thumb|right|300px|Langwarder Wielen De Langwarder Wielen is in langhalige mar besuden de Snitser Mar.
Op de mar is in soad rekreaasjefeart. Om de Langwarder Wielen lizze de doarpen Langwar en Boarnsweach. De mar hat troch de Langwarder Feart en de Geau ek ferbining mei it Aldhôf, en dermei mei it Prinses Margrietkanaal, wat ferbinings jout mei de Snitser Mar en de Kûfurd.
Oan de Langwarder Wielen, stiet de Sweachmermole, in polder- en nôtmole út 1782. Dy mûne mealde earder de Grutte Polder fan Langwar, Diken en Boarnsweach drûch.
Ofbylden
Kategory:Langwar Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn Doanjewerstâl Kategory:Wetter yn Skarsterlân Kategory:Wetter yn De Fryske Marren