|} Steatsline E is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Breda en Maastricht. De folsleine spoarline waard op 1 oktober 1866 iepene. Steatsline E is mei in lingte fan 180 kilometer de langste fan de tsien steatslinen.

Skiednis Nei't Kabinet-Rochussen op 8 febrewaris 1860 fallen wie troch de spoarweikwestje, trede it nije Kabinet-Van Hall-Van Heemstra al krap twa wiken letter oan. Dit kabinet besleat om in tsiental spoarlinen yn Nederlân oan te lizzen op kosten fan de Steat, wêrûnder Steatsline E fan Breda nei Maastricht, en soe by stasjon Boxtel oanslute op Steatsline H de spoarline fan Utert nei Boxtel. Boxtel waard sadwaande in spoarwei-knooppunt fan Noard-Brabân, as kompromis tusken de belangen fan De Bosk en Eindhoven.

De spoarline waard yn fiif fazen iepene: Datum Traject Tuskenstasjons5 oktober 1863Breda - TilburchGilze-Rijen, Tilburch Reeshof, Tilburch Universiteit1 maaie 1865Tilburch - BoxtelOisterwijk1 july 1866Boxtel - EindhovenBest, Eindhoven Strijp-S, Eindhoven Stadion1 oktober 1866Eindhoven - VenloHelmond Brandevoort, Helmond 't Hout, Helmond,Helmond Brouwhuis, Deurne, Horst-Sevenum, Blerick21 novimber 1865Venlo - MaastrichtTegelen, Reuver, Swalmen, Roermond, Echt, Susteren, Sittard,Geleen-Lutterade, Beek-Elsloo, Bunde

By de iepening fan de spoarline waarden gjin feestlikheden organisearre, wat yn dy tiid wol gewoan wie. Dit hie te krijen mei in epidemy fan goalera yn de omkriten fan Helmond.

fersakkingen tichtby Geulle Yn de omkriten fan Geulle is der in talúd oanlein om de it hichteferskil yn it Bunder- en Elslooërbosk oerbrêgje te kinnen. Yn it bosk komt lykwols in protte wetter út 'e boaiem, dat ta ynstabiliteit yn it talúd late troch fersêdiging fan 'e boaiem. Dat late wilens de bou fan de line al ta problemen, mar de line waard nei it nedige werstelwurk feilich befûn en yn gebrûk naam. Mar op 25 septimber 1892, fersakke it talúd dochs oer in lingte fan 80 meter, sa'n fiif meter djip fuort. In passazjierstrein wie krekt passearre en in oankommend frachttrein koe troch yngripen fan in omwenner út Geulle noch krekt op 'e tiid remje, foar't dy it ûntsteane gat yn ried. By it werstelwurk is it talúd op in steviger basis fan brekstien lein en binne der meardere ôfwetteringskanalen oanbrocht, om foar te kommen dat der wer in fersakking plak ha soe.

Stasjonsgebouwen Krekt as lâns de oare spoarlinen út de earste perioade fan de earste steatsoanlis, ferskine ek lâns Steatsline E inkelde Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Yn Breda wurdt in laach en lang stasjonsgebou delset, besteande út styl - en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldocht hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. Ek yn Maastricht en Venlo ferskynt sa'n stasjonsgebou. Nei it oanpassen fan de wet yn 1874 meitsje de measte stasjonsgebouwen plak foar nijbou. It stasjonsgebou fan Breda bliuwt lykwols mear as hûndert jier yn gebrûk. Yn 1868, twa jier nei de iepening fan de spoarline, krijt ek Blerick in stasjonsgebou. It is in leech gebou mei in wenning. Yn 1892 wurdt it stasjonsgebou ferfongen troch in heech rjochthoekich gebou. Ek stasjon America, Geleen-Lutterade en Belfeld krije in lyts stasjonsgebou fan ien ferdjipping.

Boxtel krijt al nei njoggen jier in nij stasjonsgebou. Yn 1912 wurdt it stasjonsgebou fan Eindhoven ferfongen troch in folslein nij gebou, útfierd yn strakke linen en in sober uterlik. Maastricht krige yn 1913 in nije stasjonsgebou, in grut en opfallend gebou nei ûntwerp fan George van Heukelom. In presintaasjemodel fan gips út 1911 is noch hieltyd te sjen yn it spoarweimuseum. Twa jier letter wurdt ek it stasjonsgebou fan Gilze-Rijen ferfongen. Yn de rin fan de jierren wurde in soad fan de oare stasjonsgebouwen útwreide. Yn de Twadde Wrâldkriich rekket it stasjonsgebou fan Blerick swier skansearre en wurdt ôfbrútsen.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it spoar rjochting Straelen net op 'e nij yn gebrûk naam mar opbrutsen. Hjirtroch wie it mooglik om it stasjon fan Venlo inkelde hûnderten meters rjochting de binnenstêd te ferpleatsen. Tagelyk mei de modernisearring fan de spoarline waard yn 1958 it nije stasjonsgebou yn gebrûk nommen. Twa jier letter krige Blerick in nij stasjonsgebou. Hjir waard in gebouke fan it saneamde Standerttype Vierlingsbeek delset. Yn de jierren 60, 70 en begjin jierren 80 waarden yn it hiele lân in grut tal foaroarlochske stasjonsgebouwen sloopt. Ek lâns Steatsline E ferdwûnen dy jierren in tal stasjonsgebouwen.

