Sanna Mirella Marin (Helsinki, 16 novimber 1985) is in Finske politika en fan 10 desimber 2019 oant 20 juny 2023 premier fan Finlân.

Marin is lid fan de Sosjaaldemokratyske Partij fan Finlân en waard yn 2018 foar dy partij minister fan Ferkear en Transport. Nei it ôftreden fan Antti Rinne as premier waard Marin op 8 desimber 2019 keazen as nije lieder fan de sosjaaldemokraten. Marin waard dêrtroch op har 34ste premier fan Finlân en dêrmei de jongste premier ea fan it lân. Finland anoints Sanna Marin, 34, as world's youngest serving prime minister The Guardian, 9 desimber 2019.

Neidat hja yn april 2023 de parlemintsferkiezingen ferlear (har partij waard tredde yn tal sitten) kundige se oan om fuort te gean út de polityk, letter dat jier. Op 20 juny yn dat jier waard se as premier opfolge troch Petteri Orpo. Yle (20 juny 2023) Goed twa moanne letter trede se ek ôf as partijlieder.

Keppeling om utens Sanna Marin

Kategory:Finsk politikus Kategory:Finsk parlemintslid Kategory:Premier fan Finlân Kategory:Finsk sosjalist Kategory:Finsk feminist Kategory:Finsk miljeu-aktivist Kategory:Persoan berne yn 1985