Ahsoka Tano is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in Togruta dy't Jedi-ridder wurdt ûnder it mentorskip fan Anakin Skywalker. De geastlike heiten fan it personaazje wiene Star Wars-betinker George Lucas en regisseur Dave Filoni. Ahsoka waard yn 2008 yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en kearde werom yn seizoen 2 oant en mei 5 fan 'e dêropfolgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Letter kearde se jitris werom yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dêr't se de koadenamme Fulcrum brûkte. Alle kearen waard de dialooch fan Ahsoka ynsprutsen troch stimaktrise Ashley Eckstein, dy't as sadanich ek in stimcameo hie yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.

Ahsoka is ek de protagoniste fan 'e nei har ferneamde roman Star Wars: Ahsoka, wêrfoar't Eckstein de audioboekferzje foarlies. As live-actionpersonaazje makke Ahsoka har debút yn it twadde seizoen fan 'e Disney+-tillefyzjesearje The Mandalorian, wêryn't har rol spile waard troch aktrise Rosario Dawson. Dyselde kroep fannijs yn 'e hûd fan it personaazje foar in gastrol yn 'e searje The Book of Boba Fett, en se sil ek de titelrol fertolkje yn in oan Ahsoka Tano wijde minysearje dy't op steapel stiet, mei as titel Ahsoka. Hoewol't de mienings fan sawol kritisy as fans yn 't earstoan ferdield wiene oer Ahsoka, ûntjoech se har meitiid ta in wiere favoryt fan 'e fans, en waard se oanwiisd as in "sterk froulik personaazje" en in posityf rolmodel foar famkes.

Untwikkeling Ahsoka Tano waard yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), as de nije padawan (learling) fan 'e jonge Jedi-ridder Anakin Skywalker. The Clone Wars wurdt yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-franchise pleatst tusken de beide lêste dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy yn. De bedoeling fan it nije personaazje wie om sjen te litten hoe't it kin dat Anakin him ûntjûn hat fan 'e ympulsive, ûndissiplinearre padawan dy't er noch is yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) ta de mear reservearre Jedi-ridder út Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Ahsoka waard ûntwikkele troch Star Wars-betinker George Lucas en Dave Filoni, de regisseur fan 'e Star Wars: The Clone Wars, dy't yn 2014 yn in fraachpetear sei dat er noch altyd beskermjende nigings hie foar it personaazje fan Ahsoka oer. It tapartsjen fan 'e ferantwurdlikheid foar in eigen padawan wie bedoeld om Anakin yn in rol te pleatsen dy't him twong om foarsichtiger te wurden en mear nei te tinken oer de konsekwinsjes fan syn dieden. Hy kriget dêrtroch ek ynsjoch yn syn eigen relaasje mei syn eardere master Obi-Wan Kenobi, sadat sjen litten wurde kin hoe't harren ûnderlinge bân ripet.

Ferskinings As tekenfilmfiguer Yn Star Wars: The Clone Wars (film) Ahsoka Tano waard foar it earst yn 'e Star Wars-franchise yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn 'e bioskopen útbrocht waard. De film spilet yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Op 'e planeet Christophsis binne Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn eardere learling (padawan) Anakin Skywalker mei in beheind kontingint kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn 'e benearing rekke troch de oermacht fan 'e fijân. Harren fersiken om fersterking bliuwe ûnbeäntwurde om't har kommunikaasje mei it legerhaadkertier op Coruscant steurd wurdt troch de fijân.

Underwilens wurdt Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, ûntfierd troch ûnbekenden, en Jabba freget de Jedi Oarder om help. Grutmaster Yoda en master Mace Windu twifelje hokker beskie se dêrop jaan sille, mar kânselier Palpatine wiist derop dat de Republyk net sûnder de goede wil fan 'e Hutts kin om't dyselden de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje. Dit is neffens him in útlêzen kâns om dy goede wil te bemachtigjen. Der wurdt besletten dat Obi-Wan en Anakin stjoerd wurde sille, mei't (foarsafier't men op Coruscant wit) de striid op Christophsis yn it foardiel fan 'e Republyk besljochte is. Der wurdt in in boadskipper stjoerd om 'e nije opdracht oer te bringen. Dy boadskipper is Ahsoka.

