De Mûne fan Højer (Deensk: Højer Mølle) is in histoaryske wynmûne yn it Deenske plak Højer yn Súd-Jutlân. De nôtmûne is in ûnderdiel fan it Museum Sønderjylland.

Skiednis De achthoekige mûne mei in hichte fan 22 meter en in draaibere kape waard yn 1857 as stellingmûne boud. De mûne is mei sân ferdjippings de heechste mûne yn syn soarte fan Skandinaavje.

Oant 1972 hie de mûndersfamylje fan 'e stifter Emil Roll de nôtmûne yn bedriuw. Yn 'e jierren 1976-1977 waard de mûne restaurearre en it Mølle-og Marskmuseum ynrjochte. Foar de restauraasje hie de mûne selsswichting en foar de feiligens waard de flecht fan de mûne by de restauraasje mei twa meter ynkoarte om de besikers fan 'e mûne net yn gefaar te bringen. Oarspronklik hie de mûne in flecht fan 25 meter.

De museummûne stiet ûnder monumintesoarch en is mealree.

Kategory:Tønder Hojer Kategory:Bouwurk út 1857 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole