Detern is in plak en gemeente yn it distrikt Leer fan de Dútske dielstaat Nedersaksen. Bestjoerlik wurdt gearwurke middels de Samtgemeinde Jümme. De gemeente leit yn de regio East-Fryslân.

Geografy It plak leit op om-ende-by 70 kilometer fan de grins mei Nederlân en op likernôch 50 kilometer fan de Noardseekust. De rivier de Jümme streamt troch de gemeente.

Bestjoerlike yndieling Amdorf Detern Neuburg Stickhausen Velde

Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Gemeente yn Nedersaksen