Edge of Tomorrow is in Amerikaanske science fiction-oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan Doug Liman, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Emily Blunt. De titel betsjut "[Op 'e] Râne fan Moarn". De byhearrende slogan Live, Die, Repeat betsjut "Libje, Stjer, Werhelje". De film spilet yn in apokalyptyske, dystopyske takomst wêryn't it meastepart fan Jeropa ferlern gien is by in ynvaazje fan bûtenierdske wêzens. It ferhaal folget majoar William Cage, en p.r.-man fan it Amerikaanske Leger sûnder ûnderfining mei eigentlike gefjochten, dy't troch syn oerhearrigen twongen wurdt om mei te dwaan oan in amfibyske operaasje op 'e Frânske kust. As er dêr sneuvelet, wurdt er lykwols wer wekker op 'e foargeande deis en beseft er (úteinlik) dat er yn in tiidlus belâne is. Edge of Tomorrow krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In mooglike ferfolchfilm, mei as titel Live, Die, Repeat and Repeat, sit anno 2022 fêst yn 'e preproduksjefaze.

Plot Yn 'e neie takomst arrivearje bûtenierdske wêzens dy't troch de minsken mimics neamd wurde, fia in asteroïde-ynslach yn Jeropa. Nei in stadich begjin feroverje se yn 'e jierren dêrnei it hiele fêstelân fan it kontinint. Fiif jier letter behellet de Feriene Ferdigeningsmacht (UDF), in wrâldwide militêre alliânsje dy't oprjochte is om 'e bûtenierdske ynvaazje tsjin te kearen, by Verdun einlings in oerwinning oer de mimics troch de ynset fan troepen yn nij ûntwikkele meganyske eksoskeletten. Heldinne fan dy striid is de Britske sersjant Rita Vrataski, dy't troch de media de "Ingel fan Verdun" neamd wurdt, hoewol't se mank de sljochtwei soldaten bekend stiet as de "Izeren Teef".

Nei de oerwinning by Verdun makket de UDF plannen foar in grutte ynvaazje fan Frankryk út Ingelân wei. Majoar William Cage, in glêde p.r.-man fan it Amerikaanske Leger, arrivearret per helikopter yn Londen, dêr't er opwachte wurdt troch de swarte korporaal Julie Montgomery. Hy wurdt dêr tafoege oan 'e stêf fan 'e Britske generaal Brigham, dy't de lieding oer de op hannen wêzende militêre operaasje hat. Cage hat noch nea oan it front west, en hy is in leffert dy't dat graach sa hâlde wol. As Brigham him mei de earste weach fan 'e troepen mei nei Frankryk stjoere wol om der foar de media ferslach fan te dwaan, liket dat him dan ek wol nei fleanen. Hy betanket foar dy ear, en as Brigham tsjin him seit dat it gjin útnûging mar in befel is, besiket er op wanhopige wize de generaal te sjantearjen troch te sizzen dat er der troch syn kontakten mei de media foar soargje kin dat Brigham de skuld fan eventuele takomstige nederlagen kriget.

Brigham lit soks lykwols net oer syn kant gean. Hy lit Cage arrestearje troch de militêre plysje, en as de majoar besiket út te naaien, wurdt er tasere en rekket er bewusteleas. As Cage wer bykomt, befynt er him op 'e Ynternasjonale Lofthaven Heathrow, dat no in militêre basis is. Hy ûntdekt dat Brigham him yn rang weromset hat nei soldaat, en dat er as deserteur oerlevere is oan 'e net sa sêftsinnige soargen fan sersjant-ynstrukteur Farell. Dyselde dielt him yn by Seksje J, in militêre ienheid dy't dochs al foltroppe is mei aparte figueren. De oare soldaten sitte der net op te wachtsjen om op in deserteur passe te moatten en litte dat dúdlik blike. De rest fan 'e dei bringt Cage mei de oare leden fan Seksje J yn training troch en nei in koarte nacht fynt de oare moarns de ynvaazje plak.

De amfibyske operaasje op it Frânske strân rint út op in folslein fiasko, mei't bliken docht dat de mimics der ree foar binne en de UDF opwachtsje. Farell en de rest Seksje J sneuvelje al rillegau. Cage is der tsjûge fan hoe't ek Rita Vrataski omkomt. Neitiid brûkt er in M18 Claymore-myn om in ûngewoan grutte, blauwe mimic, en by fersin ek himsels, op te blazen. Hy rekket deadlik ferwûne, mar wylst er yn it stjerren leit, rekket er oerdutsen troch de bloed fan it bûtenierdske wêzen, dat fia syn wûnen syn lichem yn kringt. Hy stjert en alles wurdt swart.