Ahsoka is in jonge Togruta dy't op 'e planeet Shili berne is en omreden fan har Krêftgefoeligens al tige jong nei Coruscant stjoerd is om dêr ta Jedi oplaat te wurden yn it haadkertier fan 'e Jedi Oarder. Troch Yoda is se no útornearre om 'e earste padawan fan Anakin te wurden. Mei't se oan 'e jonge kant is foar in padawan, is har der alles oan gelegen om harsels te bewizen. As dúdlik wurdt dat Obi-Wan en Anakin foarearst gjin fersterkings hoege te ferwachtsjen, beslute se harren swierrichheden sels op te lossen. Wylst Obi-Wan him by wize fan mûklist oerjout oan 'e fijân om tiid te rekken, ynfiltrearje Anakin, dy't syn nije padawan mar mei tsjinnichheid akseptearret, en Ahsoka it fijannige haadkertier, dêr't se it enerzjyskyld sabotearje dat it fijannige leger beskermet tsjin 'e swiere laserkanonnen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk. Tsjin 'e tiid dat Yoda mei de fersterkings arrivearret, hat Loathsom syn leger oerjûn, wylst Ahsoka it respekt fan Anakin wûn hat.

Neitiid krije Anakin en Ahsoka opdracht om der tegearre foar te soargjen dat de ûntfierde Rotta mei syn heit weriene wurdt. It docht al rillegau bliken dat de ûntfiering út 'e koker komt fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious (dy't yn it geheim it alter ego is fan 'e freonlike kânselier Palpatine). De ûntfiering is in middel om 'e Hutts tsjin 'e Jedi op te stokeljen en sa it Grutte Leger fan 'e Republyk it gebrûk fan 'e hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te ûntsizzen. Sidious syn trewant greve Dooku hat de ûntfiering beävensearre en stiet yn kontakt mei Jabba de Hutt, dy't er besiket te manipulearjen.

Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden. Dy wurde oanfierd troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan greve Dooku. Se witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje, de planeet dêr't Jabba de Hutt wennet. Underwilens hat Ventress lykwols opnamen witten te meitsjen fan Anakin en Ahsoka mei de lytse Rotta, wêrby't it bûten de kontekst om krekt liket as binne de Jedi ferantwurdlik foar de ûntfiering. Anakin syn fersuchting op krekt dat momint, dat er in grouwéligen hekel oan Hutts hat, makket it plaatsje kompleet dat greve Dooku oan Jabba toane wol. De gangster lûkt de bedoelde konklúzjes en jout syn trewanten opdracht om 'e Jedi te fermoardzjen.

By harren oankomst by Tatooine wurdt it romteskip fan Anakin en Ahsoka delsketten troch de trewanten fan greve Dooku. Anakin, Ahsoka en R2-D2 begjinne mei Rotta geandefoets in tocht troch de woastyn nei it paleis fan Jabba. Om't se swierrichheden ferwachtsje, betinkt Anakin in mûklist, wêrby't hy en Ahsoka útinoar geane. Hy lit it foarkomme as hat hy de jonge Hutt by him, mar as Dooku him oanfalt en sy beiden in duël mei de ljochtsabels útfjochtsje, docht úteinlik bliken dat de koer op syn rêch leech is. Eins is Rotta by Ahsoka en R2-D2, mar as dyselden deun by it paleis fan Jabba binne, wurde se opwachte en oanfallen troch de trije robotliifwachten fan Dooku. Nei't Dooku him dat op selsfoldiene wize ferteld hat, stelt Anakin Dooku syn glydmotor, dêr't er him op nei it paleis fan Jabba hastiget. Hy riidt Ahsoka-en-dy lykwols straal foarby om't sy yn harren gefjocht fan it paad ôf rekke binne. Oankommen by it paleis wurdt Anakin daliks finzen nommen troch de trewanten fan Jabba.

