Sosha Duysker (Amstelfean, 4 septimber 1991) is in Nederlânsk presintatrise, ferslachjouster en aktrise. Hja wurket foar de NPO en is bekend fan û.m. de tillefyzjeprogramma's Het Klokhuis, Keuringsdienst van Waarde en Waku Waku.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Duysker waard yn 1991 berne yn Amstelfean, as de dochter fan âldelju dy't fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf wiene., Het lukt me niet om boos te worden op Femke Halsema, yn: Trouw, 2 juny 2020. Sitaat: "Zo zat Sosha Duysker aan tafel, een van de presentatoren van Het Klokhuis en kind van twee Surinaamse ouders.", Noodgedwongen maar bewust, yn: De Groene Amsterdammer, 30 juny 2021. Sitaat: "Duysker vertelt Balai, beiden met Afrikaans-Surinaamse roots, dat haar ouders ervoor kozen hun dochters niet op te voeden met het slavernijverleden." Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se media, ynformaasje en kommunikaasje oan 'e Hegeskoalle fan Amsterdam.
Karriêre Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje fûn Duyske wurk as redaktrise by Zapp Kids Top 20, in berneprogramma fan 'e Nederlânske Publike Omrop. Yn 2016 waard se ien fan 'e fêste presintators fan in oare berneprogramma: Het Klokhuis fan 'e NTR, dêr't se oant 2021 oan ferbûn bliuwe soe. Dêrnjonken die se by de NTR fan 2018 oant 2020 ek de presintaasje fan it programma De Buitendienst. Fierders wurke se fan 2017 ôf ek as aktrise yn 'e jeugdsearjes Zappmissie en Zapp Detective. Yn 2018 spriek Duysker as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring de rol fan 'e nijslêzeresse yn 'e Disney-tekenfilm Ralph Breaks the Internet yn.
Yn 2020 presintearre Duysker op it Nederlânsk Filmfestival foar BNNVARA de útrikkingsseremoanje fan 'e Gouden Keallen, de wichtichste Nederlânske filmprizen. Datselde jiers wûn hja de Philip Bloemendal Priis foar it grutste sjoernalistike presintaasjetalint. Dy bekroaning fan har wurk krige se mei, troch har presintaasje fan in eigen fideo op Instagram, wêryn't se stelling naam tsjin rasisme en har stânpunt yn it maatskiplik debat oer Swarte Pyt taljochte. Yn 2021 sleat Duysker in eksklusyf kontrakt mei de KRO-NCRV, en waard se ien fan 'e fêste gesichten fan it ûndersykssjoernalistike programma Keuringsdienst van Waarde. Sûnt oktober 2022 docht se ek de presintaasje fan Waku Waku. Dy tillefyzjekwis út 'e 1990-er jierren oer bisten waard werombrocht op 'e tillefyzje; diskear lykwols net foar folwoeksenen, mar foar bern.
Filmografy
|align="center"| 2016–2021 || Het Klokhuis || presintatrise || |- |align="center"| 2017 || Zapp Skills || presintatrise || |- |align="center"| 2017 || Kerstster van het Jaar || presintatrise || |- |align="center"| 2017–2021 || Zappmissie || aktrise, ferskate rollen || |- |align="center"| 2017–2021 || Zapp Detective || aktrise, ferskate rollen || |- |align="center"| 2018–2019 || Binge || presintatrise || |- |align="center"| 2018–2020 || De Buitendienst || presintatrise || |- |align="center"| 2019 || Wat Kijk Je Nou? || presintatrise || |- |align="center"| 2019–2020 || Zapplive Checkt || presintatrise || |- |align="center"| 2020 || M || n.f.t. || te gast |- |align="center"| 2020 || Zapplive Extra || presintatrise || |- |align="center"| 2020 || De Nationale Schooltoets || presintatrise || |- |align="center"| 2020 || Het Gouden Kalveren Gala || presintatrise || |- |align="center"| 2020 || Serious Request: The Lifeline || presintatrise || |- |align="center"| 2021 || De Slimste Mens || n.f.t. || dielnimster oan in tillefyzjekwis |- |align="center"| 2021 || Zondag met Lubach || n.f.t. || sjongster yn clip oer Nieuwsuur |- |align="center"| 2021 || Opstand op de Neptunus || presintatrise || |- |align="center"| 2021 || Stereotypisch || presintatrise || |- |align="center"| 2021–2022 || Atlas || ferslachjouster || |- |align="center"| 2022 || The Passion 2022 || ferslachjouster || |- |align="center"| 2022–no || Keuringsdienst van Waarde || presintatrise/ferslachjouster || |- |align="center"| 2022–no || Waku Waku || presintatrise || |- |align="center"| 2023 || Fake It Till You Make It || presintatrise || ûnderdiel fan Het Klokhuis |- |align="center"| 2023 || Weet Ik Veel || n.f.t. || dielnimster oan in tillefyzjekwis |- |align="center"| 2023 || Ik Hou van Holland || n.f.t. || dielnimster oan in tillefyzjeshow
|align="center"| 2018 || Ralph Breaks the Internet || nijslêzeresse || as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Sosha Duysker yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:AVRO-wurknimmer Kategory:BNN-wurknimmer Kategory:KRO-wurknimmer Kategory:NCRV-wurknimmer Kategory:NTR-wurknimmer Kategory:TROS-wurknimmer Kategory:VARA-wurknimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1991