thumb|Simon van Collem (links) rikt Prix de Joke út oan Bert Haanstra (1964) Simon van Collem (Amsterdam, 27 maart 1919 – dêre, 21 juny 1989) wie in Nederlânske sjoernalist en telefyzjemakker dy't him talei op filmsjoernalistyk. Hy wie fan joadsk komôf.
Libben en wurk Van Collem wie yn 'e jierren 1950 wurksum as ferkeapslieder by in filmmaatskippij. Volkskrant rant-redakteur Bob Bertina frege him om in rige artikels te skriuwen oer de histoarje fan de Nederlânske filmyndustry. De searje artikels ûnder de titel Uit de oude draaidoos ferskynde fan 24 desimber 1954 ôf yn de Volkskrant en late yn 1958 ta de útnûging om ûnder de titel De oude draaidoos telefyzjeprogramma's te meitsjen foar de VPRO. Ek skreau Van Collem yn 1959 it boek Uit de oude draaidoos dat nettsjinsteande de smoute anekdoaten en sfearbeskriuwingen jierrenlang as wichtichste boek oer de Nederlânske filmskiednis jilde. Filmhistoarisy oardielden letter dat der ûnderskate ûnkrektichheden yn stiene. Simon van Collem 1919-1989. Eigenzinnig filmpromotor, NRC Handelsblad, 22 juny 1989.
Oant 1970 makke hy syn filmrubryk foar de VPRO. Yn dat jier stapte er oer nei de AVRO dêr't er it programma trochsette ûnder de titel Avroskoop. Yn 1975 makke er de oerstap nei de TROS en waard it programma omdoopt yn Simonskoop.
Van Collem ferstoar yn 1989 yn it harnas troch in hertstilstân by de galapremjêre fan de James Bondfilm Licence to Kill yn de Amsterdamske bioskoop Theater Tuschinski, krekt nei 't er Bond-akteur Timothy Dalton ynterviewd hie.
Priveelibben Van Collem hjitte yn de Twadde Wrâldoarloch as (joadske) ûnderdûker 'Eugène de Winter' en skreau nei de oarloch it boek Eus ontdekt West-Friesland. Hjiryn beskriuwt er syn ûnderdûktiid yn Noard-Hollân boppe it IJ. René van Collem, Heroïne godverdomme: zijn biografie, Kosmos Uitgevers, Utrecht/Antwerpen, 2014. .
Hy is de heit fan René van Collem (drummer van Doe Maar) en Pim van Collem (wurksum as filmprodusint en - distributeur).
Bibliografy Uit de oude draaidoos, De Bezige Bij, Amsterdam, 1959. Sterren kijken (Zwarte Beertjes-rige), A.W. Bruna & Zoon, Utert, 1965. De sterren kunnen me nog meer vertellen, BZZTôH, De Haach, 1988, .
Trivialiteiten Van Collem hie cameo's yn de films An American Werewolf in London (1983), Flodder (1986) en Amsterdamned (1988). Yn Almere - Filmwyk is in strjitte nei him ferneamd, de Simon van Collemstraat
Kategory:Nederlânsk filmkritikus Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:VPRO-wurknimmer Kategory:AVRO-wurknimmer Kategory:TROS-wurknimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 1989