De Verbandsgemeinde Altenahr is in bestjoersgebiet yn it sintrum fan 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It haadplak fan de gemeente is Altenahr.

Skiednis It gemeenteferbân ûntstie yn 1968 yn it ramt fan bestjoerlike feroarings en in weryndieling yn Rynlân-Palts út it eardere Amt Altenahr, dat yn dy foarm sûnt 1936 bestien hie. Der fûn yn 1974 in útwreiding plak mei de Ortsgemeinde Kalenborn (dat earder yn 'e ferbânsgemeente Ringen lei). Dêrnei hawwe der noch ferskillende korreksjes west troch wat lytse plakjes by omlizzende plakken yn te dielen.

Gemeenteyndieling De gemeente is te ferdielen yn 12 Ortsgemeinden:

Ortsgemeinde Oerflak (km²) Ynwennertal (2021) Ahrbrück 12,56 1.076 Altenahr 14,84 1.592 Berg 19,05 1.294 Dernau 5,72 1.390 Heckenbach 27,34 233 Hönningen 10,02 1.050 Kalenborn 4,33 677 Kesseling 31,17 604 Kirchsahr 6,10 350 Lind 12,35 570 Mayschoß 5,66 822 Rech 4,69 524 Ferbânsgemeente Altenahr  153,82 10.182

Kategory:Gemeenteferbân yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1968