Dirty Dancing is in Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm út 1987 ûnder rezjy fan Emile Ardolino, mei yn 'e haadrollen Jennifer Grey en Patrick Swayze. De titel betsjut "Smoarch Dûnsjen" (yn 'e sin fan seksualisearre dûnsjen). It ferhaal fan dizze ûnôfhinklike film folget Frances "Baby" Houseman, in teenagefamke út in begoedige sosjaal fermidden, dat yn 1963 mei har âldelju en âldere suster Lisa de simmer trochbringt yn in fakânsjeresort en fereale wurdt op 'e âldere, stoere dûnslearaar Johnny Castle. Se rekket behelle by it wol en wee fan Johnny en syn freonen en wurdt dêrby foar it earst yn har libben konfrontearre mei de twadieling dy't der bestiet tusken earm en ryk. Dirty Dancing waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en waard in ûnbidich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It liet (I've Had) The Time of My Life, in duët fan Bill Medley en Jennifer Warnes, dat foar de film skreaun waard, groeide út ta in reuseftige hit en waard bekroane mei in Oscar, in Golden Globe en in Grammy Award. De populariteit fan 'e film soarge der ek foar dat neitiid ferskate adaptaasjes makke waarden.

Plot Yn 'e simmer fan 1963 giet de húshâlding Houseman foar de fakânsje nei Kellerman's, in hotel-resort yn it Catskill-berchtme fan súdlik New York, dêr't alderhanne simmerkampaktiviteiten organisearre wurde. De Housemans hearre, krekt as alle oare gasten yn Kellerman's, ta in begoedige sosjaal fermidden. Heit Jake Kellerman is in kundich dokter mei progressive ideeën. Hy hat de âlde Max Kellerman, de eigner fan it hotel, fan in net by namme neamde sykte of oandwaning genêzen, wêrnei't de beide mannen befreone rekke binne. Mem Marjorie Houseman is in húsfrou, en sy en Jake hawwe twa sa goed as folwoeksen dochters, Lisa en de jongste, dy't Frances hjit, mar troch eltsenien 'Baby' neamd wurdt.

De jûns nei't se oankommen binne, giet Baby op ferkenning út en is se der troch in doar dy't yn it kier stiet, tsjûge fan hoe't Kellerman ynstruksje jout oan syn obers. Dat binne allegear jonges út deselde maatskiplike klasse as de gasten, dy't Kellerman mei sin om dy reden oanlutsen hat fan 'e elitêre universiteiten (lykas Harvard en Yale), dêr't se studearje. Kellerman hjit de obers om derfoar te soargjen dat de gasten in oangename fakânsje hawwe, en dat betsjut dat se mei de dochters fan 'e gasten flirte moatte, ek al binne dy noch sa ûnoantreklik. De stêf dy't foar it eigentlike entertainment soargje moat, komt út 'e arbeidersklasse, en Kellerman hâldt en draacht him delbûgend yn harren rjochting. Ien fan 'e entertainers is Johnny Castle, in stoere dûnsynstrukteur fan yn 'e tweintich, ta wa't Baby har op slach oanlutsen fielt.

Heit en mem Houseman en Lisa jouwe har entûsjast by de aktiviteiten dy't foar de gasten organisearre wurde, mar Baby fynt der net folle oan. It helpt net dat har heit en Kellerman har oerdúdlik besykje te keppeljen oan Kellerman syn waanwize pakesizzer Neal. Dyselde spant har de twadde jûns foar syn karke om mei te helpen by de organisaasje fan it fermaak, mar sadree't se kin, knypt Baby der tuskenút. Se doarmet bûtendoar oer it resortterrein en giet op lûde muzyk ôf. It blykt te gean om in klandestyn feestje fan 'e entertainmentstêf, dêr't "smoarch" (want seksualisearre) dûnse wurdt. Hoewol't dat eins net tastien is, nimt ien fan 'e jonges, dy't Billy hjit, Baby mei dêrhinne en stelt har foar oan Johnny, dy't syn neef is. Op it feest dûnset de bleue Baby in skoftke mei Johnny en sa rekket se smoarfereale op him.

