Oliver Taylor Hawkins (Fort Worth, 17 febrewaris 1972 – Bogotá, 25 maart 2022) wie in Amerikaansk drummer. Hy waard benammen bekend fan de band Foo Fighters.

Karriêre Hawkins begûn by de eksperimintele band Sylvia en wie yn 1994 drummer yn de begeliedingsband fan Sass Jordan ûnder har Europeeske toernee. By it lêste optreden yn Hollywood learde er Alanis Morissette kinnen, fan 1995 oant maart 1997 wie er drummer by Morrisette's begeliedinngsband Sexual Chocolate, hy wie ek te sjen yn in tal fideoclips fan Alanis Morissette. thumb|left|200px|Taylor Hawkins yn 2018 Begjin 1997 krige Hawkins in tillefoantsje fan Dave Grohl mei de fraach of't er in drummer wist foar syn band Foo Fighters om 't se krekt harren drummer William Goldsmith ûntslein hiene. Taylor bea himsels oan en sadwaande waard hy de nije drummer fan de Foo Fighters. Hawkins wie foar it earst te sjen as drummer fan de band yn de fideoclip fan it nûmer Monkey Wrench hoewol't it nûmer sels ynspyle wie troch Grohl. Njonken drumme song Taylor ek in tal nûmers yn, ynstee fan Dave Grohl; sa is er te hearren op de nûmers Cold Day in the Sun en op in tal covers dy't de band opnaam hat.

Yn de simmer fan 2001 naam Taylor Hawkins wilens in toernee yn Europa in oerdoasis heroïne, wêrtroch't er twa wiken yn koma lei.

Njonken Foo Fighters hat Taylor Hawkins oan in tal oare projekten en bands meiwurke. Sa brocht er mei syn eigen band Taylor Hawkins & The Coattail Riders trije albums út.

Yn 2012 waard bekend makke dat Hawkins de rol fan Iggy Pop op him nimme soe yn de film CBGB oer de klup mei deselde namme. Yn 2014 ferskynde in album fan it projekt, The Birds of Satan, dêr't ek ferskate Foo Fighters op meispylje. Ek spile Taylor Hawkins yn in Police-coverband. Police-drummer Stewart Copeland wie ien fan syn foarbylden.

Priveelibben Taylor Hawkins waard berne yn Fort Worth Teksas, as jongste yn in gesin fan trije. Yn 1976 ferhuze de famylje nei Laguna Beach Kalifornje dêr't er fierder opgroeide. Hawkins boaske yn 2005 en krige mei syn frou trije bêrn.

Ferstjerren Yn 2022 soe Hawkins mei de Foo Fighters op toernee troch Súd-Amearika, mar op 25 maart 2022, krekt foar in optreden yn Bogotá oan it begjin fan it toernee, waard Taylor dea fûn yn syn hotelkeamer. zwaremetalen.com, 26-3-2022, Foo Fighters-drummer Taylor Hawkins overleden metalfan.nl, 26-3-2022, Foo Fighters-drummer overleden. Hawkins waard 50 jier âld. Letter die bliken dat er stoarn wie oan in kombinaasje fan drugs en medisinen.

Yn septimber dat jier joegen de Foo Fighters twa konserten ta neitins oan Hawkins, de earste yn it Wembley Stadium yn Londen, en de twadde yn it Kia Forum yn Los Angeles. Syn soan Shane Hawkins, spile yn it Wembley Stadium by it nûmer "My Hero" op de drums.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) There Is Nothing Left to Lose2 novimber 1999Foo FightersLearn to Fly,Stacked Actors,Generator,Breakout,Next YearOne by One22 oktober 2002All My Life,Times Like These,Low,Have It AllIn Your Honor14 juny 2005Best of You,DOA,Resolve,No Way Back/Cold Day in the SunTaylor Hawkins and the Coattail Riders 21 maart 2006Taylor Hawkins & The Coattail RidersLouise/It's OK NowEchoes, Silence, Patience & Grace25 septimber 2007Foo FightersThe Pretender,Long Road to Ruin,Cheer Up, Boys (Your Make Up Is Running),Let It DieRed Light Fever20 april 2010Taylor Hawkins & The Coattail RidersWasting Light12 april 2011Foo FightersRope,White Limo,Walk,Arlandria,These Days,Bridge BurningThe Birds of Satan15 april 2014The Birds of SatanThanks for the LineSonic Highways10 novimber 2014Foo FightersSomething from Nothing,The Feast and the Famine,Congregation,What Did I Do? / God as My Witness,OutsideConcrete and Gold15 septimber 2017Run,The Sky Is a Neighborhood,The LineGet the Money8 novimber 2019Taylor Hawkins & The Coattail RidersMedicine at Midnight5 febrewaris 2021Foo FightersShame Shame,No Son of Mine,Waiting on a War,Making a Fire,Love Dies Young

As gastmuzikant Nûmer(s) Album Utbrocht yn Mei band Parasite,Mr. Darkness,Evil ShufflePatient Number 92000Ozzy Osbourne

Kategory:Foo Fighters Kategory:Amerikaansk drummer Kategory:Amerikaansk rockartyst Kategory:Amerikaansk hardrockartyst Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1972 Kategory:Persoan stoarn yn 2022