De Tegenwoordige Staat van Friesland is in part fan it sammelwurk yn 44 dielen Hedendaagsche historie, of Tegenwoordige Staat van alle volkeren.... Utjouwer fan it wurk wie Isaak Tirion (± 1705-1765) te Amsterdam fan 1729 oant 1803. Fryslân wurdt yn de dielen 23 oant 26 behannele (útjûn yn 1785-1788).

Der wurdt oannommen dat ûnder oaren S. Stijl en A.J. Conradi (beide fan Harns) ynformaasje ynbrocht hawwe. Njonken in algemiene en ek sosjaal-ekonomyske beskriuwing jout it wurk in wiidweidige beskriuwing fan gritenijen en stêden. Teffens hat it wurk in pear kaarten en gravueres.

Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Histoaryske boarne Kategory:Neislachwurk