Cage skrikt wekker en ûntdekt dat er wer op Heathrow is, op itselde stuit as doe't er dêr in dei earder bykaam út bewusteleazens nei't er tasere wie. Deselde foarfallen fan 'e foarrige deis spylje har wer ôf. Cage besiket oan sersjant Farell út te lizzen dat der wat nuvers oan 'e hân is, mar wurdt negearre. Hy wurdt by Seksje J yndield, bringt de rest fan 'e dei troch mei training, nimt nei in koarte nacht diel oan 'e ynvaazje en sneuvelet wer op it strân yn Frankryk, wêrnei't er wer wekker wurdt op Heathrow. Hy makket tsientallen kearen dyselde tiidlus troch, wêrby't de lytse feroarings dy't er besiket oan te bringen by einsluten gjin oare útkomst ta gefolch hawwe. Op in kear besiket er it libben fan Rita Vrataski te rêden. As sy sjocht dat er op 'e sekonde sekuer wit wannear't wêr in mimic opdûke sil, beseft se wat der mei him oan 'e hân is en jout se him befel om har op te sykjen as er de earstfolgjende kear wer wekker wurdt.

As Cage wer wekker wurdt op Heathrow, moat er earst oan Farell en Seksje J sjen te ûntkommen, wat er klearspilet troch by it opdrukken ynienen fansiden ûnder in ridende frachtwein troch te rôljen. Nei't er in kear deariden is, perfeksjonearret er syn timing. Hy siket Vrataski op en fertelt har wat sy de oare kear tsjin him sein hat. Hja is der maklik fan te oertsjûgjen dat er yn in tiidlus fêstsit, om't harsels foar Verdun itselde oerkommen is. Vrataski nimt him mei nei dr. Noah Carter, in ekspêr yn mimic-biology dy't omreden fan syn ekstreme ideeën yn ûngenede fallen is.

Syn teory is dat de mimics eins ien superorganisme foarmje, wêrfan't de tige seldsume blauwe wêzens, de "alfa's", analooch oan it senuwstelsel binne en de sljochtwei soldaten behearskje. De harsens wurde foarme troch ien inkeld wêzen, dat Carter oantsjut as de "omega". De omega hat it fermogen om 'e tiid te behearskjen; as der in alfa omkomt, set de omega de tiid in dei werom en past er syn taktyk oan oant de striid wûn wurdt. Trochdat it bloed fan 'e alfa dy't er deade mei syn eigen bloedstream fermongen rekke is, hat Cage by fersin it fermogen om 'e tiid in dei werom te setten 'kaapt'. Vrataski hie itselde fermogen en libbe mear as 300 kear deselde dei by de slach om Verdun, oant se op in kear ferwûne mar net dea rekke, in bloedtransfúzje tastjinne krige en dêrmei it fermogen om 'e tiid werom te setten ferlear. Se seit tsjin Cage dat er de fizioenen brûke moat, dy't nei ferrin fan tiid mei syn fermogen mank geane, om 'e omega te lokalisearjen en de deadzjen, om't dat de iennichste mooglikheid is om 'e bûtenierdske ferovering fan 'e hiele wrâld tsjin te kearen.

Wylst se wachtsje oant Cage fizioenen fan 'e omega begjint te krijen, wurdt er lus nei lus troch Vrataski traint, sadat er úteinlik begjint út te blinken as fjochter. Mentaal nimme de lussen lykwols har tol, en om't it dochs neat útmakket, knypt Cage der op in kear tuskenút om in frije dei yn Londen troch te bringen. Wylst de ynvaazje op it strân yn Frankryk mislearret, sit hy yn in Londenske kroech oan it bier nei de berjochten op 'e tillefyzje te sjen. As de elektrisiteit útfalt, giet er nei bûten ta en is er der tsjûge fan hoe't de mimics in tsjinynvaazje fan Londen útfiere, wêrby't de stêd ferwoastge wurdt. Mei't er no begrypt dat it mislearjen fan 'e ynvaazje de definitive nederlaach fan 'e minskheid ynliede sil, smyt Cage him mei nammenste mear oandriuw op syn training.

De fizioenen dy't er meitiid kriget, binne fan in keardaam yn Dútslân, dêr't de omega him yn 'e katakomben ûnder de daam beskûl hâldt. Netiid bringe Cage en Vrataski, mei help fan Carter, in grut tal lussen troch mei út te sykjen wêr't dat krekt is en hoe't se der komme kinne. Mei't Vrataski no al withoefolle dagen de iennichste persoan is mei wa't er echt kontakt hat, begjint Cage gefoelens foar har te krijen. Foar har leit dat hiel oars: sy ken him eltse kear mar ien dei, en se hat mei dêrtroch inkeld belangstelling foar de misje. Meitiid slagget it Cage en Vrataski einlings om by de ynvaazje fan it strân ôf te kommen. Se stelle in efterlitten auto op in útstoarne camping en ride dêrmei it Frânske binnenlân yn oant de benzine op is. Rinnende fine se in boerespultsje dêr't in helikopter stiet foar gewaaksbesproeiïng. Hoe faak oft er it ek besiket, Cage kin gjin mooglikheid fine om Vrataski foarby dat punt te loadsen: as se de helikopter start, lokket dat mimics oan en sy komt eltse kear om yn it gefjocht.