In dei letter, as Neal har wer op sleeptou nommen hat, fangt Baby yn 'e kokens in glimp op fan Penny, Johnny syn dûnspartner, dy't yn in stil hoekje sit te gûlen. Se soarget derfoar dat Neal neat wizer wurdt troch him dêrwei te lieden. Dêrnei siket se Billy en Johnny op, dy't se nei Penny ta bringt. It docht bliken dat Penny swier rekke is nei in aventoerke mei Robbie, ien fan 'e obers. Dat is ien dy't medisinen studearje wol oan 'e Universiteit fan Yale, en dy't no syn each op Baby har suster Lisa falle litten hat. Billy leit út dat Penny gjin inkele oare ynkomsten hat as út har dûnsjen, en dat se dus ta djippe earmoede ferfalle sil as se gjin abortus ûndergiet. No witte se dat der nije wike in dokter yn 'e buert wêze sil dy't soks docht, mar dy freget der 250 dollar foar, en dat jild hat Penny net, en de oare dûnsers kinne it har net jaan om't sy it ek net hawwe. Baby ornearret dat Robbie it wol hat, mar Johnny fertelt har poerlulk dat Robbie wegeret om ferantwurdlikheid foar syn dieden te nimmen.

No is Baby ien dy't besiket altyd it juste te dwaan en deryn leaut dat de wrâld better makke wurde kin. It wol har suver net oan dat der lju binne dy't oars tinke. Dat, se stapt nei Robbie ta, dy't ta har ferbjustering it hiele ferhaal befêstiget, al heakket er dêroan ta dat er net wis is oft it bern sines wol is, want sa'n slet giet fansels mei jan en alleman op bêd. Hy leit Baby út dat der twa soarten minsken yn 'e wrâld binne: guon dy't der ta dogge en oaren dy't der net ta dogge. En Penny is ien dy't der net ta docht, dat wêrom soed er yn 'e frede jild oan har besteegje? As se dat heart, ferliest Baby har gewoanlike kalmte alhiel. Se byt him ta dat er in walchlik mantsje is, en dat er mar better by har en Lisa wei bliuwe kin, oars sil se derfoar soargje dat er ûntslein wurdt. Dêrop giet Baby nei har heit, oan wa't se 250 dollar te lien freget, sûnder út te lizzen wêr't se dat foar brûke moat. Har heit freget har oft it wat yllegaals is, en sy liicht him tefoaren fan net. Hy jout har it jild, dat se dêrnei by Penny bringt.

Dy wol it lykwols earst net oannimme, want der is nòch in probleem. De dokter is nammentlik inkeld beskiber op 'e jûn dat sy en Johnny optrede moatte yn it Sheldrake, in oanbuorjend hotel-resort. As se dêr ferstek gean litte, ferlieze se net inkeld de ynkomsten fan dy iene jûns, dy't se goed brûke kinne, mar de ynkomsten fan it hiele seizoen foar wat it Sheldrake oangiet. Boppedat kinne se dan ek nei de kâns fluitsje om dêr takom jier wer op te treden. Dêrop biedt Baby oan om foar Penny yn te fallen, sadat sy nei de dokter kin. Mei't se sa goed as neat fan dûnsjen ôfwit, oefenet se de folgjende dagen elts momint mei Johnny dat hy net hoecht te wurkjen. Hja begjint wif, mar ûnder training fan Johnny en ek fan Penny leart se gau by. It is de bedoeling dat se de dûns yn it Sheldrake beëinigje sille mei in lift, wêrby't se troch Johnny horizontaal lizzend op syn hannen boppe syn holle tild wurde sil. Dat oefenje se yn in marke, sadat se by it fallen, dat net te mijen is, sêft yn it wetter del komt. Geandewei de de dûnstrainings wurdt dúdlik dat Johnny him ek ta Baby oanlutsen fielt en der ûnstiet in beskate seksuele spanning tusken harren.

De jûns fan it optreden giet it goed mei it dûnsjen fan Johnny en Baby. Sy makket wat flaters dy't troch Johnny syn grutte ûnderfining foar it publyk ferblomme wurde kinne. Allinne de lift oan 'e ein fan 'e dûns mislearret om't Baby wifelet. Nettsjinsteande dat komme se mei in poerbêst sin werom te Kellerman's, dêr't harren lykwols in aaklike ferrassing wachtet. De 'dokter' wie in ûnkundige suffert dy't de abortus dan wol útfierd hat, mar Penny dêr raar by gnjirde hat. Hja is der raar oan ta, leit dûbel fan 'e pine, en Billy en Johnny en de oare dûnsers witte net wat se foar har dwaan moatte. Baby draaft lykwols daliks nei it fakânsjehúske fan har âlden en hellet har heit derby, dy't Penny har tastân wit te stabilisearjen.

Houseman is lykwols tige lulk oer de hiele sitewaasje, en as er freget wa't ferantwurdlik is foar Penny, en Johnny antwurdet dat hy dat is, nimt er oan dat Johnny har swier makke hat. Hy hjit Baby om tenei by Johnny-en-dy wei te bliuwen en net wer gedoente mei harren te hawwen. Sadree't har heit wer op bêd leit, glûpt Baby lykwols fuort om Johnny op te sykjen om har ûntskuldigings oan te bieden foar har heite hâlden en dragen. Johnny fynt dat hy net better fertsjinnet, mei't hy mar in ienfâldige jonge út 'e arbeidersklasse is, wylst Baby har heit trochleard hat. Dat beart Baby, dy't altyd bybrocht is dat eltsenien gelyk is, as skuorde klokken yn 'e earen. Se wol der neat fan witte en besiket Johnny derfan te oertsjûgjen dat hy likefolle wurdich is as elk oar. Hy fertelt har hoefolle oft er har bewûnderet om't se nearne net benaud fan is en alles wol oandoar. Sy seit dat se krekt oeral benaud fan is, en it benaudst fan alles om dit momint foarbygean te litten sûnder him te fertellen dat se fan him hâldt. Se freget him en dûnsje mei har, wat er docht, en njonkelytsen reitsje se mei-inoar op bêd en bringe se de nacht tegearre troch.

De oare deis wol har heit net mear tsjin Baby prate. Sy giet lykwols temûk troch mei har omgong mei Johnny. As sy en Johnny inoar treffe by in besyk oan Penny, dy't stadichoan opbetteret, merkt Penny oan 'e hân fan 'e inoar ûntwikende blikken en de ûngemaklike stiltes yn it petear fuortendaliks wat der geande is. Nei't Baby ôfset is, freget se Johnny wat er no eins by de ein hat en hjit se him om it sa gau mooglik mei Baby út te meitsjen, om't der inkeld bargebiten fan komme kin. Johnny jout har folslein gelyk, mar docht persiis it tsjinstelde. Underwilens hat Baby har suster Lisa har foarnommen om har oan Robbie de ober 'te jaan', eat dat Baby har sterk ôfriedt, sûnder derby te sizzen wêrom. It soarget foar spanning tusken de beide susters, mei't Lisa it gefoel hat dat Baby it har fergunt om lokkich te wêzen.

As Baby Johnny ris in kear freget mei hoefolle froulju oft er op bêd west hat, antwurdet er earst ûntwikend. Mar as se him derop ferget, leit er út dat in protte âldere, troude froulju dy't de fakânsje te Kellerman's trochbringe, net fiis binne fan wat oerhoer mei in oantreklike jonge lykas hy. Baby konkludearret dat er sokke froulju inkeld brûkt. Johnny sprekt dat tsjin en seit dat se hìm inkeld brûkten, en dat er der dêrom mei opholden is. Letter is Baby der tsjûge fan hoe't Johnny sa'n útnûging ôfslacht fan Vivian Pressman, wylst har man Moe, dy't blykber fan 'e aventoerkes fan syn frou op 'e hichte is, him jild besiket ta te stopjen om syn frou "wille hawwe te litten". Sadwaande sjocht frou Pressman oars om en rekket se mei Robbie op bêd. It treft dat krekt dy nachts Lisa fuortglûpt om Robbie te ferlieden, en him by it hawwen fan seks mei frou Pressman trappearret. Dat genêst Lisa al fluch fan har romantyske opstigings oer Robbie, en neitiid fermoedsoenet se har mei Baby.

As Vivian de oare moarns de hutte fan Robbie ferlit, sjocht se Baby út 'e hutte fan Johnny kommen. Se kriget it idee dat er har ynruile hat foar in jongere minneresse en wurdt spinnidich. As letter dy deis bliken docht dat de beurs fan har man Moe poater is, nimt se wraak troch tsjin Max Kellerman te suggerearjen dat Johnny dy wol stellen hawwe sil, mei't se him yn 'e buert sjoen hat fan 'e stoel dêr't Moe syn kolbêrjaske oerhinne hongen hie. Om't der koartby ek stellen is yn it Sheldrake doe't Johnny dêr wie, ûnderstiet Kellerman Johnny oer de saak en freget him nei in aliby. Mar Johnny seit dat er de nacht allinne yn syn hutte trochbrocht hat mei lêzen. Kellerman is dan ree om him te ûntslaan, mar as Baby dat heart, bringt se út dat sy de hiele nacht by Johnny west hat, sadat hy de dief net wêze kin. De echte dieven, it kleptomane âldere troud pear Sydney en Sylvia Schumacher, dy't Baby en Johnny ek yn it Sheldrake sjoen hiene, wurde letter oppakt en blike yn ferskate oare Amerikaanske steaten socht te wurden foar soartgelikense misdriuwen. Nettsjinsteande dat wurdt Johnny dochs noch ûntslein om't er in seksuele relaasje ûnderhâldt mei ien fan 'e gasten, wat foar entertainers dúdlik net de bedoeling is. Likegoed is Johnny der djip fan ûnder de yndruk dat Baby harsels om him yn 'e problemen brocht hat, om't noch nimmen ea soks foar him dien hat.