Thundermother is in Sweedske hardrockband oprjochte yn 2009 yn Växjö, troch gitariste Filippa Nässil. De band brocht yn 2014 har debútalbum Rock ’N’ Roll Disaster út. Thundermother hat seis studio-albums útbrocht.

Skiednis Thundermother bestie ynearsten út manlju en froulju, mar al gau waarden de manlike bandleden ferfongen troch froulju. Muzikaal wurdt de band ynspirearre troch muzikanten en bands as Randy Rhoads, Zakk Wylde, AC/DC en Creedence Clearwater Revival. Yn 2014 en 2015 brocht de band de earste twa albums út. Nassil skreau it grutste part fan it song materiaal en wie de produsint fan de albums. Mar om 't de klik tusken Nassil en de oare froulju fuort wie, besleat Nassil yn 2017 om alle bandleden te ferfangen.

De feroaring fan leden brocht de winske oplibbing. Yn dizze besetting wurdt it tredde studio-album Thundermother útbrocht yn 2018. By de koroana-pandemy en rekken hâldend mei de omstannichheden, spilen de Sweden op it dak fan in omboude brânwachtwein, joegen lisstuollekonserten, en spilen se yn Drive-in bioskopen. It fjirde studio-album "Heat Wave" waardt july 2020 útbrocht, yn 2022 opfolge troch "Black en Gold".

Yn de maitiid fan 2023 moast Nassil opnij op syk nei nije bandleden nei't se spul hân hie mei sjongeres Guernica Mancini de oare twa froulju setten frijwillich ôf. In koarte tiid letter makken Mancini, Johansson en Lindgren bekend dat se in nije band oprjochte hiene, The Gems. Se waarden ferfongen troch sjongeres Linnéa Vikström earder fan Paralydium, bassiste Majsan Lindberg earder fan Tyranex en drumster Joan Massing.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op LabelRock ’N’ Roll Disaster2 maart 2014Warner music SwedenRoad Feverseptimber 2015DespotzThundermother23 febrewaris 2018Heat Wave31 july 2020AFMBlack and Gold19 augustus 2022

Kategory:Sweedske hardrockband‎ Kategory:Band oprjochte yn 2009