De Fluezen is in mar op 'e grins fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Hy leit noardeastlik fan De Holken en it giet yn it noardeasten oer yn de Hegemer Mar. De namme hat te krijen mei flues, driuwende seadden. Der is in sydslinke nei Wâldsein, Koudum en De Gaastmar leit oan in ynham (It Piel).

Sifers grutte: 2030 ha. lingte: 12 km. fan Heech oant Galamadammen. breedte: 1,5-2 km, yn de 'hals' 1 km. djipte: 1,5 m bûten de farslinke, yn de farslinke 2 m.

Skiednis De Hegemer Mar, de Fluezen en de De Moarre binne yn de Saale-iistiid troch in gletsjer yn de ûndergrûn útsliten; se foarmje feitlik ien langhalige gletsjerdelling. Yn de midsiuwen wie it in feangebiet. Dat gebiet waard doe oanmakke troch sleatten en greppels te graven om it te ûntwetterjen sa't it gaadlik foar de lânbou makke wurde koe. Dêrtroch sakke de boaiem ta it peil fan de grûnwetter. Dêrtroch koe it lân simmerdeis allinnich brûkt wurde. Doe waard besletten it grûn foar turf ôf te graven, om't turf goed brânje foar de stienbakkerijen wie. Dêrtroch ûntstiene kûlen en dobben, dêr't der seadden hjir en dêr begûnen te driuwen, de "fluezen" dêr't de namme dus wei komt. Sa stadichoan ûntstie de mar. Galamadammen en andere topononiemen in de Zuidwesthoek yn Friese Namen en Fryske Nammen yn tiidskrift Fryslâmn edysje jannewaris/febrewaris 2021 fan it Koninklijk Fries Genootschap

Op tiisdei 30 jannewaris 1877 is it steamskip "Willem III" yn de Fluezen op it Feitesân fergien. Dêrby kamen 14 minsken om it libben.Ramp Willem III Histoarysk Koudum

Soal Midden troch de mar rint in betûne skipfeartrûte 't ûnderdiel is fan it Johan Frisokanaal. By It Sân, in ûndjipte yn it suden rint it soal troch in kanaal, de Nije Feart.

Eilantsjes Midden yn de Fluezen lizze de trije Krúspôlen: De Langehoekspôle (grutste) de Rakkenpôle en de Leiepôle. De Leiepôle is de lytste en leit yn de 'hals' fan de Fluezen Yn de Hegemer Mar leit it opspuite eilantsje de Rakkenpôle. Der sitte in soad kninen op dit eilantsje.

Natuergebiet It natuergebiet de Fluezen, by Koudum, is yn behear by It Fryske Gea. It is goed te sjen fan it wetter ôf mar oer it fytspaad fan Himmelum nei Galamadammen binne de gebieten Fûgelhoeke en natuergebiet de Moarre. It Koudumerboskje, bylâns it Johan Frisokanaal, is bûten it briedseizoen frij tagonklik.

Keppeling om utens - mei in kaartsje fan de Fluezen - natuergebiet De Fluezen (It Fryske Gea)

Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Wetter yn Nijefurd Kategory:Wetter yn Súdwest-Fryslân Kategory:Wetter yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Wetter yn De Fryske Marren