Steatsline A is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Arnhim en Ljouwert. It trajekt is, útsein it part tusken Dimter en Olst, dûbelsporich en is yn 1952 en 1953 elektrifisearre.

Skiednis Steatsline A is, tegearre mei njoggen oare steatslinen, ûnderdiel fan de earste Steatsoanlis fan spoarwegen yn Nederlân. Yn 1866 wurdt, fiif jier neidat Kening Willem III op 22 oktober 1861 de earste stien fan in pylder fan de spoarbrêge by Sutfen lein hat, it trajekt Arnhim - Swol yn gebrûk naam. Yn 1865 ride der trouwens al treinen oer it stik Arnhim - Dimter. Yn de trije jier dy 't dêrop folgje wurdt de spoarline nei Ljouwert yn fazen yn gebrûk naam.

Datum Traject Tuskenstasjons 2 febrewaris 1865 Arnhim - Sutfen Arnhim Felperpoarte, Arnhim Presikhaaf, Felp, Rheden, Dieren, Brummen 5 augustus 1865 Sutfen - Dimster 1 oktober 1866 Dimter - Swol Olst, Wijhe 1 oktober 1867 Swol - Meppel 15 jannewaris 1868 Meppel - It Hearrenfean Stienwyk, Wolvegea 1 septimber 1868 It Hearrenfean - Ljouwert Akkrum, Grou-Jirnsum

Stasjonsgebouwen Lykas by de oare steatslinen del ferskynden ek lâns steatsline A benammen de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen.

Swol krijt in stasjonsgebou fan it grutste type, de earste klasse. Yn Sutfen wurdt in stasjon fan it type twadde klasse boud. It stasjonsgebou is it iennige dat boud wurdt fan dit type. Yn ûnder oare Meppel, Stienwyk, It Hearrenfean en Ljouwert wurde stasjonsgebouwen fan it type tredde klasse boud. Stasjonsgebouwen fan it type fjirde klasse wurde boud yn Dedemsvaart en Wolvegea. Yn Felp, De Steeg, Dieren, Brummen, Gorsel, Olst, Wijhe, Staphorst, Akkrum, Grou-Jirnsum en Wurdum wurdt in stasjonsgebou fan it type fiifde klasse boud.

Yn Arnhim wurdt yn earste ynstânsje gebrûk makke fan it besteande stasjon fan de NRS. Yn 1867 nimme de SS en NRS in nij, mienskiplik stasjonsgebou yn gebrûk. Yn Dimter wurdt in laach en lang stasjonsgebou delset, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldocht hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. Nei it oanpassen fan de wet yn 1874 wurdt it stasjonsgebou fan Dimter yn 1914 ferfongen troch in opfallend asymmetrysk gebou. Ferskate foarsjenningen wurde yn gebouwen op de perrons ûnderbrocht.

Yn 'e rin fan 'e jierren ûntsteane lâns de line in soad stopplakken en halten. In tal stopplakken krijt oan de ein fan de njoggentjinde iuw in echt stasjonsgebou: Diepenveen West (1900), Windesheim (1895), Pepergea (1884), Aldskoat (1890) en Idaerd-Reduzum (1890) krije in gebou dat ôflaat is fan it type Fiskfliet.

Yn Dieren wurdt yn 1902 in nij stasjonsgebou yn gebrûk naam. It stasjon wurdt hjirmei in saneamde eilânstasjon. It âlde gebou bliuwt, ûnder in oare bestimming, oant 1944 yn gebrûk. Yn 'e rin fan 'e tiid wurdt in tal stasjons en haltes by de line del taheakke. Arnhim krijt twa foarstêdhalten lâns de Iselline: Yn 1893 wurdt Arnhim Felperpoarte iepene, yn 1969 folget Arnhim Presikhaaf. De halte Arnhem Felperpoarte krijt yn 1953 in opfallend stasjonsgebouke. It gebou mei wachtkeamer en loket op perronnivo stiet op twa ranke stielen poaten. Yn 1988] krijt de halte in nij, geunstiger lizzend, stasjonsgebou. Ek foar dit gebou is in opfallend ûntwerp brûkt. It âlde stasjonsgebouke bliuwt as gemeentlik monumint bewarre. Rheden wat tichteby leit, krijt yn 1882 in eigen halte. Dizze wurdt yn 1927 alwer sletten. Yn 1952 wurdt op itselde plak stasjon Rheden iepene. It stasjon De Steeg wurdt dêrby sletten. it stasjonsgebou fan Sutfen is yn de twadde wrâldkriich ferlern gien en kriget yn 1952 in nij stasjonsgebou. Ta beslút is yn 1975 It Stasjon It Hearrenfean Iisstadion iepene, dizze wurd wer sletten yn 2015.