Mei't er syn nocht derfan hat om tasjen te moatten hoe't sy deagiet, betinkt er him yn in nije tiidlus, wêryn't er him al út gewoante wei by har melden hat. As se freget wat er fan har wol, seit er dat er him fersind hat en jout er him ôf. De oare deis wit er allinnich fan it strân te kommen en mei de helikopter de keardaam te berikken. It docht lykwols bliken dat de omega harren te fiter hân hat: it wêzen is net by de keardaam, mar wol in alfa dy't in mûklaach foar Cage opset hat. De alfa besiket him libben yn 'e hannen te krijen om him syn fermogen om 'e tiid werom te setten, ôf te nimmen. Mar Cage ferdrinkt himsels mei opsetsin yn it grûnwetter dat ûnder de daam opsiperet om dat foar te kommen.

Yn 'e folgjende lus leit er syn befinings foar oan Vrataski en Carter. Neffens Vrataski is der no noch mar ien mooglikheid oer. Carter hie in prototype fan in apparaat boud dat kontakt meitsje koe mei it senuwstelsel fan in alfa om sa de lokaasje fan 'e omega gewaar te wurden. It probleem is lykwols dat dat apparaat him ôfpakt is doe't er yn ûngenede foel; it leit no efter slot en skoattel yn in klûs yn it kantoar fan generaal Brigham. As Carter derop wiisd dat se mei dat apparaat noch altyd in alfa sjen moatte te fangen, antwurdet Vrataski dat it mei Cage, dy't de fermogens fan in alfa hat, ek wurkje moatte soe. It kostet tsientallen tiidlussen foar't it Cage en Vrataski slagget om mei súkses it haadkantoar fan it Britsk Ministearje fan Definsje binnen te kringen en noch mear om Brigham safier te krijen dat er harren it apparaat jout.

Neitiid stjoert Brigham lykwols de militêre plysje efter harren oan, sadat se noch mear tiidlussen kwyt binne om te learen hoe't se mei súkses ûntsnappe kinne. As dat op 't lêst slagget, stekt Vrataski ûnder in auto-efterfolging troch de Londenske binnenstêd it apparaat yn Cage syn boppeskonk, wêrnei't er de omega yn it wetter yn in parkearkelder yn Parys sjocht, rjocht ûnder de Glêzen Piramide foar it Louvre. Fuort dêrnei komt de efterfolging ta in abrupte ein as in soldaat yn in meganysk eksoskelet harren auto tsjinkeart. Cage en Vrataski reitsje út 'e tiid, en as Cage wer bykomt, leit er yn in militêr hospitaal, dêr't er krekt in bloedtransfúzje krigen hat en sa syn fermogen om 'e tiid werom te setten ferlern hat.

Cage en Vrataski beseffe dat dit harren alderlêste kâns is om 'e omega út te skeakeljen: as se diskear deageane, bliuwe se gewoan dea. Se ûntsnappe út it militêr hospitaal en rekrutearje Seksje J foar in nachtlike misje nei Parys. De soldaten reitsje al heal oertsjûge fan Cage syn ferhaal om't er alderhanne dingen fan harren wit dy't se him beslist nea ferteld hawwe (ynsafier't se witte), en as blykt dat Vrataski de lieding oer de misje hat, smite se harren gewicht der folslein efter. Oankommen yn Parys offerje de soldaten fan Seksje J harren ien foar ien op om Cage en Vrataski by it Louvre te krijen. As dêr by de yngong nei de kelder in alfa de wacht hâldt, lokket Vrataski dy fuort mei fatale gefolgen foar harsels, om't Cage troch syn seare skonk net drave kin. Cage smyt himsels yn it gat nei de kelder, dêr't er yn it wetter falt en omleech swimt nei de omega. De alfa kriget him te pakken, en trochboarret him mei in tentakel, mar net foar't Cage de pinnen út in hiele gurle mei hângranaten lûkt en de gurle loslit, sadat dy yn it wetter omleech sakket nei de omega. De dêropfolgjende eksploazje deadet de omega, wat de alfa's en gewoane mimics oeral yn 'e wrâld op slach ferswakket om't se gjin sintrale lieding mear hawwe.