Briedern is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Briedern heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de rjochter kant fan de Mûzel.
Skiednis Briedern waard yn 1275 foar it earst neamd. De yn deselde tiid boude Servatiustsjerke wie mei de Servatiusboarne eartiids in beafeartsplak. Bekend is dat yn de jierren 1466, 1493en 1499 foar de beafeart nei Briedern ôflaten ferliend waarden.
Yn 1595 waard Briedern oanfallen troch Anton Langhaar, dy't syn kweade praktiken útfierde fanút syn thúsbasis yn Kastellaun yn de Hunsrück. De ynwenners fan Briedern wisten lykwols goed tsjin him stân te hâlden. Fan 1794 ôf foel Briedern ûnder Frânsk bewâld. Yn 1814 waard it plak by it Kongres fan Wenen tawiisd oan it Keninkryk Prusen. Dielen fan it doarp waarden yn 1945 troch besjittings ferwoaste. Sûnt 1946 makket Briedern diel út fan de doetiids nij oprjochte dielsteat Rynlân-Palts.
It besjen wurdich 15e-iuwske Servatiustsjerke mei 13e-iuwske romaanske toer; Servatius-boarne.
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts