Chicken Little is in Amerikaanske tekenfilm út 2005. It is de 46e tekenfilm dy't produsearre is troch Disney, en (nei Dinosaur) de twadde kompjûteranimearre film, folslein produsearre troch Walt Disney Pictures. De film gie op 4 novimber 2005 yn de Feriene Steaten yn premjêre, wêrop't Nederlân op 16 novimber fan datselde jier folge.
Ferhaal
Chicken Little is in lytse hin dy't libbet yn in wrâld fol pratende bisten. Hy is tige nerveus en docht soms domme dingen.
Op in dei ferneatiget er hast syn stêd troch in falsk alarm ôf te roppen omdat de himel nei ûnderen falle soe. Hy tinkt dat omdat der in frjemd foarwerp op syn holle fallen is doe't er ûnder in ikebeam siet. Hy kin it foarwerp neitiid lykwols net mear weromfine. Elkenien tinkt dat er fansels gewoan in ikel op 'e holle krigen hat, en makket him út foar dom omdat er tocht dat de himel echt nei ûnderen kaam. Oant in jier nei it ynsidint is er noch altyd it mikpunt fan spot. Syn iennige freonen binne ek wat bûtensteanders: de ûnsjogge ein Abby Mallard, de grouwe baarch Runt of the Litter, en de fisk Fish out of Water.
Yn in besykjen it respekt fan de stêd werom te winnen, skriuwt Chicken Little him yn foar it honkbalteam fan syn skoalle. Elkenien ferwachtet dat er der neat fan bakt, mar hy blykt in talint te wêzen en wint foar syn team in grutte wedstriid. Hy wurdt rûnom ûnthelle as held.
Dy nachts falt der wer wat frjemds op syn holle. It is itselde foarwerp as in jier earder, mar no kin Chicken Little it better besjen. It blykt in frjemd apparaat te wêzen dat himsels kamûflearje kin, wat ferklearret wêrom't er it earder net mear weromfine koe. Hy ropt syn freonen derby om út te finen wat it is. Wannear't Fish by fersin in knop op it apparaat yndrukt, ûntdekke se dat it apparaat diel útmakket fan in ek kamûflearre ufo. Chicken Little besiket opnij alarm te slaan, mar de aliens binne al fuort tsjin de tiid dat de ynwenners fan de stêd oandraven komme en Chicken Little wurdt wer net leaud.
De oare deis docht bliken dat de aliens by har hastige ôfreis in bern achterlitten hawwe. Net folle letter arrivearret in hiele float ufo's wat it begjin fan in ynvaazje liket. Yn werklikheid binne se allinne op syk nei de achterbleaune jonge alien. Chicken Little bringt de alien werom, wêrnei't de oanfal ôfblaasd wurdt.
No't er de stêd rêden hat, krijt Chicken Little lang om let de heldestatus dy't er graach wol. Syn ferhaal wurdt sels ferfilme, al is it yn sterk oanpaste foarm.
Stimmen Ingelske stimmen Zach Braff - Chicken Little Garry Marshall - Buck Cluck Don Knotts - Mayor Turkey Lurkey Patrick Stewart - Mr. Woolensworth Amy Sedaris - Foxy Loxy Steve Zahn - Runt of the Litter Joan Cusack - Abby Mallard Wallace Shawn - Principal Fetchit Harry Shearer - Dog Announcer Fred Willard - Melvin - Alien Dad Catherine O'Hara - Tina - Alien Mom Patrick Warburton - Alien Cop Adam West - Ace - Hollywood Chicken Little Mark Walton - Goosey Loosey Mark Dindal - Morkubine Porcupine / Coach
Nederlânske stimmen Pepijn Gunneweg - Chicken Little Edwin Rutten - Buck Cluck Rob van de Meeberg - Burgemeester Turkey Lurkey (Mayor Turkey Lurkey) Paul van Gorcum - Meester Wollenbroodje (Mr. Woolensworth) Nina Deuss - Foxy Loxy Jon van Eerd - Billy Big Kim-Lian van der Meij - Malle Abby (Abby Mallard) Carol van Herwijnen - Directeur Fetchit (Principal Fetchit) Jack van Gelder - Sportverslaggever Erik de Vogel - Melvin de Alien Caroline de Bruijn - Tina de Alien Stan Limburg - Alien Agent Peter Paul Muller - Ace (Ace - Hollywood Chicken Little)
Kategory:Amerikaanske tekenfilm Kategory:Amerikaanske bernefilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film fan de Walt Disney Animation Studios Kategory:Film út 2005