21 desimber is de earste dei fan 'e winter. Foarfallen 1163 - It suden fan Hollân wurdt troffen troch de Sint-Tomasfloed. 1192 - Kening Richard Liuwenhert fan Ingelân wurdt op 'e weromreis fan 'e Tredde Krústocht finzen nommen yn Eastenryk, wêrnei't de Ingelsen om in hege lospriis frege wurdt. 1898 - De natuerkundigen Pierre Curie en Maria Curie-Skłodowska ûntdekke it radium. 1968 - De Apollo 8 wurdt lansearre, it earste bemanne romtefartúch dat om 'e moanne sirkelje sil. 1991 - Súd-Osseesje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Georgje. 2002 - De Fryske band De Kast jout syn lêste konsert yn Amsterdam 2003 - De Fryske muzykgroep Twarres jout syn lêste konsert. 2007 - Yn Estlân, Letlân, Litouwen, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje en Malta wurde de Oerienkomsten fan Schengen fan tapassing. 2008 - De 10.000e ensyklopedyske side wurdt oanmakke op 'e Fryske Wikipedy. It artikel giet oer de Schotanusatlas.
Berne 1118 - Thomas Becket, Ingelsk teolooch en aartsbiskop († 1170) 1795 - Leopold von Ranke, Dútsk skiedkundige († 1886) 1826 - Willem Klazes Boorsma, Frysk keatser († 1870) 1857 - Tjeerd Kuipers, Frysk arsjitekt († 1942) 1878 - Jozef Stalin, Georgysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny († 1953). (Dit wie de bertedatum dy't yn 'e eardere Sovjet-Uny as feestdei fierd waard, hoewol't Stalins feitlike bertedatum op 18 desimber foel.) 1881 - Lolle Piers de Boer, Frysk skiedkundige en frisiast († 1964) 1883 - Moje Öholm, Sweedsk reedrider († 1954) 1893 - Georges Buchard, Frânsk skermer († 1987) 1896 - Carl Romme, Nederlânsk abbekaat en politikus († 1980) 1907 - Garmt Stuiveling, Nederlânsk skriuwer († 1985) 1911 - Auke Johannes Vleer, Frysk politikus († 1981) 1917 - Heinrich Böll, Dútsk skriuwer († 1985) 1927 - Piter Bergsma, Frysk dammer († 2012) 1931 - Caroline Kaart, Skotsk-Nederlânsk opera-sjongster († 2020) 1937 - Jane Fonda, Amerikaansk aktrise 1939 - Cees Andriesse, Frysk natuerkundige, skriuwer en wittenskipshistoarikus 1940 - Frank Zappa, Amerikaansk sjonger, muzikant en komponist († 1993) 1948 - Jack Frölich, Frysk muzikant, dirigint en muzykresinsint († 2010) 1966 - Kelly Wallace, Amerikaansk sjoernaliste en presintatrise 1989 - Jorien ter Mors, Nederlânsk shorttrackster en langebaanrydster 1990 - Kaycee Brooks, Amerikaansk pornoaktrise 1993 - Pascal Tan, Nederlânsk akteur 1996 - Kaitlyn Dever, Amerikaansk aktrise.
Ferstoarn 1914 - Gerhardus Wijnandus Bruinsma, Frysk dokter en bestjoerder (* 1840) 1933 - Knud Rasmussen, Deensk-Grienlânsk ûntdekkingsreizger (* 1879) 1942 - Franz Boas, Dútsk-Amerikaansk antropolooch (* 1858) 1972 - Hugh Edwards, Ingelsk roeier (* 1906) 1983 - József Vértesy, Hongaarsk wetterpoloër (* 1901) 1988 - Niko Tinbergen, Nederlânsk biolooch en Nobelpriiswinner (* 1907) 1996 - Kálmán Hazai, Hongaarsk wetterpoloër (* 1913) 1997 - Sacco van der Made, Nederlânsk akteur en stimartyst (* 1918) 2001 - Cees Egas, Frysk politikus (* 1913) 2020 - Hank Adams, Amerikaansk minskerjochte-aktivist (* 1943)
Kategory:Datum 21