Ewoks: The Battle for Endor is in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan 'e bruorren Ken en Jim Wheats. It is in science fiction-aventoerefilm foar bern mei yn 'e haadrollen Aubree Miller en Warwick Davis. De titel betsjut "Ewoks: De Striid om Endor". De film wie de twadde fan 'e beide Ewoks-films dy't mids 1980-er jierren makke waarden as spin-offs fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy,. Ewoks: The Battle of Endor is dêrmei it ferfolch op Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en heart ta de Star Wars-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e mediafranchise wurde de foarfallen yn 'e film pleatst foarôfgenade oan dy yn Return of the Jedi.

Yn 'e film, dy't likernôch in healjier nei de foarfallen yn Caravan of Courage spilet, is de minsklike húshâlding Towani noch altyd strâne op 'e Boskmoanne Endor, dêr't de reparaasjes oan harren romteskip stadich foarderje. Wannear't in binde plonderders it doarp fan 'e pleatslike Ewoks oanfalt, komme de Towani's harren freonen te help. Jeremitt en Catarine en harren soan Mace komme yn it gefjocht om, wylst de seisjierrige Cindel mei gâns Ewoks finzen nommen wurdt. Inkeld sy en har freon Wicket witte te ûntsnappen. Neitiid fine se beskûl by Noa Briqualon, in oare minske dy't ek op Endor strâne rekke is. Ewoks: The Battle for Endor waard foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd mei Thanksgiving 1985. It wie ien fan twa films dy't yn 1986 de Emmy Award foar bêste special effects takend krigen. Oars as it gefal is by Caravan of Courage binne hjoeddeistige resinsjes foar Ewoks: The Battle for Endor oer it algemien licht posityf.

Plot Likernôch in healjier nei de befrijing fan Jeremitt en Catarine Towani fan 'e Gorax (sjoch: Caravan of Courage: An Ewok Adventure) is de húshâlding Towani noch altyd strâne op Endor, in moanne fan 'e gasreus Tana. De reparaasjes oan it romteskip binne lykwols hast klear. Wylst it gesin risselwearret om Endor te ferlitten, wurde harren freonen, de Ewoks fan it Doarp fan 'e Ljochte Beammen, oanfallen troch in binde Sanyassanen, minskaap-eftige reptilen, dy't op plondertocht binne. Dyselden steane ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume hear Terak en syn minsklike, heks-eftige tsjoenster Charal. By de striid om it doarp komme gâns Ewok om, en itselde lot treft Catarine Towani en har fyftjinjierrige soan Mace.

De seisjierrige Cindel Towani flechtet nei it romteskip, dêr't har heit Jeremitt ûnderwilens finzen nommen is. De Sanyassanen skuorre de enerzjysel út it skip, en wylst se dêrtroch ôflaat binne, wit Jeremitt te ûntsnappen. Hy en Cindel ferskûlje harren yn it wâld, mar Charal, dy't troch har magyske ring it fermogen hat om harsels te feroarjen yn in raven, spoart harren op en makket de efterfolgjende plonderders opmerksum op har oanwêzigens. Jeremitt offeret syn libben op om 'e efterfolgers op te hâlden, sadat Cindel ûntkomme kin, mar hja wurdt neitiid likegoed finzen nommen. Se wurdt by in kloft finzen Ewoks yn in koai op in karre set. Mank de Ewoks is ek har bêste freon Wicket. Underweis werom nei it kastiel fan Terak witte de Ewok-finzenen in pear planken yn 'e bûkberje fan 'e karre los te krijen. It dêrtroch ûntstiene gat is te lyts foar de folwoeksen Ewoks, mar de jonge Wicket en Cindel passe der moai troch.

Wicket en Cindel flechtsje it wâld yn, efterfolge troch in pear Sanyassanen. As de beammen ophâlde en in rotseftige berch begjint, klimme se dêrby op. De efterfolgers, dy't harren oanhâldend ûnder fjoer nimme, feroarsaakje dêrmei in rotslawine dy't harrensels de dea kostet. Wicket en Cindel sykje beskûl yn in grot, wêrfan't de yngong troch deselde rotslawine tichtset wurdt. Se fine in oare útgong, dy't lykwols útsicht biedt op in djippe ôfgrûn. Mei stikken hûd en bonken dy't er yn 'e grot fynt, bout de fernimstige Wicket in primitive deltafleaner, mar hy makket dêrby de reden wekker dat der hûd en bonken yn 'e grot lizze: in kondordraak, dy't Cindel grypt en mei har fuort fljocht. Wicket set de efterfolging yn mei syn deltafleaner en troch in grouwe stien op 'e kop fan it reptyl falle te litten, wit er de kondordraak safier te krijen dat dy Cindel loslit. Wicket kin Cindel opfange troch mei de deltafleaner in dûkflecht yn te setten, dy't lykwols einiget yn in needlâning en de ferneatiging fan 'e fleaner.

