet Candy it orkest om troch alle leden op bier te traktearjen. Lang om let kriget Kaunitz Candy yn it each en begrypt er dat er it slachtoffer is fan in flauwe grap. Der folget in konfrontaasje dy't útrint op slaanderij en wêrby't Candy troch te sprekken foar't er neitinkt it hiele ofsierskorps fan it Keizerlike Dútske Leger mislediget.
Neitiid steane de Dútsers derop dat der in duël útfochten wurde moat foar de eare fan it Dútske Leger. De funksjonarissen fan 'e Britske ambassade, dy't ta argewaasje brocht binne troch it rûchhouwerich optreden fan Candy, besykje soks tsjin te kearen, mar rêde it net op. De Dútske ofsier tsjin wa't Candy it opnimme moat, wurdt keazen troch te lotsjen: it wurdt Theodor Kretschmar-Schuldorff, dy't sels ek noch nea in duël útfochten hat om't er eins tsjin dy âlde tradysje is. No wurdt er lykwols troch omstannichheden twongen der dochs oan mei te dwaan. It duël fynt plak yn 'e gymnastykseal fan it Prusyske 2e Regimint Ulanen, ûnder tafersjoch in neutrale partij yn 'e foarm fan 'e Sweedske militêr attasjee kolonel Borg. By it duël, dat mei de sabels útfochten wurdt, bringt Candy syn tsjinstanner in bonkedjippe jaap oer de foarholle ta, wylst Kretschmar-Schuldorff by Candy de boppelippe der suver ôfhout (wat neitiid it groeie litten fan in mânske snor nedich makket om 'e groede te bedekken).
De beide duëllisten drage inoar lykwols neat nei en wannear't se neitiid stadichoan opbetterje fan harren ferwûnings yn itselde sikehûs foar de hegerein, reitsje se befreone. Edith besiket Candy dêr hast eltse dei en hat sadwaande ek in protte gedoente mei Kretschmar-Schuldorff. Tsjin 'e tiid dat de wûnen fan 'e beide mannen safierhinne genêzen binne dat se it sikehûs ferlitte meie, hat Kretschmar-Schuldorff leard om Ingelsk te sprekken en is er fereale rekke op Edith, dy't syn gefoelens beäntwurdet. Wannear't Kretschmar-Schuldorff dat oan Candy fertelt, is dy tige bliid foar harren. Sadwaande bliuwt Edith yn Berlyn, dêr't se meitiid mei Kretschmar-Schuldorff trout, wylst Candy weromkeart nei Ingelân. Underweis bedarret syn blydskip foar syn beide freonen lykwols folslein, as it besef by him trochkringt dat er sels ek fereale rekke is op Edith. Thús yn Londen rekket er in skoftke wei yn depressiviteit, mar syn muoike Margaret, it iennichste famyljelid dat er noch hat, wit it hege wurd út him te krijen en skuort him dertrochhinne.
Earste Wrâldoarloch Yn novimber 1918 is Candy ûnderwilens yn 'e striid oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch opklommen ta de rang fan brigadegeneraal. Wylst er mei syn sjauffeur, de Skotske sersjant Murdoch, troch rein en dridze fan it iene punt oan it front nei it oare besiket te kommen, stekt er oan by in Frânsk kleaster yn 'e hope dat er dêr wat te iten en in sliepplak foar de nacht krije kin. It kleaster blykt in kloft Ingelske ferpleechsters út Yorkshire te húsfêstjen, en op ien fan harren falt it each fan 'e generaal, om't se as twa drippen wetter op Edith Hunter liket. Se ferdwynt lykwols mei de oare froulju foar't er har namme freegje kinnen hat. De oare deis komt it nijs fan 'e Wapenstilstân fan Compiègne, dy't in ein oan 'e oarloch makket. Candy hâldt Murdoch foar dat de Britten de oarloch wûn hawwe om't se har oan 'e regels holden hawwe en net ôfsakke binne ta it nivo fan 'e fijân.