Yn 1993 waard it sobere stasjonsgebou út 1923 fan Sittard ôfbrútsen om plak te meitsjen foar opfallende nijbou, in unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum Yn 1997 waard it stasjon fan Tegelen inkelde hûnderten meters rjochting it sintrum ferpleatst. It stasjon waard hjirby in fiaduktstasjon en krige hjirby twa liftskjochten en treppen nei de perrons. It stasjonsgebou út 1974 waard nei gebrûk fan it nije stasjon sloopt. Yn 2003 waard de spoarline yn Swalmen tsientallen meters rjochting it westen ferpleatst om romte frij te meitsjen foar de oanlis fan de autosneldyk A73. By de ferpleatste spoarline lâns kamen nije perrons. It âlde Stasjonsgebou fan it type SS 5e klasse is bewarre bleaun, mar stiet no inkelde tsientallen meters fan de spoarline. Trije jier letter yn 2006 waarden de stasjonsgebouwen fan Bunde en Geleen-Lutterade sloopt.

Stasjon Type gebou Opmerkingen150pxBredalaach en lang stasjonsgebou1e stasjonsgebou yn 1973 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J. Bak. 2e stasjonsgebou yn 2012 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan K. J. van Velsen. DorstLyts geboukegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1930 150px Gilze-Rijentype SS fiifde klasseYn 1912 ôfbrutsen, en yn 1915 ferfongen.150pxTilburch ReeshofUnyk ûntwerp150pxTilburch UniversiteitType Sextant150pxTilburchtype SS tredde klasseYn 1961 ôfbrutsen, en yn 1965 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.150px Oisterwijktype SS fjirde klasse150px Boxteltype SS fjirde klasse1e stasjonsgebou yn 1872 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. 2e stasjonsgebou yn 1998 ôfbrutsen en yn 2000 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekte E.G. Scheltens. 150px Besttype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch standerttype Beilen. 2e stasjonsgebou yn 2000 ôfbrutsen en yn 2002 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers. BatadorpAbryEk Bata neamd, stasjon sletten yn 1971. AchtLyts geboukegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jierOp de Nederlânske Wikipedia stiet dat it gebou fan Stopplak Acht yn 1950 ôfbrútsen is mar it gebou is noch te sjen op foto's út 1960., stasjon sletten yn 1935. WoenselLyts geboukegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1933.150px Eindhoven Strijp-SType SextantStasjonsgebou yn gebrûk as snackbar. Eindhoven StadionGjinIen fan de weinige eveneminte haltes yn Nederlân dy't hjoed de dei noch yn gebrûk is.150pxEindhoven Sintraaltype SS tredde klasse1e stasjonsgebou yn 1912 ôfbrutsen en yn 1913 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom. 2e stasjonsgebou yn 1956 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.150px Nuenen-Tongelretype SS fiifde klassegebou ôfbrutsen yn 1973, stasjon sletten yn 1938.150px Helmond BrandevoortUnyk ûntwerp150px Helmond 't HoutUnyk ûntwerp150px Helmondtype SS fjirde klasse1e stasjonsgebou yn 1987 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt P.A.M.J. Corbey. 2e stasjonsgebou yn 2012 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan studioSK, Movares. Helmond BrouwhuisUnyk ûntwerp150px Deurnetype SS fiifde klasseYn 1976 ôfbrutsen en ferfongen troch Standerttype Douma.Noard-Brabân/Limburch HelenaveenLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1945, stasjon sletten yn 1938.150px AmericaLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938150pxHorst-Sevenumtype SS fiifde klasse HeyerhoevenGjinStasjon sletten yn 1955BlerickLyts gebouke1e stasjonsgebou yn 1892 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. 2e stasjonsgebou ferlen gien yn de Twadde Wrâldkriich, waard pas yn 1966 ferfongen troch Standerttype Vierlingsbeek.150px Venlolaach en lang stasjonsgebouYn 1958 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast. Tegelentype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1974 ôfbrutsen en ferfongen troch in Standerttype Beilen. 2e stasjonsgebou yn 1999 ôfbrutsen nei't it yn 1997 ferfongen wie en inkelde hûnderten meters nei it westen ferpleatst is, it nije stasjons gebou is in unyk ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers. 150px BelfeldLyts geboukestasjon sletten yn 1938, It stasjonsgebou is yn gebrûk as wenhûs.150px Reuvertype SS fiifde klasseStasjonsgebou yn gebrûk as restaurant.150pxSwalmentype SS fiifde klasseIt Stasjon sels is yn 2004 in lytst stikje ferhúze, mar it stasjonggebou stiet noch op it âlde plak, en is yn gebrûk as wenhûs.150px Roermondtype SS fjirde klasseYn 1864 yngreven ferboud. Linnemooglik type SS fiifde klassegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938 Maasbrachttype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1899 troch brân ferlern gien, 2e stasjonsgebou yn 1965 ôfbrútsen, stasjon sletten yn 1938.150px Echttype SS fiifde klasse150px Susterentype SS fiifde klasseyn 1981 ôfbrutsen nei't it stasjonggebou yn 1975 ferfongen is troch in Standerttype Sextant. Stasjonsgebou yn gebrûk as winkel. NieuwstadtLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1960, stasjon sletten yn 1938150pxSittardtype SS fjirde klasse1e stasjonsgebou yn 1923 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1993 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum. Geleen-LutteradeLyts gebouke1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt S. van Ravesteyn. 2e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Sextant, 3e stasjonsgebou yn 2006 ôfbrútsen en ferfongen troch abry's.150pxBeek-Elslootype SS fiifde klasseYn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Sextant. GeulleLyts geboukegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938. Bundetype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1964 ôfbrutsen en ferfongen troch in Standerttype Douma. 2e stasjonsgebou yn 2005 ôfbrutsen. LimmelLyts geboukegebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938150px Maastrichtlaach en lang stasjonsgebouYn 1913 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom

Steatsline E E E Kategory:Bouwurk út 1866