Star Wars: The Clone Wars is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2008 ûnder rezjy fan Dave Filoni, mei yn 'e haadrollen Matt Lanter, Ashley Eckstein en James Arnold Taylor. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: De Kloane-oarloggen". Star Wars: The Clone Wars wie de earste lange tekenfilm yn it ramt fan 'e Star Wars-mediafranchise, mar hy heart net ta de Skywalker Saga, de haadrige fan live-actionfilms. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars folget Star Wars: The Clone Wars op 'e live-actionfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en giet er foarôf oan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).
It ferhaal spilet oan it begjin fan 'e Kloane-oarloggen. De Sith-ridder greve Dooku en Ziro de Hutt, de omke fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, bewurkmasterje de ûntfiering fan Jabba syn jonge soan Rotta, dêr't se de Jedi de skuld foar op 'e lea skowe wolle yn in besykjen om Jabba en de Jedi tsjininoar op te setten en sels better te wurden fan it resultearjende konflikt. Wylst Jedi-master Obi-Wan Kenobi en senator Padmé Amidala fan Naboo allebeide, los faninoar, op ûndersyk útgeane, besykje Jedi-ridder Anakin Skywalker en de krekt oan him tawiisde padawan Ahsoka Tano om it bern wer by syn heit werom te bringen.
Star Wars: The Clone Wars krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes omreden fan 'e animaasjestyl en de opbou fan 'e plot. Hoewol't de film de leechste opbringst fan alle Star Wars-films hie, fertsjinne er yn 'e bioskopen dochs it achtfâldige fan syn produksjekosten. Star Wars: The Clone Wars fungearre teffens as pilotôflevering foar in tekenfilmsearje dy't ek Star Wars: The Clone Wars hiet, en wêrfan't de útstjoering twa moannen nei de premiêre fan 'e film úteinsette op 'e tillefyzjestjoerder Cartoon Network.
Plot Yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels jouwe Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn eardere learling (padawan) Anakin Skywalker lieding oan in beheind kontingint kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn 'e striid op 'e planeet Christophsis. Troch de oermacht oan oarlochsandroïden en oare gefjochtsrobots fan it leger fan 'e separatistyske generaal Whorm Loathsom reitsje se yn 'e benearing. Harren fersiken om fersterkings bliuwe ûnbeäntwurde om't har kommunikaasje mei it legerhaadkertier op Coruscant steurd wurdt troch de fijân.
Underwilens wurdt Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, ûntfierd troch ûnbekenden, en Jabba freget de Jedi Oarder om help. Grutmaster Yoda en master Mace Windu twifelje oer it beskie dat se op dat fersyk jaan moatte, mar kânselier Palpatine wiist derop dat de Republyk net sûnder de goede wil fan 'e Hutts kin om't dyselden de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje. Dit is neffens him in útlêzen kâns om dy goede wil te bemachtigjen. Der wurdt besletten dat Obi-Wan en Anakin stjoerd wurde sille, mei't (foar safier't men op Coruscant wit) de striid op Christophsis yn it foardiel fan 'e Republyk besljochte is. Der wurdt in boadskipper stjoerd om 'e nije opdracht oer te bringen.
Dy boadskipper is Ahsoka Tano, in jonge Togruta, dy't troch Yoda útornearre is om 'e earste padawan fan Anakin te wurden. As sy op Christophsis arrivearret, is de sitewaasje dêre bot oanboaze. Generaal Loathsom hat in enerzjyskyld boppe syn leger aktivearre, sadat de swiere laserkanonnen fan it Leger fan 'e Republyk syn troepen net mear treffe kinne. De Jedi witte einlings foar in lyts hoartsje kontakt te krijen mei har haadkertier, wêrnei't Yoda daliks mei fersterkings ôfset nei Christophsis. Wylst Obi-Wan him by wize fan mûklist oerjout oan generaal Loathsom en besiket tiid te rekken, ynfiltrearje Anakin, dy't syn nije padawan mar mei tsjinnichheid akseptearre hat, en Ahsoka, dy't graach bewize wol dat se âld genôch is om padawan te wurden, it fijannige haadkertier en sabotearje it enerzjyskyld. As Loathsom Obi-Wan finzen nimme lit en mei de dea bedriget, skeakelet Obi-Wan mei gemak de liifwachten fan 'e fijannige kommandant út en nimt dan Loathsom sels finzen. Tsjin 'e tiid dat Yoda mei de fersterkings arrivearret, hat Loathsom syn leger oerjûn, wylst Ahsoka it respekt fan Anakin wûn hat.
