The Sum of All Fears is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Phil Alden Robinson, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Morgan Freeman. De titel betsjut "De Optelsom fan Alles om Benaud foar te Wêzen". De film waard basearre op 'e roman mei deselde titel fan Tom Clancy, en is in reboot fan 'e Jack Ryan-filmsearje, mei in jongere Jack Ryan as haadpersoan as yn 'e foargeande films fan dy rige. It ferhaal folget Ryan, in spesjaal agint fan 'e CIA, as er in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en Ruslân sjen moat foar te kommen. Ynfloedrike neonazys besykje sa'n konflikt út te lokjen om in faksistyske supersteat yn Jeropa foarmje te kinnen. The Sum of All Fears krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot Yn 1973, ûnder de Jom Kippoeroarloch, stjoert Israel in strieljager tarist mei de iennichste atoombom dêr't it lân oer beskikt, om 'e Syryske haadstêd Damaskus te bombardearjen. It fleantúch wurdt lykwols troch it Syryske loftdoelgeskut op 'e Golanhichte delsketten. De bom komt dêrby net ta ûntploffing, rekket bedobbe ûnder de grûn en wurdt fergetten. Yn 2002 stjit in Syryske skroatkeapman by tafal op 'e bom. Hy beseft net wat it is en ferkeapet it ding op 'e swarte merk oan Olson, in gewisseleaze Súdafrikaanske wapenhanneler. Olson, dy't persiis wit wat er yn 'e hannen hat, ferkeapet it ding troch oan 'e organisaasje fan 'e Eastenrykske miljardêr Richard Dreßler.
Dyselde hat in gearwurkingsferbân witten te smeien fan neonazygroepen út in grut tal Jeropeeske lannen. Yn ien fan syn taspraken seit Dreßler: "Der wurdt wol sein dat Hitler gek wie. Mar Hitler wie net gek, hy wie dom. Hy woe tagelyk de Feriene Steaten en Ruslân befjochtsje. De keunst is om 'e Feriene Steaten en Ruslân inoar befjochtsje – en ferneatigje – te litten." As dat ienris syn beslach krigen hat, binne Dreßler-en-dy fan doel om in faksistyske supersteat yn Jeropa op te rjochtsjen, dêr't se de hiele wrâld mei oerhearskje kinne.
Underwilens hâlde presidint fan 'e Feriene Steaten J. Robert Fowler, syn adviseurs, syn kabinet en de generale stêf fan 'e Amerikaanske Striidkrêften in oefening wêrby't neispile wurdt dat de Russyske presidint Zorkin by in steatsgreep ôfset wurdt en in lossleine Russyske generaal in nukleêre oanfal op 'e Feriene Steaten útfiert. Koarte tiid letter komt Zorkin te ferstjerren oan in hertoanfal, wêrnei't er opfolge wurdt troch Aleksander Nemerov, in politikus dy't him hâldt en draacht as in politike hauk. Jack Ryan, in analist fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't Nemerov yngeand bestudearre hat, is fan miening dat Nemerov eins in herfoarmer is en dat er him inkeld foardocht as in hauk om 'e stipe fan 'e Russyske Striidkrêften te winnen.
Bill Cabot, de direkteur fan 'e CIA, nimt Ryan op yn 'e delegaasje wêrmei't er in Russyske fasiliteit ynspektearret dêr't yn neilibbing fan it START I-ferdrach in diel fan it Russyske nukleêre wapenarsenaal ferneatige wurdt. De reis omfiemet ek in besyk oan it Kremlin yn Moskou, dêr't Cabot en syn assistinten, ûnder wa, Ryan, in moeting hawwe mei Nemerov en dy syn persoanlike assistint, de âld-KGB-spion Anatoly Grûsjkov. De Russyske presidint freget Cabot om in boadskip fan him oan presidint Fowler oer te bringen: ynminging fan 'e Feriene Steaten yn 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch sil net tolerearre wurde.
By it besyk oan 'e wapenfasiliteit merkt Ryan op dat trije fan 'e Russyske wittenskippers op it mêd fan nukleêr wapenreau dy't dêr oanwêzich wêze moatte soene, eins misse. Grûsjkov, dy't de Amerikaanske delegaasje begeliedt, seit dat de iene siik is, wylst de twadde mei fakânsje is en de trêde koartby dearekke is by in auto-ûngemak. Underweis nei hûs ûntfangt Cabot lykwols ynformaasje fan in ynformant fan sines yn it Kremlin, dy't de koadenamme "Spinnaker" hat. Dyselde wol hawwe, de trije wittenskippers binne net siik, op fakânsje en dea. Ynstee binne se útpykt en hawwe de Russen gjin idee wêr't se úthingje. By oankomst yn 'e Feriene Steaten stjoert Cabot ien fan syn bêste mannen, John Clark, nei Ruslân om ûndersyk nei de kwestje te dwaan.
