Deep Impact is in Amerikaanske rampefilm út 1998 ûnder rezjy fan Mimi Leder, mei yn 'e haadrollen Téa Leoni, Robert Duvall en Elijah Wood. De titel is in wurdboarterij, mei't it sawol "Djippe Ynslach" as "Yngeande Ynfloed" betsjutte kin. It ferhaal folget trije persoanen: Leo Beiderman, in skoaljonge dy't as amateur-astronoom in mânske asteroïde ûntdekt dy't rjocht op 'e Ierde takomt; Jenny Lerner, in ferslachjouster foar in Amerikaansk tillefyzjenetwurk dy't de geheime tariedings op it spoar komt dy't de Amerikaanske oerheid foar de kommende ynslach makket; en kaptein Spurgeon "Fish" Tanner, in âlde astronaut dy't belutsen is by in romtefeartmisje om it neieroankommende ûnheil te kearen. Deep Impact krige fan 'e filmkritisy tuskenbeiden oant negative resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film kaam út yn deselde simmer dat ek Armageddon yn 'e bioskopen draaide, in film mei itselde tema. Hoewol't Armageddon kommersjeel súksesfoller wie, waard Deep Impact troch astronomen omskreaun as wittenskiplik akkurater.
Plot Yn Richmond, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, organisearret de astronomyklub fan in middelbere skoalle in nachtlike stjerrewaarnimming. Skoaljonge Leo Beiderman wurdt dêrby in ljochte stjer gewaar, dy't er net teplakbringe kin. Hoewol't syn buorfamke en faam Sarah Hotchner de gek mei him hat, makket er der in foto fan, dy't er opstjoert nei de renommearre astronoom dr. Marcus Wolf, yn Tucson, yn Arizona. As dyselde him yn 'e saak ferdjippet, sjocht er daliks dat it net om in stjer giet, mar om in komeet, dy't er nei himsels en Leo de namme "Wolf-Beiderman" jout. Hy lit de kompjûter útrekkenje wêr't de komeet hinne giet en kriget dan de skrik fan syn libben as de útkomst is dat er nei in bocht om 'e sinne hinne streekrjocht op 'e Ierde takomme sil.
Wolf besiket de autoriteiten te warskôgjen, mar syn server leit plat. Dat, hy stapt yn 'e auto om syn ûntdekking yn persoan oan 'e ferantwurdlike oerheidsynstânsje oer te bringen. In kombinaasje fan in smelle, bochtsjende berchwei, in astronoom dy't ûnder it autoriden mei syn mobile tillefoan omprutst en in temjitte kommende frachtwein bestjoerd troch in sjauffeur dy't op in krityk momint syn sigaret falle lit, soarget lykwols foar in ferkearsûngemak dêr't Wolf by omkomt ear't er immen warskôgje kinnen hat.
In jier letter docht sjoernaliste Jenny Lerner, dy't as ferslachjouster foar it Amerikaanske tillefyzjenetwurk MSNBC wurket, ûndersyk nei it hommels ôftreden fan 'e Amerikaanske minister fan Finânsjes Alan Rittenhouse. De offisjele ferklearring is dat Rittenhouse syn frou siik wêze soe, mar neffens Jenny har boarnen is hja oanhelle mei alkoholisme sûnt Rittenhouse syn jonge soan inkele jierren earder ferstoarn is. Jenny hat dit ûnderwerp taparte krige om't se as begjinnend ferslachjouster ûnderoan de pikoarder stiet. Se freget har ôf oft hjir eins wol in ferhaal yn sit. Nettsjinsteande dat begjint se te dollen.
As se de eardere sekretaresse fan Rittenhouse fynt, dy't wrok tsjin 'e minister koesteret om't se fanwegen syn ôftreden wurkleas wurden is, kriget se te hearren dat de minister in mêtresse hie dy't Ellie hiet en dêr't er tige geheimsinnich oer die, sasear dat it krekt de oandacht loek. De sekretaresse wit ek te melden dat presidint fan 'e Feriene Steaten Tom Beck fan 'e affêre fan Rittenhouse op 'e hichte wie, mei't se de minister ris trappearre hie doe't er it yn in tillefoanpetear mei de presidint oer Ellie hie.
Jenny riddenearret dat Rittenhouse opstapt wêze moat om't syn oerhoer op it punt stie om út te kommen en hy in skandaal foar wêze woe. Se siket de âld-minister by syn fakânsjehûs oan see op, dêr't se gewaarwurdt dat Rittenhouse drinkwetter en oare foarrieden hamstere hat en risselwearret om mei frou en dochter ôf te setten op syn syljacht. Se seit tsjin Rittenhouse dat se wit fan Ellie. De âld-minister wol net mei har prate, mar neamt de kwestje al "it wichtichste ferhaal datst ea ferslaan silst". Jenny begrypt dêr neat fan, oant se op 'e weromweis beseft dat Ellie de mêtresse fan 'e presidint wêze moat.