Candy keart werom nei Ingelân, dêr't er him der de holle oer brekt hoe't er dy ien beskate ferpleechster yn in gebiet sa grut as Yorkshire weromfine kin. Uteinlik beslút er in evenemint te organisearjen om jild yn te sammeljen foar de frijwillige ferpleechsters út dat greefskip, dy't harren ommers sa ynset hawwe. Op dy slûchslimme wize fynt er de ferpleechster werom, in frou dy't Barbara Wynne hjit en de dochter is fan in rike aristokraat. Candy rekket fereale op har en stiket om har, en sy beäntwurdet syn gefoelens, ek al is se tweintich jier jonger as hy. Dat, se trouwe en nimme, mei Murdoch as butler, harren yntrek yn Londen yn it hearehûs fan Candy syn ûnderwilens ferstoarne muoike Margaret. Ear't Barbara de wente foar it earst yngiet, lit se Candy ûnthjitte dat er nea feroarje sil oant "it hûs derûnder strûpt en dit in mar is".
Yn july 1919 spoart Candy syn âlde freon Kretschmar-Schuldorff op yn in kriichsfinzenekamp yn Derbyshire. Candy en syn nije frou reizgje dêrhinne en Candy begroetet syn maat as is der alhiel neat feroare. Kretschmar-Schuldorff, lykwols, stegeret him ôf en wol net mei him prate, dat Candy en de frou keare sûnder wat bedijd te hawwen werom nei hûs. Oardel moanne letter, as er op it punt stiet om repatriëarre te wurden nei Dútslân, skillet Kretschmar-Schuldorff fan it spoarstasjon ôf Candy op om him foar syn eardere hâlden en dragen te ûntskuldigjen. Candy beävensearret dat syn freon de jûn by him thús trochbringe mei. Wannear't Kretschmar-Schuldorff by Candy arrivearret, docht bliken dat dêr krekt in diner oan 'e gong is, wêrfoar't njonken Candy syn skoanheit leden fan 'e heechste militêre en diplomatike fermiddens yn it Feriene Keninkryk en de Britske koloanjes útnûge binne. It hie in pynlike gearkomste wurde kinnen, mar it docht bliken dat de Britske hegerein de Dútsers neat neinimt en mient dat alles wer wurde sil lykas foar de de oarloch. Kretschmar-Schuldorff is lykwols iepentlik pessimistysk oer de takomst fan himsels en syn lân. Dan folget in tige nuveraardich barren, wêrby't alle hege Britske hearen har uterste bêst dogge om harren fersleine fijân te treastgjen en op te mûnterjen.
Barbara komt yn augustus 1926 oan in net neier neamde oarsaak te ferstjerren, en Candy bliuwt neitiid as widner efter nei in houlik fan krapoan acht jier. Fan dat stuit ôf neamt er himsels Wynne-Candy, troch de famyljenamme fan syn frou silger oan syn eigen ta te foegjen. Yn 1935 swaait er sûnder folle wille ôf út it Britske Leger om mei pinsjoen te gean.
Twadde Wrâldoarloch Yn novimber 1939 docht Theodor Kretschmar-Schuldorff yn Londen in ymmigraasjefersyk om't er him as polityk flechtling yn Ingelân nei wenjen sette wol. Oan in funksjonaris fan 'e Britske ymmigraasjetsjinst fertelt er dat er yn 1920 út it Dútske leger gien is en oar wurk fûn hat. Hy en Edith hawwe twa soannen krigen, dy't lykwols begjin 1930-er jierren nazys wurden binne. Hy is al krapoan tsien jier fan harren ferfrjemde en hat gjin kontakt mear mei harren. Lykwols woed er lange tiid net út Dútslân wei, en doe't er lang om let foar it ferstân krige dat it syn lân net mear wie, rekke Edith ein 1933 siik en kaam te ferstjerren. Nei har begraffenis hat er Dútslân ferlitten en de lêste fiif jier hat er yn Parys wenne. De ymmigraasjefunksjonaris merkt op dat Hitler yn maart 1933 oan 'e macht kaam en dat it wol ryklik lang is foar Kretschmar-Schuldorff om in healjier nedich te hawwen om te begripen dat de nazys syn fijannen binne. Kretschmar-Schuldorff leit dêrtsjin yn dat it Feriene Keninkryk dêr seis jier foar nedich hân hat. De ymmigraasjefunksjonaris seit dat Kretschmar-Schuldorff wol úthâlde kin dat er in anty-nazy is, mar dat in nazy-spion dy't it Feriene Keninkryk binnen besiket te kommen krekt itselde sizze soe. Op dat stuit komt Wynne-Candy deryn, dy't persoanlik garant stiet foar Kretschmar-Schuldorff.