Cindel en Wicket binne no yn in folslein ûnbekend part fan it grutte wâld bedarre, dêr't se yn in holle beam de nacht trochbringe. De oare moarns moetsje se dêr Teek, in yntelligint wêzen ter grutte fan in Ewok, dat lânseigen is op Endor. It kin sa fluch drave, dat it foar it each net nei te kommen is. Wicket sjocht it wêzen earst benammen as dief, mar Cindel slút daliks freonskip mei Teek, dy't harren nei in hûs yn it wâld ta liedt. Dêr blykt er te wenjen mei Noa Briqualon, in âldere minsklike man dy't lang lyn ek troch skipbrek op Endor fêstkommen is te sitten.

Noa is sjegrinige âld knar, mar efter syn boazige, ûnferskillige fasade giet in iensume man mei in grut hert beskûl. As er Cindel en Wicket yn syn wente oantreft, bonsjoert er harren der daliks út. As se dêrnei by him foar de doar bivakkearje, hjit er Teek om harren beslist gjin iten te bringen, wittende dat er dêrmei in idee yn 'e holle fan syn lytse selskipsman plantet dêr't dyselde gjin wjerstân oan biede kin. Letter, as Cindel en Wicket in kampfjoer stoke, dwêstget Noa dat mei in amer wetter en hjit er har beiden dat fjoer yn 'e iepen hurd thúsheart. Dat as se sa graach fjurkestoke wolle, dan moatte se der mar yn komme om dat yn 'e hurd te dwaan. Mar de oare moarns moatte se drekt opsokkebalje. As Cindel dy nachts wekker skrikt fan in nachtmerje, treastget Noa har en lit har fierder yn syn eigen bêd sliepe, wylst er sels foar de hurd lizzen giet. De oare deis komt er mei in pear sliepsekken oan foar syn útfanhûzers.

In dei letter folgje Cindel en Wicket Noa as er der foar de dei op út giet, om't se nijsgjirrich binne wêr't er altyd hinne giet. It docht bliken dat Noa syn dagen trochbringt by syn delstoarte romteskip, dêr't er nei al dy jierren noch altyd mei omprutst. As er syn lytse efterfolgers trappearret om't Wicket ien fan 'e fâlen aktivearret dy't Noa om it romteskip hinne oanlein hat, leit er harren út dat hy en syn maat Salik lang ferlyn as jongemannen harren planeet ferlieten om op aventoer te gean. Op 'e earste reis rekke harren skip al stikken en stoarten se del op Endor. Salik is der jierren en jierren lyn op útgien om in nije enerzjysel te sykjen, sadat se it skip wer oan 'e praat krije kinne, mar hy is nea weromkommen, en Noa moat no sa njonkelytsen wol oannimme dat er omkommen is.

Yn it kastiel fan 'e Sayassanen besiket Charal ûnderwilens de enerzjysel út it romteskip fan 'e Towani's te aktivearjen troch it útsprekken fan toverspreuken. Terak hat it him yn 'e holle helle dat er hearsker oer it hielal wurde sil as er mar ûntdekke kin hoe't er "de krêft" yn 'e enerzjysel behearskje moat. As de spreuken neat úthelje, oarderet er Charal om te sjen dat se de ûntsnapte Cindel by him bringt, mei't it bern grif witte moat hoe't de krêft wurket. Dat op in moarn wurdt Cindel wekker trochdat se yn it wâld immen in ferske sjongen heart dat har mem foarhinne foar har song. As se op ûndersyk útgiet, ûntdekt se in jonge frou dy't har by har ropt, mar dan ynienen feroaret yn Charal en har ûntfiert nei it kastiel fan Terak. Dyselde leit har de enerzjysel foar en oarderet har om "de krêft" te aktivearjen. It famke besiket him út te lizzen dat dat sa net wurket, mar hy wol net nei har harkje. Dêrop lit er har yn 'e tsjerkers fan syn kastiel yn in koai by de Ewoks finzen sette. Terak bedriget Charal mei de dea as se Cindel net oan 'e praat kriget, en set har fêst yn in koai njonken Cindel harres. Ut in petear tusken Charal en Cindel docht bliken dat Terak syn healwize ideeën oer 'de krêft' ûntliend hat oan 'e ynformaasje fan in eardere minsklike finzene: Salik. As Cindel freget wêr't dy bedarre is, wiist Charal har op in bonkerak dat noch altyd mei keatlings oan 'e muorre fêst sit.

