47 Ronin (útspr.: Forty-seven Ronin) is in Amerikaanske histoaryske fantasyfilm en samoeraifilm út 2013 ûnder rezjy fan Carl Rinsch, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Hiroyuki Sanada. De titel ferwiist nei it histoaryske foarfal fan de Sânenfjirtich Ronin dêr't de film (loskes) op ynspirearre is, al fermingt it senario boppenatuerlike eleminten yn 'e plot, sadat 47 Ronin ta it sjenre fan sword and sorcery rekkene wurde kin. It ferhaal giet oer in groep rōnin (masterleaze samoerai) yn it achttjinde-iuwske Japan, dy't beslute de dea fan harren hear te wreekjen, ek al witte se dat se dêrfoar neitiid de deastraf krije sille. 47 Ronin krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat kaam yn oktober 2022 in ferfolchfilm út ûnder de titel Blade of the 47 Ronin.

Plot Yn it achttjinde-iuwske Japan, dat suver hielendal isolearre is fan 'e bûtenwrâld, wurdt yn it domein Akō de healbloedjonge Kai oantroffen, in heal-Japanske, heal-Ingelske ferstjitling fan wa't sein wurdt dat er grutbrocht is troch demoanen. De goede en rjochtfeardige hear Naganori Asano, dy't oer Akō hearsket, wjerhâldt syn samoerai der lykwols fan om 'e jonge te deadzjen, en nimt him ynstee oan as in tsjinstfeint. De wûnen fan Kai wurde fersoarge troch de jonge ienlingsdochter fan hear Asano, de frouwe Mika. Mei't de jierren foarby geane, en Kai en Mika folwoeksen wurde, reitsje se fereale opinoar, ek al wurdt Kai omreden fan syn mingd komôf ferachte troch de samoerai fan hear Asano.

As Akō oandien wurde sil troch Tsunayoshi Tokugawa, de shōgun dy't oer Japan hearsket, stjoert dyselde syn seremoanjemaster foarút om it besyk ta te rieden. Dy seremoanjemaster is hear Yoshinaka Kira, dy't it woltierige Akō foar himsels begearet. Om it te bemachtigjen slút er in ferbûn mei in stalferwikseljende kitsune (in soarte fan heks), Mizuki, dy't ûnthjit om Kira hearsker oer hiele Japan te meitsjen.

Mizuki stjoert in meunster, in kirin, om hear Asano te deadzjen as dy yn it wâld fan Akō op jacht giet. De moardoanslach mislearret lykwols as Asano de konfrontaasje troch tuskenkomst fan syn samoerai oerlibbet. Neitiid hawwe de samoerai der lykwols klauwen oan om it meunster te oerwinnen. Uteinlik komt ien fan harren, Yasuno, allinne en sûnder wapens foar de kirin oer te stean. Syn libben wurdt rêden troch Kai, dy't no as spoarsiker foar hear Asano wurket, en dy't mei de ferlerne katana, it samoeraiswurd, fan Yasuno it meunster deadet. Neitiid is Yasuno net tankber, mar yn ferlegenheid brocht en lulk dat er troch in healbloed rêden is. Kai wurdt ûnderwilens in wite foks gewaar mei ien brún en ien blau each, dy't út it strewelleguod wei tasjocht.

As hear Yasuno en de oare samoerai sjogge dat de kirin deade is mei it swurd fan Yasuno, nimme se oan dat hy dejinge is dy't it meunster ombrocht hat, dat hy wurdt as held ynhelle. Inkeld frouwe Mika sjocht de skamte yn 'e eagen fan Yasuno en beseft dat it meunster oerwûn is troch Kai. As de shōgun en syn entoeraazje arrivearje, merkt Kai in hofdame op, de konkubine fan hear Kira, dy't deselde ferskillend kleure eagen hat as de foks yn it wâld. Hy giet nei Yoshio Oishi ta, de foaroanman fan 'e samoerai fan hear Asano, om him te warskôgjen dat der in heks mank de entoeraazje fan 'e shōgun is, mar Oishi, dy't net folle fan Kai hawwe moat, seit dat inkeld demoanen in heks weromkenne kinne, en wol dan witte oft Kai in demon is.

