Nykøbing Falster, fakentiden ôfkoarte as Nykøbing F., is in plak op it eilân Falster en in eardere gemeente yn Denemark. De havenstêd leit oan 'e westlike kust fan it eilân. Sûnt de bestjoerlike weryndieling fan 1 jannewaris 2007 is de stêd it bestjoerlike sintrum fan de gemeente Guldborgsund.
Skiednis De oarsprong fan Nykøbing giet werom op de 13e iuw. Al om 1200 hinne krige de stêd merkrjochten, mar oars as de âldere plakken Ribe of Viborg sleat Nykøbing him earst yn 1560 (ny) by de kring fan stêden mei merkrjochten (købstad) oan. De tafoeging Falster tsjinnet om de stêd te ûnderskieden fan twa oare Deenske plakken mei deselde namme, Nykøbing Mors en Nykøbing Sjælland.
Befolkingsferrin Jier 1981 1986 1990 1996 2000 2004 ynwennertal (gemeente) 25.576 25.117 25.214 25.053 25.375 25.559 ynwennertal (stêd) 19.038 18.697 18.937 16.048 16.460 16.784 Jier 2009 2010 2023 ynwennertal (stêd) 16.405 16.458 16.927
It besjen wurdich thumb|left|It yn 'e jierren 1760 ôfbrutsen Slot Nykøbing. Yn 'e stêd binne ferskillende fakwurkhûzen út de 16e oant de 18e iuw. It saneamde Czarens Hus (tsarehûs) tsjinne sûnt 1697 as herberch. Doe't yn 1716 Peter de Grutte op it eilân wie, siet er dêr te iten. De wettertoer fan 1908 is 43 meter heech en hat in útsjochplatfoarm op in hichte fan 32 meter. Fan it 15e-iuwske Slot Nykøbing is allinne in ruïne bewarre. De Klosterkirken is in goatyske tsjerke út de 15e iuw. De tsjerke waard yn opdracht fan kening Erik VII foar it Fransiskaanske kleaster boud, dat oant 1532 bestie en mei de reformaasje yn 1536 opheft waard.
Musea Museum Obscurum Den gamle Købmandshandel Brânmuseum Iepenloftmuseum mei de midsiuwen as tema Oan 'e eastlike stedsrâne leit de Guldborgsund Zoo mei in botanyske tún.
Kategory:Plak yn Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2007