Foarfallen 4 febrewaris - Frankryk skaft de slavernij ôf. juny - It Frânske leger feroveret de Súdlike Nederlannen. Dat is it begjin fan de Frânske Tiid yn Belgje. novimber-desimber - It Frânske leger feroveret de Generaliteitslannen fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen, en stjit troch oan 'e Grutte Rivieren ta. sûnder datum - De Frânsman Nicolas-Jacques Conté fynt it grafyt-potlead út. sûnder datum - Aldetrine kriget in nije tsjerke.

Berne 25 febrewaris - Gerrit Schimmelpenninck, Nederlânsk politikus en ûndernimmer († 1863) 23 maaie - Ignaz Moscheles, Boheemsk komponist en pianist († 1870) 28 juny - Sjoerd Bonga, Frysk topografysk tekener en skilder († 1865) 15 augustus - Elias Magnus Fries, Sweedsk mykolooch († 1878) datum ûnbekend Jacob Sjoukes Visser, histoarysk persoan út Snits († 1820). Mooglik berne yn 1793 Moaimeitsjende Fûgel (Beautifying Bird), opperhaad fan 'e Odjibwe († 1855)

Ferstoarn 8 maaie - Antoine Lavoisier, Frânsk skiekundige (* 1743) 28 july - Maximilien Robespierre, Frânsk revolúsjonêr (* 1758)

Kategory:18e iuw