Letter bewurkmasteret Kira dat der foar it fermaak fan 'e shōgun in duël holden wurde sil tusken syn bêste samoerai en dy fan Asano, dy't yn folslein harnas fjochtsje sille, gesichtsbedekkende maskers ynbegrepen. De bêste samoerai fan Kira is, sûnder dat de oaren it witte, eins in reuseftige golem dy't troch Mizuki ta libben brocht is. Hear Asano set Yasuno yn. Om Asano foar de shōgun oer yn ferlegenheid te bringen, betsjoent Mizuki Yasuno lykwols foar it begjin fan it gefjocht, sadat er neat mear kin en it wol liket as is er smoardronken. Kai en Chikara, de teenagesoan fan Oishi, binne dejingen dy't Yasuno yn dy steat oantreffe. Kai beseft dat er betsjoend is, en om 'e ear fan syn hear te rêden, klaait er himsels yn it harnas fan Yasuno, ek al meie inkeld samoerai dat drage.

Kai wart him duchtich tsjin 'e golem, mar ferliest ûnder it duël syn masker, sadat syn identiteit ûntbleate wurdt. De shōgun wiist derop dat de deastraf stiet op it jin ûnrjochtlik foardwaan as in samoerai, mar as Kai op hannen en knibbels syn holle bûgd om ûnthalze te wurden, smyt frouwe Mika har njonken him del, sadat syn ûnthalzing ek har dea betsjutte soe. Hear Asano freget de shōgun dan om genede en nimt alle skuld op him. De shōgun jout opdracht om Kai in flink wan bruien te jaan, wernei't de samoerai fan hear Asano him mei houtene stokken slane oant er it bewustwêzen ferliest.

Dy nachts betsjoent Mizuki hear Asano, sadat de âldman wekker skrikt en mient dat er syn dochter Mika om help roppen heart om't se ferkrêfte wurdt troch hear Kira. Dwyljendewei falt Asano dan Kira oan en besiket him te fermoardzjen. As er wer ta himsels komt, docht lykwols bliken dat hear Kira rêstich lei te sliepen doe't Asano him, skynber sûnder reden, tenei kaam. Inkeld it yngripen fan 'e samoerai hat foarkomd dat er Kira deadie. Foar dizze ûnútlokke moardoanslach op in hofdignitaris út it gefolch fan 'e shōgun wurdt hear Asano troch de shōgun ta de deastraf feroardiele. Ut respekt foar syn reputaasje wurdt it de âldman lykwols tastien om earfol seppuku (rituele selsmoard) te dwaan, ynstee dat er as krimineel ophongen wurde soe.

Nei de dea fan Asano jout de shōgun sawol Akō as frouwe Mika oan hear Kira, it lân om te bestjoeren en de ealfrouwe om mei te trouwen. Dat houlik kin lykwols pas plakfine nei't Mika in jier hân hat om om har heit te roujen. De samoerai fan hear Asano, dy't no rōnin (masterleas) binne, ferbiedt de shōgun op straffe fan 'e dea om wraak te sykjen foar wat hear Asano oerkomd is. Om't Asano him foar syn dea frege hat en tink om syn dochter en syn domein, oarderet Oishi de oare samoerai om harren wapens del te lizzen. Want as se har no tsjin it gebod fan 'e shōgun oankantsje soene, dan soe hiele Akō dêrûnder lije. Hear Kira hat der lykwols net folle fidúsje yn dat Oishi wurdhâlde sil, en om't er no gjin samoerai mear is en dus net mear beskerme wurdt troch de foarrjochten fan dy maatskiplike klasse, lit er Oishi finzen nimme en yn in djippe put smite om him geastlik te brekken.

In jier letter, as se miene dat se him brutsen hawwe, wurdt Oishi út 'e put helle en frijlitten troch de mannen fan hear Kira. Hy jout him wer by syn frou Riku en soan Chikara, dy't him fertelle dat de rōnin ûnderwilens fersille rekke binne en dat Kai op befel fan Kira as slaaf ferkocht is oan 'e VOC op Dejima. Oishi stjoert Chikara derop út om safolle mooglik fan 'e rōnin gear te bringen, wylst er sels nei Dejima reizget, dêr't er Kai befrijt. Mei in grutte groep rōnin reizgje se nei it doarp Uetsu, dêr't de bêste wapensmidden fan Japan wenje, om oan swurden te kommen (dy't se ommers dellein hiene nei de dea fan hear Asano). Dêr oankommen, blykt it doarp lykwols ûntfolke te wêzen en beset troch de samoerai fan hear Kira. Dêrop liedt Kai harren nei it wâld fan 'e tengu, in mystyk plak dat er as bern ûntflechte is.

