260px|thumb|Fersprieding fan de Rynfrankyske dialekten. mei de Hessyske (1), Paltsyske (2) en de Loataringske (3), dy't ek wol ta de Paltsyske dialekten rekkene wurde, dialekten It Rynfrankysk (Dútsk: Rheinfränkisch) is in sammelnamme foar in kloft Heechdútske dialekten dy't yn it westen fan Dútslân en it uterste noardeasten fan Frankryk sprutsen wurde. De dialektekloft foarmet mei it Middelfrankysk de Westmiddeldútske talekloft.

Ferdieling Hessysk, yn gâns Hessen, súdlik fan de Benrather liny. Noardhessysk, om Kassel, Bad Hersfeld en Fulda hinne Middelhessyk Easthessysk Súdhessysk, om Frankfurt am Main hinne, Rynhessen yn Rynlân-Palts Paltsysk, yn Palts, Saarlân en noardlike Elzas Foarpaltsysk, yn Foarpalts en noardlik Elzas Koerpaltsysk, yn Noard-Baden yn Baden-Wuertemberch en yn in koloanje yn Kutchurhan yn 'e Oekraïne Westpaltsysk, yn Saarlân en oangrinzgjend gebiet yn Rynlân-Palts Eastpaltsysk, yn 'e East-Palts en yn in koloanje oan de Neva yn Ruslân Pennsylvania Dútsk, yn 'e Amerikaanske steaten Pennsylvania, Ohio en Indiana, allyk yn de Kanadeeske provinsje Ontario Loataringsk, yn it Frânske departemint Moselle

Begrinzging De dialekten wurde fan it Mûzelfrankysk skaat troch in isoglosse, de saneamde Sankt Goarer liny, ek wol bekend as de das/dat-liny. Dy isoglosse rint oer Simmern (Hunsrück) en giet by Sankt Goar de Ryn oer nei Limburch oan de Lahn en Dillenburch. Yn it noarden fan it taalgebiet wurde de dialekten oant de Benrather liny sprutsen, noardlik fan Kassel en grinzgje dêre oan it Nederdútsk. De Rynfrankyske dialekten wurde fierder skaat troch de Spierske liny fan it Eastfrankysk, it Súdfrankysk en Alemannysk. Dy isoglosse rint fan Wissembourg, Wörth am Rhein, Spiers, Sinsheim, Eberbach, Mudau en Wertheim.

Begripsferklearring Rynfrankysk en Rynfranken It Rynfrankysk moat net betiisd wurde mei it Ripuarysk, dat yn parten fan it Rynlân sprutsen wurdt, benammen yn it wiid omfiemjend gebiet om Keulen, Bonn, Aken en parten fan it Berchske Lân. It Ripuarysk, dy't mei it Mûzelfrankysk it Middelfrankysk foarmet, wurdt by fersin gauris as Rynfrankysk oantsjut. Histoarysk waarden alle Franken dy't by de Ryn del wennen, oantsjut as Rynfranken (ek wol Ripuaryske Franken neamd). Dochs dat kin net langer tapast wurde op de sprekkers fan de hjoeddeistige Rynfrankyske dialekten. De measten fan harren diele gjin miene Rynfrankyske identiteit, mar sjogge harsels earder as Hessers, Paltsers, Rynhessers of leden fan oare regionale taalgroepen.

Keppelings om utens Iwwersedser – Oersetmasine foar it Rynfrankysk Sprachgrenzen im rheinfränkischen Sprachraum – regionalsprache.de (interaktive Karte, Dútske taalatlas)

Kategory:Taal yn Dútslân Kategory:Taal yn Frankryk Kategory:Dútsk dialekt