Noch foar't se wer yn Washington, D.C. is, wurdt Jenny fan 'e dyk twongen troch in stikmannich auto's dêr't spesjaal aginten fan 'e federale resjerzje FBI yn blike te sitten. Se wurdt by presidint Beck en dy syn adviseur Morten Entriken brocht. Hoewol't se beart dat se alles fan 'e saak ôfwit, wurdt it har al rillegau dúdlik dat se eins gjin idee hat wat der oan 'e hân is. Beck freget har 48 oeren te wachtsjen mei it bringen fan it ferhaal en biedt Jenny yn ruil dêrfoar in plak oan op 'e foarste rige by de parsekonferinsje dêr't er alles bekendmeitsje sil. Sy giet dêrmei akkoart, mar betinget dat sy as earste in fraach stelle mei. Werom op har kantoar beslút se dat "Ellie" wat folslein oars wêze moat as dat se tocht. Se trochsiket it ynternet en ûntdekt dat ELE, mei deselde útspraak, in ôfkoarting is foar extinction-level event, oftewol in ramp dy't sa grut is dat it fuortbestean fan 'e minskheid faai komt te stean.
Twa dagen letter hâldt presidint Beck in parsekonferinsje, wêrby't er bekend makket dat der in komeet, Wolf-Beiderman, mei in trochsneed fan 11 km en in gewicht fan 500 miljard ton, op koers leit om oer rûchwei in jier frontaal yn botsing te kommen mei de Ierde. As dat bart, soe dat it útstjerren fan 'e minskheid en alle oare libben op 'e hiele planeet feroarsaakje kinne. Dêrom binne de Feriene Steaten, nei't de komeet ûntdutsen waard, yn gearwurking mei de Russyske Federaasje úteinset mei de bou, yn in baan om 'e Ierde, fan it grutste romteskip dat ea makke is: de Messiah ("Messias"). It is de bedoeling dat in lytse groep krigele astronauten dêrmei nei Wolf-Beiderman ta reizgje sille om op 'e komeet te lânjen, gatten yn it oerflak te boarjen en dêryn in trijetal kearnbommen ta ûntploffing te bringen. De ferwachting is dat de komeet dêrtroch fan syn koers ôf brocht wurde kin.
Nei't Beck syn taspraak beëinige hat, mei Jenny net inkeld de earste, mar ek de twadde fraach stelle, wêrmei't se op slach nasjonale bekendheid kriget. Dat ta argewaasje fan har kollega Beth Stanley, dy't âlder is en mear ûnderfining hat. Jenny har fragen binne lykwols neat bysûnders, oant se freget in trêde fraach stelle te meien. Mei knikkende knibbels wol se fan Beck witte oft it net sa is dat net eltsenien yn syn regear fertrouwen yn it rêdingsplan mei de Messiah hat, en oft it net sa is dat minister Rittenhouse ôftreden is om't er tiid mei syn gesin trochbringe wol foar't de komeet ynslacht. Beck is dan twongen om te befêstigjen dat dat yndie wier is.
Koarte tiid letter set de Messiah ôf, mei oan board in bemanning besteande út fiif Amerikaanske astronauten en ien Russyske kosmonaut. De lieding oer de misje is yn 'e hannen fan luitenant-kolonel Oren Monash. Trije fan 'e oare astronauten, Gus Partenza, Mark Simon en Andrea Baker, binne ûngefear like âld as hy, yn 'e tritich. Datselde jildt foar kolonel Michaïl Tûltsjinski, in Russyske ekspêr op it mêd fan nukleêre wapens. It fyfde lid fan 'e misje is kaptein Spurgeon "Fish" Tanner, in op jierren reitsjende widner fan tsjin 'e santich, dy't de lêste man is dy't noch op 'e moanne rûn hat. Hy is oan 'e misje tafoege om't er as iennichste ea earder in romteskip op in bûtenierdsk himellichem lâne hat. Yn 't earstoan is der wat spanning tusken de jongere astronauten en de âldere Tanner, mar mei't se allegearre professionals binne, hat dat gjin ynfloed op harren wurk.
