thumb|260px|Lânhûs Kippenburg thumb|260px|Oantinken oan de eardere funksje fan Kippenburg Kippenburch is in buorskip en lânhûs yn de gemeente De Fryske Marren. De buorskip leit oan de De Luts súdwestlik fan Balk. De namme komt krektas hotel Hanenburg fan it wat gekoanstekkerich oantsjutten fan in boerepleats. It lânhûs Kippenburch is in ryksmonumint Rykstsjint foar it Kultureel Erfgoed

Lânhûs Kippenburg Sawat 300 meter fan de Luts liet grytman Gerard van Swinderen oan it begjin fan de 19e iuw in hinnefokkerij en in lânhûs op de 26 ha. grûn sette. Doe't de fokkerij net mear genôch oplevere waard it hûs ta herberch ferboud. Yn 1985 waard it hotel sluten en it gebou restaurearre. It kin no hierd wurde. Yn de pleats sit no in dekstasjon en der is in maneezje by. It is yn eigendom by in neisiet fan de famylje Van Swinderen.

Der is tsjinoer de útgong fan it gebou, op it plak fan de âlde gersdrûgerij, in sintrum foar jongerein boud.

Kippenburch wie yn 1992 in dekôr foar de film Voor een verloren soldaat fan regisseur Roeland Kerbosch.

Lângoed Nei mear as in iuw wurdt der wer in wyldemerk holden. Sûnt 1338 wie dat in jiermerk, mar sûnt 2003 is it in kultuer-histoarysk evenemint mei in soad teäter. Der wurde streekprodukten ferkocht en boppedat fine jo der trûbadoers, ferhalefertellers, muzyk en hynstesport.

Keppeling om utens Oer de herberch

Kategory:Aldemardum Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út 1850 Kategory:Buorskip yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Buorskip yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Buorskip yn De Fryske Marren