Neitiid kriget Obi-Wan fan Yoda opdracht om nei Tatooine te gean om mei Jabba de Hutt te ûnderhanneljen oer in mooglik ferdrach tusken de Hutts en de Galaktyske Republyk, en om út te sykjen wa't der efter de ûntfiering fan Rotta sit. Underwilens moatte Anakin en Ahsoka der tegearre foar soargje dat it jonkje mei syn heit weriene wurdt. It docht al rillegau bliken dat de ûntfiering út 'e koker komt fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious (dy't yn it geheim it alter ego is fan 'e freonlike kânselier Palpatine). De ûntfiering is in middel om 'e Hutts tsjin 'e Jedi op te stokeljen en sa it Grutte Leger fan 'e Republyk it gebrûk fan 'e hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te ûntsizzen. Sidious syn trewant greve Dooku hat de ûntfiering beävensearre en stiet yn kontakt mei Jabba de Hutt, dy't er besiket te manipulearjen.
Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden. Dy wurde oanfierd troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan greve Dooku, dy't teffens Dooku syn ynformele Sith-learlinge is. Anakin, Ahsoka en R2-D2 witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje. Obi-Wan, dy't gjin dien wurk meitsje kin oangeande de oerienkomst mei Jabba salang't dy syn soan net rêden is, hastiget him efter Anakin-en-dy oan nei Teth, dêr't er in kloft kloansoldaten helpt by de ferovering fan it kleaster en Ventress ferslacht yn in duël mei de ljochtsabel. Hoewol't it har slagget en ûntkom, is har misje fierhinne op in mislearring útrûn. Wol hat se lykwols opnamen witten te meitsjen fan Anakin en Ahsoka mei de lytse Rotta, wêrby't it bûten de kontekst om krekt liket as binne de Jedi ferantwurdlik foar de ûntfiering. Anakin syn fersuchting op krekt dat momint, dat er in grouwéligen hekel oan Hutts hat, makket it plaatsje kompleet dat greve Dooku oan Jabba toane wol. De gangster lûkt de bedoelde konklúzjes en jout syn trewanten opdracht om 'e Jedi te fermoardzjen.
Underwilens behellet kânselier Palpatine alias Darth Sidious mei opsetsin senator Padmé Amidala fan Naboo yn 'e sitewaasje. Sy is yn it geheim mei Anakin troud, eat dêr't Palpatine fan op 'e hichte is, mar de Jedi Oarder net. As Padmé heart fan 'e nuodlike misje fan Anakin en syn nije padawan, sit se yn noed oer syn feilichheid. Dêrom beslút se kontakt op te nimmen mei Ziro de Hutt, de omke fan Jabba, dy't op Coruscant wennet. Dat is in noch walchliker figuer as Jabba sels, en hy wegeret Padmé te wurd te stean om't er, sa seit er, derfan oertsjûge is dat de Jedi foar de ûntfiering fan syn âldomkesizzer Rotta ferantwurdlik binne. Hy lit Padmé mei geweld út syn wente ferwiderje, mar Padmé is de roboatyske útsmiter te fluch ôf en giet wer nei binnen ta. Dêr trappearret se Ziro wylst dyselde mei in holografysk oanwêzige greve Dooku oerleit. Ut it petear docht sûnder romte foar misferstannen bliken dat Ziro mei Dooku-en-dy ûnder ien tekken skûlet. Syn bedoeling is om Jabba tsjin 'e Jedi op te setten, sadat er harren begjint te fermoardzjen; dêrop sille de Jedi perfoarst Jabba útskeakelje, wat it paad klearret foar de oername fan it liederskip fan harren Hutt-clan troch Ziro.
Ear't se mei dy ynformaasje ûntkomme kin, wurdt Padmé ûntdutsen en finzen nommen. Greve Dooku seit dat der lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels binne dy't har mar al te graach fan Ziro keapje wolle. Padmé manipulearret de robots dy't har sipiers binne lykwols ta it beäntwurdzjen fan in tafallige oprop fan 'e androïde C-3PO op har comlink. Dêrtroch slagget it har om in warskôging te jaan. C-3PO falt net folle letter de wente fan Ziro binnen mei in peloton kloansoldaten, dy't koarte metten meitsje mei de trewanten fan Ziro en de grouwe Hutt sels arrestearje. Ziro komt dan oan mei it ferhaal dat er inkeld oan 'e gearspanning meidien hat om't er dêrta mei deadsbedrigings twongen waard troch Dooku.
