Bernard (Ben) Hulsman (Amsterdam, 25 maart 1931 – dêre, 7 maart 2018) wie in Nederlânske toaniel-, film- en telefyzje-akteur.
Libben en wurk Hulsman kaam út in artystefamylje en debutearre op syn fjirtjinde. Fan 1959 oant 1961 wie er oansletten by it teäterselskip Puck en fan 1961 oant 1984 by Toneelgroep Centrum. Hy spile der yn stikken fan ferneamde toanielskriuwers as William Shakespeare, Bertolt Brecht, Jean-Paul Sartre en Harold Pinter. Ek bûten dizze toanielselskippen wie er yn it teater aktyf. Letter lei er him ek ta op it spyljen fan filmrollen, lykas ûnder mear yn de films Onder de maat fan regisseur Dick Maas, Ik ben Joep Meloen en Een frou als Eva fan regisseuse Nouchka van Brakel.
Bekend waard er lykwols troch syn rol fan de linkse pake Willem Bol yn de komyske telefyzjesearje Oppassen!!! dy 't yn de jierren 90 op telefyzje te sjen wie. Dêrfoar hie er ek al meispile yn de ek komyske telefyzjesearje De Brekers, wêryn 't er Huib, in wat louche figuer, delsette. Fierder spile er op 'e telefyzje in protte gastrollen, lykas yn Baantjer en Dossier Verhulst.
Priveelibben Ben Hulsman wie de soan fan revuedanseres, skildersmodel en aktrise Juliëtte Hulsman (1911–1999). Syn beppe Hetty Ruys (1889-1973) wie in aktrise en de twillingsuster fan akteur Cor Ruys. Hulsman wie troud mei aktrise Rita Henneken. Hy ferstoar yn maart 2018 yn de âldens fan hast 87 jier.
Telefyzje 1960 - Varen is fijner dan je denkt - as dûanier 1964 - Herrie om Harrie - as ynspekteur King 1964 - Swiebertje - as Jan Duim 1970 - 't Schaep met de 5 pooten - as Tinus 1972 - Citroentje met suiker - as trambestjoerder Thijs van Vliet 1973 - Uilenspiegel - as Michiel 1975 - Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan - as plysje-ynspekteur 1975 - De verlossing - as Boer / Louis 1975 - Amsterdam 700 - as Livreifeint 1976 - Hotel de Botel - as plysje 1977 - Hollands Glorie - as Rijkens 1978 - Dubbelleven - as Freddy 1978 - Het is weer zo laat! - as Verkade 1978 - Pipo en de Noorderzon - as Doarpshaad 1979 - Goed volk 1983 - Kanaal 13 1985 - Het bloed kruipt - as Ben Wissing 1985+1988 - De Brekers - as Huib 1986–1987 - Dossier Verhulst - as resjersjeur Peters 1988 - Drie recht, één averecht - as Giesbers 1988 - Zeg 'ns Aaa - as skilder 1989 - Laat maar zitten- as kroegbaas - VARA 1989 1989 - Rust roest - as klant by de bank 1991–2003 - Oppassen!!! - as pake Willem Bol 1997 - Kinderen voor Kinderen - as pake Willem Bol 2003 - Bergen Binnen - as pake Willem Bol 2003 - Baantjer - ôfl. De Cock en de moord met een swing - as Jaap de Weers 2005 - Sinterklaasjournaal - as foarsitter hynstesportferiening Minerva
Film 1960 - Arsenicum en oude kant - as plysje Klein 1960 - De huzaren - as feint Giacomo 1962 - De laatste trein - as Kees 1962 - De komiek - as Johnny Kievit 1962 - De rally 1974 - Het huis aan de gracht - as Henri 1976 - Vandaag of Morgen 1977 - De Vergaderzaal 1977 - Blindgangers - as Fons 1978 - De mantel der liefde 1979 - Een vrouw als Eva - as Gerrit 1980 - Onder de maat 1981 - Ik ben Joep Meloen - as kafeebaas 1983 - An Bloem - as Frans
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2018