Underwilens sit Ryan by syn nije freondinne, sikehûsdokter Cathy Mueller, yn it ferdomhoekje om't er troch alle beslach dy't de CIA op syn frije tiid leit al ferskate kearen in ôfspraakje ôfsizze moatten hat. Hy hat har noch neat oer syn wurk ferteld om't er twifele oer de earnst fan harren relaasje. Cabot makket it noch minder mei in grap yn it neidiel fan Ryan, troch him oan te rieden har te fertellen dat er geheim agint by de CIA is en ûnderweis is foar in besyk oan presidint Nemerov yn it Kremlin, wat Cathy fansels opfettet as hat Ryan de gek mei har. Cabot makket it goed troch Ryan in pear tagongskaartsjes foar it jierlikse White House Correspondents' Dinner te jaan, dêr't de Amerikaanske presidint tradisjoneel ek by oanwêzich is. It slagget Ryan om 'e skea oan syn relaasje te behimmeljen, mar healwei de jûn moatte hy, de presidint en eltse CIA-man en regearingsfunksjonaris yn 'e seal de gearkomste ferlitte as de Russen in gifgasoanfal útfiere op Grozny, de haadstêd fan Tsjetsjeenje.
Ryan leaut der neat fan dat Nemerov dêrfoar ferantwurdlik is, en fermoedet dat ekstreem-rjochtse eleminten yn it Russyske Leger efter de oanfal sitte, dy't Nemerov foar in foldongen feit stelle wolle. Hy bringt dy teory op it aljemint, mar it flierkleed wurdt him ûnder de fuotten weilutsen as Nemerov in taspraak yn 'e Steatsdûma hâldt, it Russyske parlemint, wêrby't er mei safolle wurden seit dat hysels befel jûn hat ta de oanfal. Sadree't Nemerov bûten it sicht fan 'e kamera's is, docht lykwols bliken dat Ryan gelyk hie: ûntefreden generaals hawwe de gifgasoanfal op eigen manneboet bewurkmastere, mar Nemerov is fan miening dat er dat net tajaan kin sûnder swak te lykjen. Hy jout Grûsjkov opdracht om 'e beide ferantwurdlike generaals foargoed ferdwine te litten. Yn Washington, D.C. beslút Fowler om as reäksje op 'e gifgasoanfal de ûnôfhinklikheid fan Tsjetsjeenje te erkennen en in fredesmacht te stjoeren om 'e Tsjetsjenen en de Russen útinoar te hâlden. Wannear't Nemerov troch in adviseur frege wurdt wat er dêrtsjin dwaan sil, antwurdet er kâldwei: "Neat."
Yn 'e tuskentiid hat Clark it spoar fan 'e trije missende wittenskippers folge nei in âlde, ferlitten Sovjetbasis yn 'e Oekraïne. Cabot fermoedet dat se dêr wurkje oan 'e bou fan in nukleêr wapen dat troch Ruslân tsjin 'e Feriene Steaten ynset wurde kin sûnder dat Ruslân derfoar ferantwurdlik holden wurde kin. Hy stjoert Ryan nei de Oekraïne om Clark by te stean by in ynfiltraasje fan 'e basis, mar as de beide CIA-mannen dêr binnenkringe, docht bliken dat se te let binne. Se treffe der inkeld de stoflike omskotten fan 'e trije wittenskippers oan, dy't fermoarde binne, mar de bom dêr't se oan wurken is poater. In kiste mei in opskrift yn Hebriuwsk skrift liedt Clark nei Israel. Underwilens docht bliken dat de bom nei de Kanaryske Eilannen flein is, om dêrwei per frachtskip nei de haven fan Baltimore, yn 'e Feriene Steaten, ferfierd te wurden.
