thumb|270px|right|De tinkstien fan de Slach by Warns op it Reaklif mei op de eftergrûn de Sudermarpolderthumb|right|270px|Stânbyld fan in Fryske strider ta oantins oan de Slach by Hartwarden, yn Rodenkirchen thumb|right|270px|Fryslân yn de tiid fan de keningen om it jier 700 hinne right|thumb|270px|De Fryske lannen om 1300 hinne.thumb|270px|right|Fryske krúsfarders feroverje de toer fan Damiate thumb|270px|Okko tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de Slach op de Wylde Ikers thumb|270px|Edzard de Grutte, neffens de Kanon fan de Fryske Skiednis 'bouwer fan in Fryske steat' De Fryske fjildslaggen binne de slaggen dêr't de Friezen as folk oan meidien hawwe. Ut de skiednis docht bliken dat sy net minder kriichshaftich wienen as oare Germaanse folken. Dizze side jout in gronologysk oersjocht fan alle bekende slaggen. De earste slach fan de Friezen dy't optekene is wie de Slach fan Baduhenna.
List mei slaggen
Iere slaggen
28 - Slach yn it Baduhennawâld, tsjin de Romeinen. sa. 400 - Slach by Finnburg, legindaryske slach fan kening Finn tsjin de Denen.
It tiidrek fan de keningen
sa. 525 - Slach oan de Ryn, tsjin de Denen. 690 - Slach by Doarestêd, tsjin de Franken. 716 - Slach by Keulen, tsjin de Franken 716 - Slach by Amel, tsjin de Franken 734 - Slach oan de Boarn, tsjin de Franken
It Frankyske tiidrek
873 - Slach by Dokkum, tsjin Wytsingen. 880 - Slach by Norden, tsjin Wytsingen. 993 - Slach by Winkel, opstân tsjin greve Arnulf 1018 - Slach by Flaardingen, Greve Durk III tsjin de keizer
It tiidrek fan de Fryske frijheid
1076 - Slach by Iselmonde 1151 - Slach by Mildeburch, Noardfriezen tsjin de Denen 1252 - Slach by Oldenswort, tsjin de Deenske kening 1254 - Slach by Sieverner Specken-,tsjin de ridders fan Bederkesa en Holsel 1256 - Slach by Heechwâld, tsjin de Hollânske greve 1282 - Slach by Skellinkhout, tsjin de Hollânske greve 1297 - Slach by Froanen, tsjin de Hollânske greve 1340 - Ferovering fan de Sibetsboarch troch de Wurtfriezen 1344 - Slach by Langsundtoft, tsjin de Denen 1345 - Slach by Warns, tsjin de Hollânske greve 1380 - Slach by Arum, muontsen fan it kleaster Ludingatsjerke tsjin dy fan it Aldekleaster 1380 - Slach by Loppersum, Abdena's tsjin de Tom Brok's 1392 - Ferovering fan de burch Ritzebüttel-Cuxhaven troch de Wurtfriezen 1396 - Slach by Skoattersyl, tsjin de Hollânske greve
Krústochten
1218 - Belis fan Damiate, Fryske krúsfarders tsjin Moaren 1270 - Slach by Tunis, Fryske krúsfarders tsjin Moaren
Skieringers en Fetkeapers
1397 - Slach op de Menamer-mieden, Skieringers en Fetkeapers 1429 - Slach by Sondel, Skieringers en Fetkeapers 1457 - Slach by Westerstede, tsjin Aldenboarch 1463 - Slach by Mounesyl, slach yn de Donia-oarloch 1492 - Slach by Barrahûs, Skieringers en Fetkeapers
De Grutte Fryske Oarloch 1417 - Slach by Okswertersyl, Sikke Sjaarda tsjin Keno II tom Brok 1418 - Slach by Dokkum, Skieringers tsjin Fokko Ukena 1419 - Slach by Miedum, Fetkeapers tsjin Sikke Sjaarda 1420 - Slach oan de Paelesleat, Sikke Sjaarda tsjin Fokko Ukena 1420 - Slach by Sleat, Skieringers tsjin Fokko Ukena
East-Fryske befrijingskrigen
1426 - Slach fan Detern, Fokko Ukena tsjin Okko tom Brok 1427 - Slach op de Wylde Ikers, Fokko Ukena tsjin Okko tom Brok 1433 - Slach by Bargebur, Fokko Ukena tsjin Ulrich Sirksena.
Dieling fan Fryslân
1496 - Slach by Sleat, 1498 - Slach by Laaksum, tsjin Albrecht fan Saksen 1500 - Slach by Bomstersyl, tsjin Albrecht fan Saksen 1514 - Slach by Hartwarden, tsjin 'e greve fan Bremen
Saksyske skeel
1514 - Slach by Appingedam, Edzard de Grutte tsjin it Hillige Roomske Ryk 1515-1517 - ferset fan Grutte Pier, tsjin de Hollanners en Saksen 1517 - Slach by it Wremer Djip, dea fan Tjede Peckes 1524 - Slach om Mulsum, lêste striid fan de Wurtfriezen tsjin de biskop fan Bremen
De Tachtichjierrige oarloch
1568 - Slach by Hilligerlee, tsjin de Spanjerts. 1568 - Slach by Jemgum, tsjin de Spanjerts 1586 - Slach by Boksum, tsjin de Spanjerts.
Nei de fjildslaggen Yn 1498 skinkt Keizer Maksimiliaan it lienhearskip fan Fryslân oan hartoch Albrecht. Dan is de Fryske Frijheid oer en begjint foar Fryslân in perioade fan fersnipeling en politike ûnderhearrigens. East-Fryslân ferlear har ûnôfhinklikens yn 1744. Yn ‘e 18e iuw komt mei de Romantyk it Fryske nasjonaalgefoel in bytsje werom, it begjin fan de Fryske Beweging. Kneppelfreed yn 1951 wurdt ornaris ek wol de Slach op it Saailân neamd.
Sjoch ek Frysk-Frankyske oarloggen Frysk-Hollânske oarloggen
Keppeling om utens www.skiednis.nl Frysk erfskip (AFûK)