Vinita Sandhya (Nita) Strauss (Los Angeles, 7 desimber 1986 is in Amerikaansk gitariste. Nita Strauss is benammen bekend as gitariste fan Alice Cooper. Sûnt july 2022 is se de gitariste by de begeliedingsband fan Demi Lovato.

Karriêre Nita seit dat se fia har heit ôfstammet fan 'e ferneamde Weenske komponist Johann Strauss.[boarne nedich] Se ferliet yntiids de middelbere skoalle om gitariste te wurden. Se gie earst mei in eigen band op in paad, Lia-Fail. Dêrnei wie se fan 2011 oant en mei 2015 gitariste by de Iron Maiden tributeband The Iron Maidens, in band die folslein út froulju bestie. Yn juny 2014 waard Strauss frege om gitariste Orianthi te ferfangen as de toergitarist fan Alice Cooper foar de oerbliuwende shows fan 2014. Se wie de fêste gitariste fan Alice Cooper oant july 2022. In pear dagen nei har fuortgean út band fan Alice Cooper, sleat Strauss har oan by de begeliedingsband fan Demi Lovato as tourgitarist. Yn 2018 brocht Strauss har earste solo album út Controlled Chaos.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesControlled Chaos16 novimber 2018 Sumerian PandemoniumThe Call of the Void7 july 2023 Dead Inside, (mei David Draiman) Summer Storm, (mei Alissa White-Gluz)The Wolf You Feed,Winner Takes All (mei Alice Cooper)

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Part of Me Get It Out2019Altitudes & AttitudeHexenkesselStörtebeker2017FB1964The Power of Metal Compels MeVisions of Speed and Thunder2015Maxxxwell CarlisleKing with a Paper CrownVolume II: Power Drunk Majesty2018Metal Allegiance

Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Amerikaansk hardrockartyst Kategory:Amerikaansk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986