thumb|De Prix de Joke De Prix de Joke wie in beleaning fan de bêste grap fan it ôfrûne jier, útrikt op 1 april fan it nije jier. De priis op himsels wie in 31sm brûnzen kopy fan de Loeres fan Zandvoort, op in sokkel fan marmer.

De priis waard útrikt troch it Nasjonaal 1-april Genoatskip, fan 1963 ôf. De earst kear wie dit om half alve op it stêdhûs fan Zandvoort. Dêrnei wie der in krânslizzing by de Loeres. Op de ein fan de dei wie der dan in diner mei de winner(s). Yn de rin fan de tiid is lykwols net alles itselde bleaun. Nei de dea fan Van Tetterode yn 1996, kaam it per slot ta in ein.

Betinksten Foar grappen dy't faaks prix-wurdich binne, moast in tal fan betinksten jilde: It moast orizjineel wêze It moast wier grappich wêze It moast wier yn de neamde perioade yn Nederlân plak fûn hawwe It moast wier útfierd wêze troch de grapmakker De grap mocht net kwetse Leden fan de sjuery of fan it kommitee koenen de priis net krije.

Takinning Winners fan de Prix de Joke wienen, ûnder oaren: Bert Haanstra foar sy film Alleman. 1964 Wijnand J. Maat. 1965 Leden fan Veritas foar it ferwikseljen yn Brunssum by it haadkertier fan de NAFO, fan dy harren flagge foar harren eigenes. 1967 De kommandant fan Brunssum krige in miniatuer fan de Loeres ta treast. Farce Majeur. 1967 Piet Muyselaar en Willy Walden / Snip en Snap foar harren praktyske humor foar 33 jier. 1970 Winner moppen-tapperstaptoe, fernikkelde Loeres (brûnzen Loeres fan 11sm op marmer sokkel). 1970 Theo Dol en Frits Bom foar it blêd Spreek'Buis. 1971 Dit is it ynterne bledsje fan de omroppen yn Hilfertsom. Sylvain Poons krige in eare-Loeres. 1972 NOS foar harren humor yn die. 1972 André van Duin. 1976 Jos Brink eare-Loeres foar syn wurk op toniel en tillefysje. 1982 Martin van Amerongen / Ir. H.A. Schuringa, foar syn "practical jokes". 1982 Van Amerongen wegere de takenning lykwols, om't er net tegearre mei Jos Brink neamd wurde woe. Wouter Lap, foar humor yn byld. 1982 Prins Bernhard, foar syn brede glimp. 1982 Paul van Vliet. 1985 Griente- en fruithandel Van Den Berg (Zandvoort) dy't in synapelbeam hie dêr't men fan hearre koe hoe't de synapels waaksen. Barry Huges John Lanting Danny Kaye

Bysûndere takinning Prins Bernhard, dy't op safaarje in Sebra sjoen hie mei de strepen horizontaal.

In tal priiswinners

Kategory:Nederlânske kultuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1963 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 1996