By harren oankomst by Tatooine wurdt it romteskip fan Anakin en Ahsoka delsketten troch de trewanten fan greve Dooku. Anakin, Ahsoka en R2-D2 begjinne mei Rotta geandefoets in tocht troch de woastyn nei it paleis fan Jabba. Om't se swierrichheden ferwachtsje, betinkt Anakin in mûklist, wêrby't hy en Ahsoka útinoar geane. Hy lit it foarkomme as hat hy de jonge Hutt by him, mar as Dooku him oanfalt en sy beiden in duël mei de ljochtsabel útfjochtsje, docht úteinlik bliken dat de koer op syn rêch leech is. Eins is Rotta by Ahsoka en R2-D2, mar as dyselden deun by it paleis fan Jabba binne, wurde se opwachte en oanfallen troch de trije robotliifwachten fan Dooku. Nei't Dooku him dat op selsfoldiene wize ferteld hat, stelt Anakin Dooku syn glydmotor, dêr't er him op nei it paleis fan Jabba hastiget. Hy riidt Ahsoka-en-dy lykwols straal foarby om't sy yn harren gefjocht fan it paad ôf rekke binne. Oankommen by it paleis wurdt Anakin daliks finzen nommen troch de trewanten fan Jabba.
Ahsoka wit lang om let de liifwachten fan Dooku op eigen krêft te ferslaan, ek al binne it drege tsjinstanners en hat se sels frijwol gjin ûnderfining mei sokke dingen. Se bringt de jonge Rotta nei it paleis fan Jabba, dêr't de Hutt einlings weriene wurdt mei syn soan. Nettsjinsteande dat jout Jabba befel dat Anakin en Ahsoka terjochtsteld wurde moatte foar de belutsenens fan 'e Jedi by de ûntfiering. Op dat stuit ferskynt Padmé lykwols yn holografyske foarm foar de troan fan Jabba, en bringt oan him út dat greve Dooku en syn eigen omke Ziro de wiere ferantwurdliken binne. Jabba wurdt fan har ferhaal oertsjûge as se him sels mei Ziro prate lit, dy't no ien en al triennen en berou is. Dêrop lit Jabba Anakin en Ahsoka gean en seit er ta dat Ziro, as dy oan him oerdroegen wurdt, swier straft wurde sil. Yn tankberens oan 'e Jedi, dy't net inkeld syn soan mar ek himsels rêden hawwe, stimt er yn mei in ferdrach dat de romteskippen fan 'e Jedi Oarder en it Grutte Leger fan 'e Republyk frije trochtocht jout troch de dielen fan it Stjerrestelsel dy't troch de Hutts behearske wurde. Underwilens rapportearret greve Dooku it mislearjen fan 'e gearspanning oan Darth Sidious, dy't him der lykwols fan bewissiget dat it oarlochstij noch altyd yn harren foardiel giet.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Jedi-ridder Anakin Skywalker Matt Lanter padawan Ahsoka Tano Ashley Eckstein Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor
byrollen personaazje akteur/aktrise Jedi-master Yoda Tom Kane kaptein Rexluitenant-kolonel Codyalle oare kloansoldaten Dee Bradley Baker greve Dooku Christopher Lee senator Padmé Amidala Catherine Taber Asajj Ventress Nika Futterman Jedi-master Mace Windu Samuel L. Jackson kânselier Palpatine / Darth Sidious Ian Abercrombie Ziro de Hutt Corey Burton ferteller Tom Kane Jabba de Hutt Kevin Michael Richardson Rotta de Hutt David Acord C-3PO Anthony Daniels R2-D2 nimmen (lûdseffekten) admiraal Yularen Tom Kane generaal Whorm Loathsom Corey Burton 4A-7, in spion James Arnold Taylor TC-70, de protokolandroïde fan Jabba de Hutt Nika Futterman KRONOS-327, in hiermoardner Corey Burton alle oarlochsandroïden Matthew Wood
Produksje en distribúsje Produksje