Stasjon Type gebou Opmerkingen150px Arnhim Sintraalunyk ûntwerpby iepening NRM gebou, 2e gebou, ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich, 3e gebou in ûntwerp fan arsjitekt Schelling ôfbrutsen yn 2007, 4e stasjonsgebou in unyk ûntwerp fan arsjitekt B. van Berkel150px Arnhim Felperpoarteunyk ûntwerp1e stasjonsgebou unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast, 2e stasjonsgebou unyk ûntwerp fan arsjitekt R.M.J.A. Steenhuis.150px Arnhim PresikhaafNS, abry Plattenburg Gjin stasjon sletten yn 1905 Café Unie Lyts gebouke stasjon sletten yn 1929 Hotel Naeff Gjin 150px Felptype SS fiifde klassegebou ôfbrútsen yn 1983 Wordt-Rheden Gjin stasjon sletten yn 1923150px Rhedenúnyk ûntwerpgebou ôfbrútsen yn 2007, unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast150px De Steegtype SS fiifde klassegebou ôfbrútsen yn 1961, stasjon sletten yn 1947 Hotel Den Engel Gjin stasjon sletten yn 1907 Diepesteeg Lyts gebouke stasjon sletten yn 1917 Holleweg Gjin Ellecom Lyts geboukegebou ôfbrútsen yn 1950, stasjon sletten yn 1917 Villa Hofstetten Lyts gebouke stasjon sletten yn 1917 Dierentype SS fiifde klassegebou ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich. Spankeren Gjin stasjon sletten yn 1917 Leuvenheim Gjin stasjon sletten yn 1917150px Brummentype SS fiifde klassegebou ôfbrútsen yn 1960, Weg naar Voorst Gjin stasjon sletten yn 1917 Het Vosje Gjin stasjon sletten yn 1917 Voorstonden Gjin stasjon sletten yn 1917 Hoven Lyts gebouke stasjon sletten yn 1946150px Sutfentype SS Twadde Klassegebou ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich en ôfbrútsen yn 1952, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Schelling Nieuwstad Gjin stasjon sletten yn 1918 Hungerink-Mettray Gjin stasjon sletten yn 1918 Eefde Lyts gebouke stasjon sletten yn 1932150px Gorsseltype SS fiifde klassegebou ôfbrútsen yn 1963, stasjon sletten yn 1938 Epse Lyts geboukegebou ôfbrútsen yn 1960, stasjon sletten yn 1918Gelderlân/Oerisel ColmschateGjinstasjon sletten yn 1918 Snippeling Gjinstasjon sletten yn 1918150px Dimterunyk ûntwerp Boksbergerweg Lyts geboukestasjon sletten yn 1919 De Platvoet Lyts geboukestasjon sletten yn 1927 Rande Lyts geboukestasjon sletten yn 1918 Diepenveen Westtype Fiskfliet gebou ôfbrútsen yn 1972, stasjon sletten yn 1941 Puinweg Gjinstasjon sletten yn 1918 Hoenloo Lyts geboukestasjon sletten yn 1918 Olsttype SS fiifde klasse gebou ôfbrútsen yn 1975, Beltenweg Gjinstasjon sletten yn 1918 Duurschestraat Gjinstasjon sletten yn 1918 De Boerhaar Gjinstasjon sletten yn 1918 Bovendorp Lyts geboukestasjon sletten yn 1918150px Wijhetype SS fjirde klasse gebou ôfbrútsen yn 1972, Wijnvoorden Gjinstasjon sletten yn 1918 Herxen Lyts geboukestasjon sletten yn 1918 Windesheim type Fiskflietgebou ôfbrútsen yn 1962, stasjon sletten yn 1941 Herculo Lyts geboukestasjon sletten yn 1918 Ittersum Lyts geboukestasjon sletten yn 1918150px Swoltype SS earste klasseinkelde kearen yngreven ferboud, by iepening NCS gebou Berkum Gjin stasjon sletten yn 1923 Dedemsfearttype SS fjirde klasse gebou ôfbrútsen yn 1952, stasjon sletten yn 1923 Staphorsttype SS fiifde klassegebou ôfbrútsen yn 1970, stasjon sletten yn 1935150pxMeppeltype Hengelo NijefeanGjin stasjon sletten yn 1933150px Stienwyktype SS tredde klasseYn 1973 ôfbrútsen, en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma WillemsoardLyts geboukegebou ôfbrútsen yn 1940, stasjon sletten yn 1935Oerisel/Fryslân150pxPepergeaType Fiskfliet gebou ôfbrútsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938150px Wolvegea type SS fjirde klasse150pxAldskoatType Fiskflietstasjon sletten yn 1938150pxIt Hearrenfean IisstadionNS, abrystasjon sletten yn 2015150pxIt Hearrenfeantype SS tredde klasseYn 1983 ôfbrútsen, en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum StobbegatLyts geboukegebou ôfbrútsen yn 1940, stasjon sletten yn 1938150px Akkrumtype SS fiifde klasse fergrutte útfieringYn 1973 ôfbrútsen, en ferfongen troch in standerttype Douma.150pxGrou-Jirnsumtype SS fiifde klasse fergrutte útfieringYn 1879 yngreven ferboud, yn 1976 ôfbrútsen en ferfongen troch in standerttype Douma. Idaerd-ReduzumType Fiskflietgjin, gebou ôfbrútsen yn 1959, stasjon sletten yn 1938 Wurdumtype SS fiifde klasse gebou ôfbrútsen yn 1983, stasjon sletten yn 1938 150pxLjouwert type SS tredde klasse Inkelde kearen yngreven ferboud

Eksploitaasje De spoarline waard lykas de measte spoarlinen út de earste steatsoanlis fan 1863 ôf eksploitearre troch de Maatskippij oant Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen. Fanôf 1917 wurd de tsjinst útfierd troch de Nederlandse Spoorwegen.

Sjoch ek Spoar fan Swol nei Ljouwert Steatslinen

Steatsline A A A A Kategory:Bouwurk út 1868