Nei in reis fan fiif moannen wit de Messiah sûnder grutte swierrichheden Wolf-Beiderman te berikken, dêr't Tanner it romteskip op it oerflak fan 'e komeet lânet. Monash, Partenza, Simon en Tûltsjinski geane yn romtepakken nei bûten ta en boarje mei spesjaal ûntwikkele boaren dy't oan 'e kearnbommen fêstmakke binne trije gatten oant op grutte djipte. De put duorret lykwols langer as foartiid tocht wie, mei as gefolch dat de stadich om syn eigen as draaiende komeet dat diel fan syn oerflak wer nei de sinne ta keart. Monash, dy't syn fizier net op 'e tiid omleech kriget, rint dêrtroch brânwûnen oan syn gesicht op en rekket blyn. Partenza wurdt ûnderweis werom nei de Messiah troch in eksplosive útstjit fan superferhjitte gassen út it oerflak fan 'e komeet de romte yn blaasd. Mei Simon, Tûltsjinski en Monash wer oan board, makket de Messiah him út 'e fuotten en wurde de bommen ta ûntploffing brocht. Mar oars as dat hope wie, bringt de nukleêre eksploazje de komeet net fan koers. Ynstee wurdt de komeet yn twaen spjalten yn in foaropgeand lytser brokstik, dat Beiderman komt te hjitten, en it folgjende meastepart fan 'e komeet, dat Wolf neamd wurdt.
Presidint Beck makket yn in taspraak op 'e tillefyzje oan 'e Amerikanen en de widere wrâld bekend dat de Messiah-misje mislearre is: beide dielen fan 'e komeet binne noch altyd ûnderweis nei de Ierde en sille oer likernôch in healjier ynslaan. Hy fertelt dat der in Plan B bestiet om 'e komeet fan koers te bringen troch de ynset fan alle mei kearnbommen tariste ynterkontinintale ballistyske raketten dy't de Feriene Steaten en Ruslân hawwe, mar dêrfoar moatte Beiderman en Wolf earst folle tichter by de Ierde komme. Underwilens kundiget Beck de steat fan belis ôf. Foar it gefal dat ek de ynset fan 'e raketten mislearret, hat de presidint yn 'e lêste oardel jier in stelsel fan tunnels en keamers útholje litten yn 'e sêfte kalkstienheuvels fan Missoery. Hy neamt dat tunnelstelsel "de Ark" neamt (nei de Ark fan Noäch). Dêr sille eksimplaren fan safolle mooglik planten en bisten opslein wurde, en der kinne boppedat 1 miljoen minsken ferskate jierren lang beskûl fine, oant it ierdoerflak wer bewenber is. Fan dy miljoen lju binne 200.000 preselektearre: politisy, wittenskippers, yngenieurs, skriuwers, keunstners, militêren en oaren dy't net mist wurde kinne. Foar de oare 800.000 plakken sil in nasjonale lotterij holden wurde, dêr't lykwols minsken fan boppe de fyftich net oan mei dwaan kinne.
Leo Beiderman, syn âldelju en syn jongere suske binne preselektearre by wize fan tank foar syn earste waarnimming fan 'e komeet. Dat pleatst Leo, dy't hâldt fan syn faam Sarah, foar in aaklik dilemma. Hy lost it op troch mei har te trouwen, mei't de húshâlding fan preselektearre lju automatysk ek preselektearre is. Dêrnei brûkt er syn nijwûne ferneamdens as de ûntdekker fan 'e komeet om Sarah har heit en har mem, dy't op alle dagen rint, ek talitten te krijen ta de Ark. Mar as de dei komt dat se ophelle wurde om nei Missoery oerbrocht te wurden, blike Sarah har âlden net op 'e list te stean fan minsken dy't mei meie. Dêrop kiest Sarah derfoar om by har heit en mem te bliuwen, wylst Leo mei syn âlden en suske nei Missoery reizget. By oankomst yn 'e Ark beseft er lykwols dat er in misse set begien hat om't er net sûnder Sarah libje kin. Hy giet lykme-allinne werom nei Firginia om har op te heljen.
Jenny Lerner is ek preselektearre as in lanlike ferslachjouster dy't it fertrouwen fan 'e befolking hat. Har mem Robin, in skieden allinnichsteande âldere frou dy't omreden fan har leeftyd net yn oanmerking kaam om oan 'e lotterij diel te nimmen, makket harsels fan kant. Jenny jout har fan har ferfrjemde heit Jason dêr de skuld fan, om't dy (al jierren lyn) har mem yn 'e steek litten hie om mei in jongere frou te wertrouwen. As Jason mei har besiket te praten, stegeret se him ôf en seit se dat se harsels no as wees beskôget. Letter siket har heit har op har wurk op en jout har in pear foto's dy't har mem nommen hat fan Jenny en Jason oan it boartsjen op it strân by harren fakânsjehûs oan see, doe't Jenny fiif jier wie. Hy wol har dêrmei tebinnenbringe dat se wier wol in heit hat, mar sy hâldt út dat dy deis har net mear heucht.