John Miles berne as John Errington (Jarrow, 23 april 1949 - Newcastle upon Tyne, 5 desimber 2021) wie in Ingelsk muzikant. Hy waard yn 1976 wrâldferneamd mei it nûmer Music (was my first love).
Karriêre Op jonge jierren learde John piano en gitaar spyljen. Op syn achttjinde spile er by de band The Influence, o.a met drummer Paul Thompson dy 't letter drummer by Roxy Music waard. Nei it útinoar fallen fan dizze band rjochte John ûnder syn eigen namme in bân op dy't benammen soulcovers brocht. Mar dat waard gjin sukses, en John begûn eigen nûmers te skriuwen. John Miles brocht yn 1976 syn debútalbum Rebel út mei der op de iennichste nûmer 1 hit fan Miles yn Nederlân Music (was my first love). John Miles hat njoggen studio-albums en ien live-album útbrocht.
Om't syn karriêre nei de hit Music stroef ferrûn, wurke John Miles dêrnei as sesjemuzikant foar oare artysten. Sa wie er lange tiid fêste gitarist fan Tina Turner, mar gie ek mei op toernee mei de The Alan Parsons Project, Joe Cocker, Jethro Tull, Fleetwood Mac, Tom Petty, Stevie Wonder en Jimmy Page.
John Miles ferstoar op 5 desimber 2021 yn 'e âldens fan 72 jier oan de gefolgen fan kanker.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht yn Label SinglesRebelmaart 1976DeccaHighfly,Music (was my first love)Stranger in the Cityfebrewaris 1977LondonSlow Down,Remember Yesterday,Manhattan SkylineZaragonmaart 1978DeccaNo Hard FeelingsMore Miles Per HourSympathy (1980 Amerikaanske ferzje)april 1979Can't Keep a Good Man Down,Oh Dear,(Don't Give me Your) SympathyMiles High1981EMITurn Yourself Loose,Reggae ManPlay On1983The Right to Sing,Song for YouTransitionnovimber 1985ValentinoBlinded,I Need Your Love,Upfront1993EMIOne More Day Without Love,What Goes Around,Oh How the Years Go ByTom and Catherine1999Orange
Live-albums Album Utbrocht yn Label John Miles BBC Radio 1 in Concert1992BBC
Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynJohn Miles' Music1982Anthology1993Millennium Edition1999John Miles His Very Best2000The Best of John Miles at the Night of the Proms2009
Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk gitarist Kategory:Ingelsk toetsenist Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Persoan berne yn 1949 Kategory:Persoan stoarn yn 2021