Underwilens folgje Noa, Wicket en Teek it spoar fan Charal en Cindel nei it kastiel fan Terak, dat se ûngemurken witte te ynfiltrearjen. Nei't se in pear kear op in hier nei ûntdutsen binne, kringe se troch ta de tsjerkers, dêr't Teek mei syn wetterflugge bewegings de beide kaartspyljende sipiers tsjininoar op set, sadat se inoar fan falskspyljen beskuldigje en inoar dea sjitte. Cindel en de Ewoks wurde út har koaien befrijd, mar as Charal Wicket besiket oer te heljen om har ek frij te litten, pakt Cindel him de kaaien ôf en smyt se fuort. Noa brûkt springstof om in gat yn 'e bûtenmuorre te blazen, wêrnei't hy, Cindel, Teek en de Ewoks út it kastiel ûntkomme mei by harren de enerzjysel.

Terak hellet Charal út har sel en lit har harsels feroarje yn in raven om syn mannen efter de ûntsnapte finzenen oan te lieden. Mar ear't se ôfset, pakt er har de magyske ring ôf, sadat se harsels inkeld wer yn in frou feroarje kin as se by him weromkomt. De Sanyassanen efterfolgje Noa, Cindel, Teek en de Ewoks alhiel nei it romteskip fan Noa ta. Dêr besykje de Ewoks harren efterfolgers tsjin te kearen mei it grutte ferskaat oan fâlen dat Noa dêr troch de jierren hinne boud hat, wylst Noa mei de help en Cindel de enerzjysel yn it skip ynstallearret. De Ewoks hâlde moedich stân, mar wurde hast ferslein foar't Noa einlings it skip oan 'e praat kriget. Dêrnei meitsje de laserkanonnen fan it skip fluch wurk fan 'e plonderders. As Wicket yn 'e benearing rekket, komt Cindel him te help, mar hja wurdt finzen nommen troch Terak. Mei't de oerlibbenen fan syn trewanten op 'e flecht slein binne, besiket er it famke út te wikseljen foar de enerzjysel. Hy en Noa reitsje slaande deilis. As Terak Noa driget te deadzjen, rekket in stien dy't smiten wurdt troch Wicket de magyske ring dy't Terak oan in koarde om 'e hals draacht. De ring wurdt aktivearre, mar ynstee dat Terak yn in oare foarm feroaret, ferbaarnt er fan binnenút oant der inkeld in ferkoalle lyk oer is. Dat is ek de ein fan 'e ring, mei as gefolch dat Charal no foargoed in fûgel bliuwe moat.

Net folle letter set Cindel mei Noa ôf yn syn no wer funksjonele romteskip, nei't se mei triennen yn 'e eagen ôfskied nommen hawwe fan Wicket, Teek en de Ewoks.

Rolferdieling

haadrollen personaazje            akteur/aktrise Cindel Towani Aubree Miller Wicket Warwick Davis

byrollen personaazje akteur/aktrise Noa Briqualon Wilford Brimley Teek Niki Botelho Charal Siân Phillips hear Terak Carel Struycken Jeremitt Towani Paul Gleason Mace Towani Mace Towani Charal as jonge, blûne frou Marianne Horine Deej Daniel Freshman Widdle Tony Cox Shodu Pam Grizz Terak syn ûnderbefelhawwer Roger Johnson kaartspyljende plonderder #1 Michael Pritchard kaartspyljende plonderder #2 Johnny Weissmuller jr. Ewok op krukken Matthew Roloff

Produksje en distribúsje Produksje Ewoks: The Battle for Endor waard regissearre troch Ken en Jim Wheats nei in senario fan harrensels op basis fan ideeën fan Star Wars-betinker George Lucas. Ken Wheats fertelde yn 2000 yn in fraachpetear mei de webside TheForce.net, dat Lucas syn belutsenens by de ûntwikkeling fan it skript beheind bleaun wie ta twa gearkomsten fan elts twa oeren, wêryn't hy en de bruorren Wheats oan it brainstormen wiene. Wheats sei dêroer: