De Aldhôf is in mar fan sa. 25 ha. súdeast fan Snits.

Lokaasje Ea wie it dêr't de gemeenten Wymbritseradiel en Doanjewerstâl moeten. By de Gemeentlike weryndieling fam 1984 waarden it de eardere gemeenten Wymbritseradiel en Skarsterlân. sûnt begjin 20e iuw is it lykwols Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

Wetters It wurdt trochsnien troch it Prinses Margrietkanaal. Fia It Nau is de noardkant ferbûn mei de Wite Brekken. Oan de westkant is de mar neffens de Easterwimerts ferbûn mei de Swarte Brekken.

Eilân De mar feroaret stadich fan foarm, om't it leechfeangebiet is. Ek har de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal it oansjen feroare. Yn de mar leit in lyts eilantsje mei in fakânsjehúske. Op dit eilantsje skynt ek in saneamd ferlitten hôf te lizzen. In ferlitten tsjerkhôf is in oerbliuwsel fan in ferdwûne delsetting. Se komme yn Fryslân benammen foar yn feangebieten.

Sjoch ek Wite en Swarte Brekken en Aldhôf

thumb|left|250px|Kaartsje mei de offisjele wetternammen tusken Snits, De Jouwer en Akkrum.

Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel Kategory:Wetter yn Súdwest-Fryslân Kategory:Wetter yn Doanjewerstâl Kategory:Wetter yn Skarsterlân Kategory:Wetter yn De Fryske Marren