De tengu binne in soarte fan demoanen dy't har net mei de minsklike wrâld bemuoie. Unwinske bern wurde op harren gerjochtichheid te fûnling lein, lykas Kai troch syn mem, in fanke dat swier rekke wie nei seksuele omgong mei in Ingelske seeman. De tengu brochten him grut en learden him witwat dingen oer tsjoenderij en fjochterij foar't er útnaaide. Wylst Oishi troch de tengu op 'e proef steld wurdt om syn weardichheid te bepalen, bepraat Kai de lieder fan 'e tengu om 'e rōnin swurden te jaan. Oishi trochstiet de beproeving en hy en Kai keare by de oare rōnin werom mei in lading swurden.

It plan fan 'e rōnin is om hear Kira yn in mûklaach rinne te litten as er ûnderweis is nei it hillichdom fan syn foarâlden om harren seine oer syn oankommend houlik mei frouwe Mika te freegjen. Isogai, de rōnin dy't Oishi derop útstjoerd hie om oan 'e weet te kommen wannear't Kira nei it hillichdom reizgje soe, is ûnderweis lykwols betsjoend troch Mizuki, dat ynstee dat Oishi-en-dy Kira yn in mûklaach rinne litte, wurde se sels yn ien lokke. Tsientallen rōnin komme om as harren flechtrûte ôfsnien wurdt troch in hommels oplôgjend fjoer. Under harren is ien oan wa't Oishi syn katana te lien jûn hie foar't hy en Kai swurden by de tengu hellen. As Mizuki neitiid de katana fan Oishi by it ferkoalde lyk fan 'e man oantreft, nimt se oan dat Oishi dea is, in misferstân dat se ek oan Kira trochjout. Dyselde hat har ûnthjitte litten dat se Mika neat oandwaan sil, mar om't Mizuki likegoed wol fan 'e ealfrouwe ôf wol om't se de iennnichste minneresse fan Kira bliuwe wol, jout se Mika in dagge en fertelt se har oer de dea fan 'e rōnin om har ta selsmoard te manipulearjen.

Underwilens wurdt Kai einlings akseptearre troch de rōnin. Oishi jout ta dat er mis wie doe't er wegere nei Kai syn warskôging oer de heks te harkjen, en Yasuno ûntskuldiget him foar syn hâlden en dragen yn it algemien en om't er mei de ear striek doe't Kai de kirin deade hie. As der in troep artysten foarby tsjocht, dy't ûnderweis binne nei it kastiel fan Kira om in optreden te fersoargjen by it houlik fan hear Kira en frouwe Mika, komt Kai op it idee om 'e rōnin harren foardwaan te litten as leden fan 'e troep om sa it kastiel binnen te glûpen. Oishi bepraat de artysten om harren te helpen. Ear't se ôfsette foar dizze lêste wraam om wraak te nimmen op Kira, dy't sels as se winne mei harren dea einigje sil, skriuwt Oishi harren doel en motiven op, om it fuortbestean fan in betrouber tsjûgenis te bewissigjen. It dokumint wurdt ûndertekene troch Oishi en de oare oerlibjende fjouwerenfjirtich eardere samoerai fan hear Asano, syn soan Chikara en, as sânenfjirtichste, troch Kai.

Oishi en Kai ynfiltrearje mei in stikmannich oare rōnin as leden fan 'e artystetroep op ljochtskyndei it kastiel fan Kira. Nei't it tsjuster wurden is, en de artysten in foarstelling fersoargje dêr't alle eagen op rjochte binne, kringe de oare rōnin it kastiel binnen en romje ien foar ien de skyldwachten fan Kira út 'e wei. Ien oplettende skyldwacht slacht lykwols alaarm, wêrnei't in iepentlike striid ûntbrânt. Mika wit te ûntsnappen oan Kira troch him mei de dagge tenei te kommen dy't Mizuki har jûn hat. De golem fan Kira wurdt troch de rōnin opblaasd mei buskrûd. Oishi efterfolget Kira, dy't yn it kastiel keamer yn, keamer út flechtet om oan him te ûntkommen. As it úteinlik tusken harren ta in gefjocht komt, wurdt Oishi Kira oermânsk en stekt him in dagge yn it weak fan 't liif, wêrnei't er him ûnthalzet, dêrmei de rituele selsmoard fan hear Asano wjerspegeljend. Underwilens hat Kai Mika weromfûn. Mizuki, dy't de foarm fan in draak oannimt, falt harren oan, mar as se Mika deadzje wol, brûkt Kai de mystike krêften dy't er leard hat fan 'e tengu (en dy't er sward hie nea wer brûke te sillen) om har te rêden en de draak te deadzjen. Nei't Oishi mei de ôfsleine holle fan hear Kira út it kastiel nei bûten komt, jouwe de mannen fan Kira de striid oer.