Piet Schrijvers (Jutphaas, 15 desimber 1946 – Ermelo, 7 septimber 2022) wie in Nederlânsk proffuotballer en fuotbaltrainer.
Karriêre Hy wie in doelman dy't ûnder oare by FC Twinte, Ajax, PEC Zwolle en it Nederlânsk alvetal ûnder de latte stie. Schrijvers krige yn syn karriêre tal fan bynammen dy 't net allegearre like kompliminteusk wiene. De bekendste wiene De Beer van de Meer, De Bolle van Zwolle en Het Lek fan PEC.
Nei 't er ophâlden wie as doelman waard Schrijvers yn 1985 de assistint fan trainer Co Adriaanse fan PEC Zwolle. Yn 1987 waard er haadtrainer fan FC Wageningen. Nei 't er by Wageningen dien krige, waard er keeperstrainer by FC Twinte en FC Utrecht. Yn 1991 waard er trainer fan Earste difyzjonist T.O.P. út Oss. Yn 1994 wist hy mei AZ hast nei de earedifyzje te promovearjen. Ut ûnfrede mei it oanlûken fan technysk manager Theo Vonk, levere er yn novimber 1994 syn kontrakt by AZ yn. Fan 1995 oant 1996 wie er trainer fan PEC Zwolle. Letter wie er noch keeperstrainer fan PSV, keeperstrainer fan de nasjonale ploech fan Saûdy-Araabje, trainer fan it Arûbaanske SV Dakota en trainer fan ferskate Nederlânske amateurklups. Syn lêste put wie it trainen fan FZO út Seist, dêr't hy yn 2009 kampioen mei waard.
Piet Schrijvers ferstoar op 7 septimber 2022 yn 'e âldens fan 75 jier oan de gefolgen fan Sykte fan Alzheimer.
Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk fuotbaltrainer Kategory:Persoan berne yn 1946 Kategory:Persoan stoarn yn 2022