Tsjin 'e tiid dat dat oan it ljocht komt, is Ryan al werom yn 'e Feriene Steaten. Hy besiket wanhopich om kontakt op te nimmen mei Cabot, mar dy is mei presidint Fowler by in Amerikaansk fuotbalwedstryd oanwêzich, dêr't de lûde muzyk en it jûchhei fan it publyk kommunikaasje oer de mobile tillefoan suver ûnmooglik makket. Op 't langelêst kriget Ryan Cabot dochs oan it ferstân dat de bom nei Baltimore ta brocht is, en dat er sels no per helikopter ûnderweis is nei de haven fan dy stêd om dêr it spoar wer op te pikken. As Cabot dat heart, wurdt er rare kjel, want de wedstryd dêr't hy en Fowler by oanwêzich binne, blykt ek yn Baltimore spile te wurden. Cabot lit fuortendaliks de presidint evakuëarje troch de Secret Service, wêrnei't se ûnder plysjebegelieding yn in pânsere limûsine mei âljende de sirenes de stêd út jeie. Se binne amperoan Baltimore út as de bom ôfgiet en it hiele stedssintrum fan 'e kaart faget. It konfoai mei de presidint wurdt troch de skokweach fan 'e dyk blaast en de helikopter mei Ryan deryn stoart del.
Helikopters fan it Amerikaanske Marinierskorps spoare it presidinsjeel konfoai op en rêde Fowler, dy't wûnder boppe wûnder inkeld wat skrammen en blauwe plakken oprûn hat. Cabot wurdt lykwols swierferwûne ôffierd. Om't men derfan útgiet dat de bomoanslach it dwaan fan 'e Russen is, wurdt de presidint mei syn neiste ûnderhearrigen en adviseurs yn it presidinsjeel fleantúch Air Force One laden en de loft yn stjoerd om as mobyl doelwyt minder maklik te reitsjen te wêzen. Oan board fan 'e fleanmasine spilet him in werhelling ôf fan 'e oefening dy't Fowler-en-dy earder holden, mar dan yn it echt, mei folle mear betizing en emoasjes fan alle belutsenen. Fowler nimt serieus yn omtinken om Ruslân oan te fallen mei nukleêre wapens.
Underwilens besiket yn Moskou presidint Nemerov út alle macht de sitewaasje te ûntsenuwjen troch oer de hotline kontakt mei Fowler op te nimmen en eltse belutsenens fan Ruslân by de oanslach te ûntstriden. De Amerikanen leauwe him lykwols net, wylst syn eigen generaals Nemerov ûnder druk sette om as earste ta te slaan en sa it Amerikaanske fermogen om Ruslân te treffen sa folle mooglik út te skeakeljen. De boel boazet noch fierder oan as de korrupte Russyske generaal Dûbinin, dy't him omkeapje litten hat troch Dreßler-en-dy, de piloaten op syn loftmachtbasis befel jout om in Amerikaanske fleandekskip yn 'e Noardsee oan te fallen om't de Feriene Steaten Moskou bombardearre hawwe soene. De piloaten dogge wat harren sein wurdt en it fleandekskip feroaret troch de ferrassingsoanfal yn omdriuwkeljend wrak dat stadichoan útbrânt.
Ryan, dy't de helikoptercrash nauwerneed oerlibbe hat, jout him ûnderwilens yn Baltimore by in team fan it Amerikaanske Leger dat mei radiografysk bestjoerbere robots ûndersyk docht nei it aard fan 'e bom dy't dêr brûkt is. Oan 'e hân fan 'e isotopyske skaaimerken wurdt fêststeld dat it plutoanium út 'e bom ôfkomstich is út in Amerikaanske kearnsintrale, dêr't it yn 1968 stellen is. Dat liket Ruslân frij te pleitsjen fan ferantwurdlikheid, mar net as de KGB efter de dieverij fan it plutoanium siet, fansels. Ryan spoart Cabot op yn in fjildhospitaal yn Baltimore en is by him as er ferstjert. Neitiid nimt er fia tekstberjochten oer de mobile tillefoan fan Cabot kontakt op mei de ynformant "Spinnaker" yn Moskou, dy't er nei it plutoanium freget. "Spinnaker" antwurdet dat it plutoanium troch de CIA sels stellen is om it oan Israel te jaan.
Clark is ûnderwilens fia Israel op it Syryske diel fan 'e Golanhichte arrivearre, dêr't er de helper fan 'e skroathanneler opspoart, in man dy't no oan strielingssykte lijt. Dyselde fertelt him wêr't de bom weikaam en dat se dy oan in Súdafrikaanske wapenhanneler ferkocht hawwe dy't Olson hjit en yn Damaskus wennet. De kollega's fan Ryan yn it CIA-kantoar yn Langley (Firginia) hacke de persoanlike kompjûter fan Olson en downloade dokuminten dêr't út blykt dat Dreßler dejinge is dy't it plutoanium út 'e âlde bom kocht hat om der de oanslach yn Baltimore mei te begean.