De Slach op de Menamermieden fûn plak op 18 augustus 1397. It wie in gefjocht tusken de Skieringers en Fetkeapers, dat troch de Skieringers wûn waard. De Skieringers waarden oanfierd troch Sikke Dekema en Gale Hania, wylst de Fetkeapers ûnder befel stienen fan Ode Botnia.

Oanlieding De oanlieding ta de slach wie de ferwoasting fan de Skieringer stinzen fan de haadlingen Sikke Dekema en Gala Hania yn Weidum. Beiden haadlingen hienen in skoftlang yn it bûtenlân west om as hierlingen yn it leger te tsjinjen. By weromkomst fûnen hja harren bûtenpleatsen ferwoaste troch de Fetkeapers.

Slach De legers troffen inoar op de Menamermieden tusken de doarpen Marsum en Dronryp en rekken yn gefjocht. Yn de slach, dêr't it der tige bluodrich om wei, hienen de Skieringers de oerhân en moasten de Fetkeapers mei grutte ferliezen ôftaaie.

Sjoch ek Fryske fjildslaggen Skieringers en Fetkeapers

Kategory:Striid tusken Skieringers en Fetkeapers Kategory:Militêr treffen yn 1397 Kategory:Militêr treffen fan Fryslân