thumb|Guercino (selsportret) thumb|Stúdzje fan in âldman, pinne en brune inket op papier Guercino of Il Guercino ('de skillige') (Cento, 8 febrewaris 1591 – Bologna, 22 desimber 1666) wie in Italiaanske keunstskilder út de barok waans oarspronklike namme Giovanni Francesco Barbieri wie.
Biografy Guercino waard berne yn Cento, in stêd tusken Bologna en Ferrara. Hy wie in meistudint fan de skilder Lodovico Carracci Hy wurke yn Rome en Bologna.
Yn Rome skildere er yn de perioade tusken 1621 en 1623 ûnder mear it plafond-fresco fan Casino Ludovisi. Syn alterstik Begraffenis fan St. Petronilla (1623), makke foar in alter yn de Sint-Pitersbasilyk, is te sjen yn de Musei Capitolini. It krêftige naturalisme fan syn iere wize fan wurkjen kontrastearret mei it klassike lykwicht fan syn lettere wurken dy 't neffens saakkundigen nea de dramatyske yntinsiteit fan syn betide wurk krigen. Syn tekeningen steane bekend om har helderheid en libbene styl.
Musea Guercine syn wurk is ûnder mear te sjen yn: de Hermitaazje in Sint-Petersburch Palazzo Rosso yn Genua Fine Arts Museums of San Francisco yn San Francisco J. Paul Getty Museum yn Los Angeles De Keninklike Biblioteek yn Windsor hat in wiidweidige samling fan syn tekeningen.
Galery Skilderijen
Tekeningen
Keppeling om utens Guercino op Artcyclopedia
Kategory:Italjaansk keunstskilder Kategory:Italjaansk tekener Kategory:Emyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1591 Kategory:Persoan stoarn yn 1666