|} De Siuwske Line, ek wol Line F of Steatsline F is de neffens de "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei dy't de stêden Flissingen, Middelburch, Goes en Bergen op Soom ferbynt mei Roosendaal. De spoarline koe oanlein wurde nei de oanlis fan de Sloedaam en de Kreekrakdaam, wêrmei't de eilannen Walcheren en Súd-Bevelân in ferbining oer lân krigen mei de rest fan Nederlân. De line telt twa grutte spoarbrêgen: Ien oer it Kanaal troch Súd-Bevelân en ien oer it Skelde-Rynkanaal. Lêstneamde farferbining waard goed 100 jier nei de spoarferbining iepene.
Skiednis It earste part, Roosendaal - Bergen op Soom, waard iepene op 23 desimber 1863 en wie de tredde spoarline dy’t troch de Steatsspoarwegen yn har earste jier fan bestean yn eksploitaasje nommen waard. In lytse fiif jier letter op 1 july 1868, waard de line ferlinge oant Goes en tusken 1 maart 1872 en 1 septimber 1873 waard yn trije etappen it einpunt Flissingen berikt.
De spoarline waard yn fjouwer fazen iepene:
Datum Traject Tuskenstasjons23 desimber 1863Roosendaal - Bergen op Soom1 july 1868Bergen op Soom - GoesRilland-Bath, Krabbendijke, Kruiningen-Yerseke,Kapelle-Biezelinge1 maart 1872Goes - MiddelburchArnemuiden1 novimber 1873Middelburch - FlissingenFlissingen Souburg
Yn Flissingen bestie oansluting op de feartsjinst nei Ingelân, eksploitearre troch de Stoomvaart Maatschappij Zeeland. Dizze feartsjinst waard oprjochte nei oanlieding fan de oanlis fan de spoarline. De Siuwske line wie dêrmei in wichtige skeakel yn de rapste ferbining tusken Berlyn en Londen. Benammen yn de perioade oant de Earste Wrâldkriich rieden streekrjochte boattreinen tusken Flissingen en Berlyn. Ferskate foarsten en diplomaten makken fanwegen it komfort gebrûk fan dizze treinen. Yn it stasjonsgebou fan Flissingen wie om dy reden sels in keninklike wachtkeamer oanwêzich. Nei de Earste Wrâldkriich kaam de klam mear op it toeristeferfier te lizzen. Mar yn 1939 al foar de Twadde Wrâldkriich waard de feartsjinst fanwegen kriichsdriging staakt. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden de wichtichste fearferbiningen mei Ingelân nei Hoek fan Hollân ferpleatst en ferdwûnen de boattreinen definityf út Flissingen.
By de Wettersneed fan 1953 kaam in part fan de Siuwske line ûnder wetter te stean. Tichtby Kruiningen wie in stik spoarline dêr 't allinnich by leechwetter treinen ride koene. Steatsline F waard yn 1956 folslein elektrifisearre.
Stasjonsgebouwen Krekt as lâns de oare spoarlinen út de earste perioade fan de earste steatsoanlis, ferskine ek lâns Steatsline F Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Stasjon Vlissingen Souburg is it iennige stasjon oan dizze spoarline dat net by of flak nei de iepening fan it trajekt yn gebrûk naam is. Stasjon Flissingen Souburg waard iepene yn 1986. Yn de begjin jierren hie Flissingen ek twa stasjons, Flissingen Haven it hjoeddeistige stasjon Flissingen en Flissingen Stêd dat al yn 1894 sletten waard. Ek foar in tal lytsere stasjons, wêrûnder dy fan 's-Heer Arendskerke, Wouw en Woensdrecht, foel yn de rin fan de jierren it doek. Fan de oarspronklike stasjonsgebouwen binne der oan Steatsline F in tal gebouwen bewarre bleaun. De gebouwen fan Stasjon Middelburch, Arnemuiden, Kapelle-Biezelinge, Kruiningen-Yerseke en Krabbendijke stammen út it jier fan iepening, hoewol't oan dizze stasjonsgebouwen ferskate lytse en grutte ferbouwings plak hân ha.
Stasjon Type gebou Opmerkingen150px RoosendaalUnyk ûntwerp1e stasjonsgebou yn 1905 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom. 2e stasjonsgebou yn 1949 diels ôfbrutsen troch kriichsskea en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan S. van Ravesteyn. Wouwtype SS fiifde klassegebou ôfbrutsen yn 1961, stasjon sletten yn 1938. Bergen op SoomUnyk ûntwerpYn 1971 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. Woensdrechttype SS fiifde klassegebou ferlern gien yn de twadde wrâldkriich, stasjon sletten yn 1938. Rilland-BathLyts gebouke1e stasjonsgebou ein 1945 troch brân ferlern gien, en yn 1952 ferfongen in unyk ûntwerp fan fan S. van Ravesteyn. 2e stasjonsgebou yn 2006 ôfbrutsen.150px Krabbendijketype SS fiifde klasse OostdijkGjinStasjon sletten150px Kruiningen-Yerseketype SS fiifde klasseStasjonsgebou is yn gebrûk as kantoar. VlakeGjinStasjon sletten yn 1933.150px Kapelle-Biezelingetype SS fiifde klasse150px Goestype SS fjirde klasseYn 1980 ôfbrutsen en yn 1982 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast. 's-Heer Arendskerketype SS fiifde klassegebou ôfbrutsen yn 1963, stasjon sletten yn 1938. Lewedorp Lyts gebouke1e gebou yn 1916 ferfongen en ôfbrutsen/ferlern gien yn 1940, 2e stasjonsgebou yn 1965 ôfbrutsen. Stasjon sletten yn 1938. Arnemuidentype SS fjirde klasse Wizige útfiering 150px Middelburchtype SS tredde klasse Oost SouburgLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1954, stasjon sletten yn 1945. Flissingen Souburgstanderttype foarstêdshaltegebou ôfbrutsen yn 2007.150px Flissingen Stêdkrompen ferzje fan type SS tredde klasseGebou ferlern gien yn de twadde Wrâldkriich, stasjon sletten yn 1894. Flissingenlaach en lang stasjonsgebou1e stasjonsgebou yn 1892 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt D.H. Haverkamp. 2e stasjonsgebou yn 1944 ferlern gien yn de twadde Wrâldkriich en yn 1950 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan S. van Ravesteyn.
Sjoch ek Steatslinen Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen
Steatsline F F F Kategory:Bouwurk út 1873