Ahsoka wit lang om let de liifwachten fan Dooku op eigen krêft te ferslaan, ek al binne it drege tsjinstanners en hat se sels frijwol gjin ûnderfining mei sokke dingen. Se bringt de jonge Rotta nei it paleis fan Jabba, dêr't de Hutt einlings weriene wurdt mei syn soan. Nettsjinsteande dat jout Jabba befel dat Anakin en Ahsoka terjochtsteld wurde moatte foar de belutsenens fan 'e Jedi by de ûntfiering. Op dat stuit ferskynt senator Padmé Amidala fan Naboo, dy't yn it geheim mei Anakin troud is, lykwols yn holografyske foarm foar de troan fan Jabba, en bringt oan him út dat de wiere ferantwurdliken foar de ûntfiering greve Dooku en Jabba syn eigen omke Ziro de Hutt binne. Dêrop lit Jabba Anakin en Ahsoka gean en stimt er ek yn mei in ferdrach dat de romteskippen fan 'e Jedi Oarder en it Grutte Leger fan 'e Republyk frije trochtocht biedt troch de dielen fan it Stjerrestelsel dy't troch de Hutts behearske wurde.

Yn Star Wars: The Clone Wars (tekenfilmsearje) Ahsoka Tano is mei Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi ien fan 'e haadpersoanen yn seis fan 'e sân seizoenen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), wêrfan't de film mei deselde namme eins de pilotôflevering wie. Se is yn 'e searje in padawan-kommandant fan it 501e Legioen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk en set de oplieding ta Jedi fuort dy't se fan Anakin ûntfangt. Sy en Anakin reitsje geandewei tige opinoar steld en nimme sadwaande bytiden slimme risiko's om inoar te rêden. Guon fan 'e dingen dy't Anakin út noed oer Ahsoka docht, wize foarút nei syn fal ta de tsjustere kant fan de Krêft as Darth Vader, dy't oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen plakfine sil. Sa martelet er, as se fermist rekket, ferskate finzenen om út te finen wêr't se fêstholden wurdt.

Ahsoka kriget ek in mentorskipsrelaasje mei kaptein Rex, in kloanofsier yn it 501e Legioen, en mei de Kel Dor-Jedi-master Plo Koon, dy't har ferskate kearen tsjin harsels yn beskerming nimt. Yn in ferhaalline yn it fyfde seizoen wurdt Ahsoka de skuld op 'e lea skood foar in bomoanslach en in dêropfolgjende moard, wêrfoar't se troch de Hege Jedi Ried út 'e Jedi Oarder set wurdt om foar berjochting oerdroegen te wurden oan 'e boargerlike autoriteiten fan 'e Galaktyske Republyk. Hoewol't Plo Koon foar har opkomt yn it berie fan 'e Jedi Ried, wurdt er troch oare leden oerstimd, yn 't bysûnder Mace Windu, Saesee Tiin en Ki-Adi-Mundi. Letter bringt Anakin oan it ljocht dat eins Ahsoka har freondinne, de padawan Barriss Offee, ferantwurdlik is foar de misdieden. Windu-en-dy besykje it dan goed te meitsjen troch har rehabilitaasje oan te bieden, mar dat wiist Ahsoka desyllúzjonearre fan 'e hân. Ynstee beslút se yn 'e lêste ôflevering fan seizoen 5, ta ûntsetting fan 'e leden fan 'e Jedi Ried, út 'e Jedi Oarder te stappen.

Yn it sânde en lêste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars keart Ahsoka werom en is se de haadpersoan yn twa fan 'e trije trochrinnende ferhaallinen. Se is belutsen by de striid op Mandalore, dêr't se de eardere Sith-ridder Darth Maul ferslacht en finzen nimt. Maul bringt oan har út dat syn eardere master, de Sith-master Darth Sidious, fan doel is om Anakin oer te heljen nei de tsjustere kant fan 'e Krêft en him ta syn nije learling te meitsjen. Hy biedt oan om tegearre mei Ahsoka te besykjen om dat tsjin te kearen, mar Ahsoka leaut him net en fermoedet dat it om in falstrik giet. Underweis nei Coruscant wurdt se fia de Krêft gewaar dat Anakin yn 'e swierrichheden sit, mar se hat net foar it ferstân dat er al ferfallen is ta it kwea en Sidious, dy't eins kânselier Palpatine is, holpen hat om Mace Windu te fermoardzjen.